Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Earste Wrâldkriich

De Earste Wrâldkriich (1914 - 1918) wie in kriich om it machtlykwicht yn hiel Jeropa. Sa'n 9 miljoen soldaten sneuvelen yn de striid en nochris 23 miljoen waarden ferwûne, wylst 5 miljoen boargers stoaren as gefolch fan militêre aksjes, honger en sykte. Miljoenen oaren stoaren as gefolch fan genoside, wylst de Spaanske gryppandemy fan 1918 slimmer waard troch de ferpleatsing fan militêren yn de oarloch.

Earste Wrâldkriich

Kaart
Dielnimmende lannen. De alliearden yn it blau, de sintralen yn it swart.

Kaart
Detailkaart fan Jeropa. De alliearden yn it grien, de sintrale mogendheden yn it roze en de neutrale lannen yn it giel.

Datum 1914-1918
Stee Wrâldwiid
Oanliedings
  • Frânske wrok nei de ferlerne Frânsk-Dútske Kriich en it dêrby hearrende ferlies fan Elzas-Lotharingen.
  • Ferdraggen dy’t in ‘sniebaleffekt’ feroarsaken.
  • De moardoanslach op de Eastenrykske kroanprins Frans Ferdinand.
Machtsferhâldings
Wichtichste Alliearden
Britske Ryk

Frankryk

Itaalje (1915–18)

Russyske Ryk (1914–17)

Feriene Steaten (1917–18)
Militêre Slachtoffers: 5 miljoen
Sintralen
Bulgarije (1915–18)

Dútske Keizerryk

Eastenryk-Hongarije

Ottomaanske Ryk
Militêre Slachtoffers: 4-9 miljoen
Gefolgen

De Earste Wrâldkriich waard útfochten op de fronten:

  1. De Balkan: Eastenryk-Hongarije tsjin Servje;
  2. Itaalje, Isonzo, Brennerpas: Dútslân en Eastenryk-Hongarije tsjin Italjaanske, Britske en Frânske ienheden;
  3. Palestina, Gaza, Syrje, Jeruzalem, Egypte, Suezkanaal: Turken tsjin Britske troepen;
  4. Mesopotaamje en de woastinen fan Irak en Araabje: hjir fochten Turkske ienheden tsjin Britske en Yndyske troepen ûnder lieding fan û.o. de legindaryske Lawrence of Arabia;
  5. It Eastfront: fan de Baltyske See (Estlân, Letlân, Poalen) ôf oant de Swarte See (Turkije) Dútslân-Eastenryk-Prusen-Hongarije tsjin Ruslân. Ruslân slút frede nei de Oktoberrevolúsje;
  6. Turkije, Dardanellen, skiereilân Gallipoli: Turken tsjin Austraaljers en Nij Seelanners tegearre mei Britske en in lytser tal Frânske troepen;
  7. De Dútske koloanjes yn Afrika (Tanzania, Rwanda en Boerûndy) wienen net by steat om folle ferset te bieden oan Frânske, Britske en Súd-Afrikaanske troepen;
  8. De Dútske gebieten yn Sina en de Grutte Oseaan waarden binnenfallen troch de Japanske, Britske en Australyske legers;
  9. Op see: de Kaiserliche Marine waard troch de Dútske keizer Willem II yn de havens holden, útsein fan de Slach by de Doggersbank yn 1915 en de Seeslach by Jutlân yn 1916. Nei de twadde seeslach jout Willem it befel ta weromlûken hoewol’t de Dútske ferliezen heal sa grut wiene as de Ingelske. Sadwaande joech hy de seehearskippij oan Grut-Brittanje. Wichtige details: Grut-Brittanje krige yn de oarloch in protte ekonomyske en humanitêre help út it neutrale USA. Nei ôfkundiging fan in 'folsleine' dûkboatoarloch troch Dútslân tsjin de fijân en de neutralen, en de ûndergong fan inkele Amerikaanske passazjiersskippen, waard ek de USA yn it konflikt belutsen op 6 april 1917. Pas in jier letter, yn de maaitiid fan 1918, kamen der werklik Amerikaanske troepen op Jeropeeske grûn. De grutte kanonnen út de Dútske oarlochsskippen waarden oerbrocht nei it westfront en de Belgyske kust. (>Domein Raversijde), dêr’t se betsjinne waarden troch Dútsers, dy’t op see nutteleas wurden wiene;
  10. It Westfront: fan Nieuwpoort yn Belgje oant Basel yn Switserlân: Grut-Brittanje, mei troepen út it hiele Gemienebest lykas Ierlân, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Pakistan, Yndia, Súd-Afrika, ensfh.; Frankryk oanfold mei troepen út Frânske koloanjes út Noard- en Midden-Afrika en Aazje; Belgje mei in oanfolling fan Kongoleeske soldaten, tsjin Dútslân-Eastenryk-Prusen.

It bekendste en wichtichste front rint fan de Belgyske dunen yn Nieuwpoort en De Panne oant de Frânsk-Switserske grins yn Bazel. De kuststreek waard ferdigene oan Belgyske side, fan Nieuwpoort fierder nei it suden by De Panne lâns oan de Frânske kusten ta. Oan Dútske side, fan Nieuwpoort nei it noarden oant Seelân en de Nederlânske grins ta. De Nederlânske grins wie fjider folslein ôfsletten mei ûnder stroom setten stikeltried oant yn de omkriten fan Venlo. Nederlân wie yn de oarloch neutraal en ûnbeset.

Belangrike kenmerken fan dizze oarloch wienen:

Dêrby makke de ûnfrede ûnder de Dútsers oer de ôfrin fan de oarloch (twongen herstelbetellings en slimme beheining fan de legermacht) de aspiraasjes fan Adolf Hitler en syn nazipartij, wat úteinlik mei de oanlieding wie ta de Twadde Wrâldkriich.

De casus belli foar de oarloch wie de moard op Frans Ferdinand, troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije, en syn frou Sophie Chotek yn Sarajevo troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. De wiere oarsaken leinen lykwols djipper.

It machtslykwicht

bewurkje seksje

Yn it begjin fan de 20e iuw bestie yn Jeropa in wankel machtslykwicht dat troch in oantal foarfallen ûndermine waard:

  • It Britske regear besleat om by in Frânsk-Russysk bûngenoatskip oan te sluten. Dat beslút waard stipe troch de eangst dat Dútslân troch syn fleatútwreiding de Britske oermacht op see teneate dwaan koe. Dútslân seach him hjirtroch as slachtoffer fan in tsjin him rjochte gearspanning;
  • Dêrop folgen Dútske en Eastenryksk-Hongaarske útdagings oan de Ingelsk-Frânske- Russyske 'Triple Entente';
  • De Dútsers hienen soargen oer hoe rap Ruslân de nederlaach tsjin Japan yn 1905 en de dêrop folgjende revolúsjonêre ûnrêst oerkaam;
  • Tagelyk bloeiden yn de Balkansteaten krêftige nasjonalistyske ambysjes op, dêr't men diplomatike stipe by socht by oan de iene kant Dútsklân en Eastenryk en oan de oare kant Ruslân. De Pan-Slavisten woenen Russyske stipe oan de Slavyske folken ûnder Eastenrykske hearskippij. Yn gebieten as Sloveenje, Sileezje en Bohemen ûntstie in een sterk Slavysk-nasjonalistysk besef, wat op syn bar eangst en fijânskip by de Dútsers oprôp. De earste pan-Germaanske en antisemityske bewegings stutsen de kop op (dat it sie fan it nasjonaal-sosjalisme waard al yn de 19e iuw siedde);
  • Der ûntstie in tsjinréaksje op de Ferljochting fan de 19e iuw. Oarloch waard troch nasjonalisten, sosjaal-darwinisten, militêren en oare groepen sjoen as "suvering". Troch oarloch soe de sterkste kultuer - de eigen kultuer - oerwinne, en soenen "syktes" as feminisme, homoseksualiteit en frijmitselderij útband wurde. Oarloch waard troch guon dus as remeedzje tsjin maatskiplike kwalen sjoen;
  • Yn tsjinstelling ta Frankryk en Grut-Brittanje, hie Dútslân kwalik koloanjes, wat it lân in leger prestiizje joech, yn de eagen fan guon smertlik leger. Ynvestearrings yn de koloanjes smieten net daliks in protte winst op, mar neffens de doe hearskjende opfettings yn Dútslân lei it grutte foardiel yn de behearsking fan de hannelsstreamen en de privilegisearre tagong ta grûnstoffen en ôfsetmerken. De Dútsers sels seagen it as in "efterstân". Dútslân wie de letkommer, oan wa’t gjin "plak ûnder de sinne" gund waard;
  • Grut-Brittanje hie neat op mei it Dútske stribjen nei mear koloniale macht, om't dat sjoen waard as in oantaasting fan de Britske macht;
  • Dútslân hie it sterkste lânleger fan’e wrâld; algemien hienen de Dútsers de oertsjûging dat in mooglike oarloch wol yn in Dútske oerwinning einigje moast. De measte nasjonalistyske groepearings hopen dêrom op in konflikt en ek oaren dy’t dêr net op út wienen, fielden meastal net de needsaak in oarloch abslút te foarkommen;
  • Grut-Brittanje seach yn de fersterking fan de Dútske float in drekte bedriiging;
  • Frankryk socht in kâns op revâns om it yn 1870 ferlerne Elzas-Lotharingen op Dútslân werom te feroverjen;
  • De ferskillende bûngenoatskippen wienen net sterk, earder swak te neamen. En Dútslân en Ruslân, de sterkere partijen, lieten harren beide liede troch harren swakkere bûnsmaten Eastenryk en Servje, om dy net te ferliezen;
  • Mobilisaasjes wienen kwalik werom te draaien. Troch de minne kommunikaasje wienen militêre plannen tige rigide, en "elke dei wachtsjen betsjutte 15 kilometer gebietsferlies". Dêrtroch gie it inisjatyf fan de politisy oer nei de militêren;
  • Hjirmei kaam it kiezen foar oanfallen tichterby. De earste klap wie ommers in daalder wurdich;
  • Eastenryk-Hongarije wie slim ferswakke. De Dûbelmonargy wie troch Itaalje en Prusen fernedere, wie troch de Ausgleich fan 1868 hast yn twaen splitst, en socht kompensaasje fia de Balkan. De anneksaasje fan Bosnje en Herzegovina yn 1908 wie hjir in foarbyld fan. In maklike oerwinning op Servje soe bewize dat Eastenryk-Hongarije noch altyd in grutte mogendheid wie;
  • Bulgarije en Turkije fielden harren nei de Balkanoarloggen bot fernedere en tekoart dien. Elke kâns om mei Servje, Roemeenje, Grikelân en (foar Turkije) eventueel Ruslân ôf te rekkenjen wie fan herte wolkom. It wie ek in kwestje fan, lykas Itaalje en Roemeenje, mei de meastbiedende side mei te gean. Dit droech by oan in útwreiding fan de oarloch.

Jeropeeske dominânsje

bewurkje seksje
 
It lemieren fan de dei yn de Tredde Slach om Ieper (12 oktober 1917)

It Ottomaanske Ryk keas yn de earste wrâldkriich de kant van Dútslân, Eastenryk-Hongarije en Itaalje yn de Triple alliânsje. Dit wie foar it Ottomaanske ryk in fatale kar. De Britten seagen fan it begjin ôf al it Ottomaanske ryk as de swakke keat fan de alliânsje. Yn 1915 besochten de Ingelsken om’e nocht in direkte oanfal op it Ottomaanske Ryk te dwaan. Omdat dy mislearre wie, besochten de Ingelsken op in soad oare manieren de Turken út de oarloch te stjitten. Ien fan dy manieren wie it opstoken fan in revolúsje yn it Ottomaanske ryk. Hjirfoar waard it Arabysk nasjonalisme ekstra oanwakkere. De Arabieren libben nammentlik ûngefear 400 jier sûnder problemen ûnder Ottomaanske ûnderdrukking, oant de jonge Turken dy’t oan’e macht kommen wienen it iuwenâlde rezjym oanpasse woene oan de Turkske noarmen en wearden. De Britten fûnen hjiryn in bûnsgenoat yn Sharif Hussein Ibn Ali, de sharif fan Mekka. In soad tige leauwige moslims leauwe dat hy de wiere erfgenamt fan de profeet Mohammed is. Dit late ta in Arabyske opstân tsjin de Ottomaanske hearskippij, mei as gefolch de Arabyske ûnôfhinklikheid.

Doe’t it Ottomaanske ryk fallen wie, fielden de Arabieren harren ferret, dûbeld ferret. Net allinnich hienen de Ingelsken it Sykes Picot ferdrach ôfsluten. Hjiryn hienen Frankryk en Ingelân ôfsprutsen it Midden-Easten ûnder Britsk-Frânsk mandaat te stellen. Boppedat hienen de Britten it sionisme oanpuonne troch yn de Balfour-declaration de joaden in eigen steat te beloovjen yn it hjoeddeiske Palestina. Eartiids wie dit lân it hillige Israel foar de Joaden. Yn dy tiid waard it lân troch in soad Arabieren bewenne. De Arabieren rôpen in ûnôfhinklike steat út yn Damaskus. De Arabieren koenen lykwols net lang tsjin de sterkere Jeropeanen stânhâlde. De Britten en Frânsken namen dus op dit momint de kontrole oer it Midden Easten oer en fierden in weryndieling troch dy’t harren it bêste útkaam.

Syrje waard dus ûnder direkt Frânsk mandaat steld. De kristlike dielen fan Syrje, dy’t oan de kust leinen, waarden ôfsplitst, en waarden omdoopt ta de steat Libanon. Irak en Palestina waarden dus ûnder Ingelsk mandaat steld. Irak krige in nije kening, nammentlik, de soan fan Sharif Hussein, Faisal. Palestina waard yn twaen dield. De eastkant waard omdoopt ta Transjordaanje, hjir kaam ek in soan fan Sharif Hussein oan de macht, Abdullah. De Westkant waard ûnder direkt Britsk gesach steld. Dit lân wie it beloofde lân foar de Joaden, sadat se einliks in eigen steat stiftsje koenen. Troch in hantlanger fan de Britten, Ibn Saoed, waard ek in nije steat oprjochte, nammentlik it keninkryk Saoedy-Araabje.

Tagelyk hie de fal fan it Ottomaanske ryk derfoar soarge dat Kemal Atatürk stikje by bytsje mear ynfloed krige. Hy sette in programma fan modernisaasje en sekularisaasje op. Hy die ôfstân fan it Kalifaat, en hy wie foar de emansipaasje fan de frou. Hy besocht der ek foar te soargjen dat de minsken harren mear westersk klaaien gienen. Hy fûn it trouwens ek belangryk dat der mear Turksk praten waard ynstee fan Arabysk. Neidat it Ottomaanske ryk fallen wie, bleau Turkije derop trochhammerjen in diel fan Jeropa te wêzen, en dat it dêrtroch dus ôfstân dien hie om in diel fan it Midden-Easten te wêzen.

In oar kearpunt yn de skiednis fan it Midden-Easten is de ûntdekking fan oalje yn Perzië, Saûdy-Araabje, Lybje en Algerije. It kaam derop del dat der yn it Midden-Easten de grutste foarrie maklik tagonklike rûge oalje lei, wat yn de 20e iuw de wichtichste grûnstof wie foar de yndustry. Hoewol’t it westen hast alle oalje eksportearje liet foar de opkommende auto-yndustry, en oare yndustriële ûntwikkelingen. Hjirtroch waarden de Arabyske keningen en emiraten ferskuorrende ryk. Dit soarge derfoar dat, at se oan’e macht bliuwe woenen, se der belang by hienen de westerske hegemony te behâlden.

Yn de jierren ’20 en ’30 wienen Egypte, Irak en Syrje op wei nei ûnôfhinklikens. Hoewol’t Ingelân en Frankryk se net offisjeel ûnôfhinklik ferklearre hie, waard dit harren wol twongen nei de twadde wrâldkriich. Yn Palestina soargen de konflikten tusken Arabysk nasjonalisme en Sionisme foar in sitewaasje dy’t de Ingelsken net ferhelpe koenen en ek koenen se haren hannen der net fan ôflûke. Ek de opkomst fan Adolf Hitler yn Dútslân soarge derfoar dat party Joaden stribben nei it hawwen fan in eigen steat yn Palestina. Dit soarge foar in soad alteraasje yn de Arabyske hoeke.

Moard op Frans Ferdinand fan Eastenryk

bewurkje seksje

"Es ist nichts, es ist nichts" wienen de wurden fan Frans Ferdinand neidat hy delsketten wie. De prins fan Eastenryk-Hongarije hie wolris flaters makke mar hie selden slimmer de planke misslein doe’t hy dizze wurden bliedend en stjerrend yn syn auto útspruts.

De publike opynje yn Jeropa keas de kant fan Wenen. Sels de Russen lutsen harren hannen walgjend fan de Servjers ôf, dy’t nei de grouwélige keniningsmoard op de Servyske kening Alexander en keninginne Draga yn 1903 al in minne namme hienen. De oanslach like yn earste ynstânsje mei in sisser ôf te rinnen, Eastenryk like net te reagearjen. De saak waard ôfdien as in ynsidint feroarsake troch in pear jonge hjithollen.

Yn Wenen waard lykwols gniisd: libben wie de prins foar it hof in lestpost west, mar syn dea soe in ideaal ekskús wêze om Servje oan te pakken. Nei him fan Dútske stipe fersekere te hawwen (de blanko cheque) stelde Eastenryk op 23 july 1914 (hast in moanne nei de moard) in ultimatum (it July-Ultimatum) oan Servje. It ultimatum easke koartwei dat de saak oant de boaiem ta útsocht wurde moast. Hjirfoar moast Servje him in djipgeande ynbrek op de soevereiniteit oer syn kant gean litte, ûnder mear troch it tallitten fan Eastenrykske plysjebeämten. Servje stimde mei alle easken yn, op ien nei, wêrnei’t Eastenryk de saak op skerp sette en mei oarloch drige.

It ferrin fan de oarloch

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Ferrin fan de Earste Wrâldkriich.

Yn 1914 waard de sitewaasje yn Jeropa hieltyd slimmer. Benammen nei de moard troch in Servjer op de Eastenrykske aartshartoch Frans Ferdinand op 28 juny stjoerde Jeropa op oarloch oan. In web fan ferdraggen en belangen makke dat at ien fan de grutmachten oanfalle soe, dat dan de oare grutmachten ek yn 'e oarloch komme soe.

Op 30 juny mobilisearre Ruslân, beskermer fan Servje. Dútslân stelde, as bûnsmaat fan Eastenryk, in ultimatum om dy mobilisaasje yn te lûken, en mobilisearre dêrnei ek. Frankryk, as bûnsmaat fan Ruslân mobilisearre ek. Dútslân begûn mei it útfieren fan it Von Schlieffenplan en ferklearre Frankryk de oarloch, op 3 augustus. De oarlochsferklearing oan Belgje waard troch Grut-Brittanje as casus belli brûkt, dat ferklearre dat it boarch stie foar de neutraliteit fan Belgje.

Mei dit Sniebaleffekt waard de oarloch dochs beskôge as in oarloch sa'r der mear west hienen. Der wie oannaam dat eltsenien thús wêze soe “as de blêden falle”.

Nei de Dútske ynfal flechten miljoenen Belgen nei Ingelân, Frankryk en Nederlân. It grutste part fan de boargerflechtlingen kaam lykwols foar de ein fan it jier wer nei hûs. Foar Belgen bûten harren heitelân waard wrâldwiid jild ynsammele.

Yn totaal binne by de ferovering fan Belgje mear as 5.000 boargers om hals brocht, wêrûnder froulju en bern. De Dútsers beslisten ta ôfgryslike represailles neidat se, nei eigen sizzen, troch boargers besketten waarden. De Britske propaganda skildere de Dútskers dêrnei ôf as barbaren út it easten. It Britske Ryk hie dêrnei yn it earstoan gjin probleem mei it oanfoljen fan it útinoar sketten beropsleger.

Rinfuorgestriid

bewurkje seksje
 
Rinfuorge

De Dútske legers marsjearren troch Belgje en Noard-Frankryk. De Frânsken fierden ûnderwilens yn de Elzas in oanfal út neffens harren eigen Plan XVII en waarden bloedich ôfslein by de Dútske rinfuorgen.

De siselfoarmige opmars fan de Dútsers troch Belgje en Noard-Frankryk like yn it earstoan aardich neffens plan te ferrinnen. De Dútsers teagen op oan de rivier de Marne ta, dêr’t de Frânsken besochten har op te kearen. De Dútsers berikten in lyts oerwicht, mar de Generale Stêf fûn dat it plan tefolle ôfwikings oprûn en liet it Dútske leger weromlûke op Chemin des Dames. It front woeks troch omlûkende bewegings fan beide partijen nei it westen oant de Noardseekust, de Rees nei de See. Nei oardel moanne leinen de fronten fêst yn in rinfuorgestriid dêr't hja foar hast de hiele oarloch bliuwe soenen.

De grutte slaggen oan it Westfront wienen:

Mar stadichoan kaam it besef dat al dy oanfallen neat úthellen om't de ferdigener altiten it foardiel hie. Dit wie it earst dúdlik foar de lju yn de rinfuorgen. Dat besef late ta twa kear in Krystbestân, yn 1914 en 1915, en yn 1917 ta in oproer yn it Frânske leger, dêr't hiele rezjiminten tagelyk wegeren anfalsoarders út te fieren. Foar it measte part wie de reaksje fan de offisieren om wa wegere dea te sktten, mar by it oproer besleat generaal Pétain mei de soldaten te praten, en dêrnei waard it Frânske leger net mear ynset foar grutte offensiven.

Oare fronten

bewurkje seksje

Yn it earstoan wie it relatyf stil oan it eastfront. Letter organisearren de Russen letter mear offensiven om harren westlike bûnsmaten te ferlichtsjen. Fanwegen de ferliezen bruts dêrnei yn Ruslân de revolúsje út. De kommunisten sleaten frede mei Dútslân, wat Dútslân út de tange liet.

Servje waard yn 1915 ynnaam. De alliearden waarden dêrnei fuortjeie, oant hja allinnich noch Korfoe en Thessaloniki yn hannen hienen. Oan de ein fan de kriich waard al it gebit lykwol weromwûn.

Bulgarije oan de kant fan de Sintralen en Itaalje oan de kant fan de Alliearden fochten allinnich mei sa fier hja harren eigen betwiste gebieten ynnimme koenen. Beiden dienen oars net mei oan de striid. Earst yn 1918 waard Eastenryk by Vittorio Veneto ferslein.

Op 5 novimber ferklearren de Turken de alliearden de oarloch. De Turken hienen yn it Heine Easten in front tsjin Grut-Brittanje en yn de Kaukasus in front tsjin Ruslân. De Alliearden koenen de Arabieren oerhelje ta de Arabyske Opstân dy't úteinlik de Turken op dat front ferdreau. Grut-Brittanje besocht ek troepen lanje te litten yn Turkije, mar waarden ferslein yn de Slach om Gallipoli. De Turken fochten mei wikseljend súkses tsjin Ruslân. Nei de Russyske Revolúsje besette it Turkske leger de Kaukasus, mar it moast him yn 1918 dochs oerjaan.

Gemyske en biologyske oarlochsfiering

bewurkje seksje

Yn de earste moanne fan de oarloch, augustus 1914, skeaten Frânske soldaten triengas (xylyl bromide) nei de Dútsers en waarden dêrmei dus de earsten dy’t gifgas brûkten. It Dútske leger wie dêr tjsinoer de earste dy’t serieus stúdzje die nei gifgas, en wie it earste dat it yn 1915 op grutte skaal brûkte. De wapens waarden dêrnei oan beide kanten brûkt, en ek nei it brûken fan syktmes as wapens waard oan beide kanten ûndersyk dien.

Amerikaanske oarlochsdielname

bewurkje seksje
 
Soldaten fan de Australyske 4e Difyzje op in rinbrêge, Yper, 1917

Dútslân beantwurde de seeblokkade fan de alliearden mei dûkboaten. Yn 1916 waard in skipslach útfochten, de seeslach by Jutlân, dy't de Ingelske fleat ferneatigje moast. It wie in Dútsk sukses, mar net genôch. Dútslân besleat ta ûnbeheinde dûkboatoarloch. Amearika, oant dy tiid yn twa kampen troch ferskaat komôf yn Jeropa, keas foar de Alliearden doe't it Zimmermanntelegram ûnderskept waard, wêrtroch dúdlik waard dat Dútslân Meksiko en Japan oerhelje woe nei Dútske side, om sa Amearika ôf te lieden. De Feriene Steaten heinen in grutte Marine, mar op it lân hie harren oanwêzigens ynearsten hast gjin ynfloed, om't der gjin materieel wie. Mei de tiid woene hja al ona ynfloed.

Yn de simmer van 1918 besleaten Hindenburg en Ludendorff noch ien kear alles op alles te setten. De Dútsers foelen ommers op trije punten oan, by de Marne, de Somme, en by Yper. Der waard al wûn, mar troch de oanwêzigens fan de farske Amearikanen kaam der gjin trochbrek, en waarden de Dútsers yn de hjerst fan 1918 weromdreaun.

Yn de hjerst fan 1918 sleaten Turkije en Bulgarije wapenstilstannen. Eastenryk-Hongarije folge op 3 novimber. Yn Dútslân bruts de opstân út, en de republyk dy't dêr út kaam, kaam in wapenstilstân oerien. De Oarloch waard op 11 novimber beëinige.

De Earste Wrâldkriich hat de kaarten fan Jeropa en de wrâld yngeand troch inoar skodde. De oarloch hie in grut oantal steatkundige, ekonomyske en maatskiplike gefolgen.

  • Uteraard wie der direkte skea. Miljoenen jonge manlju (yn de oarlochfierende steaten in grut part fan de generaasje 16 oant 30-jierrigen) wiene stoarn as tsjinstplichtich of frijwillich militêr, miljoenen boargers wienen flechtling wurden. De ekonomyske skea wie ek ûnbidich. Lannen as Frankryk, Dútslân, Itaalje en Grut-Brittanje kampen mei in ôfgryslike skuldenlêst, wylst benammen de eardere gefjochtssônes in soad fabriken ensfh. yn pún leinen;
  • Nije steaten ûntstienen yn Jeropa en it Midden-Easten. Ut dy nije grinzen soenen noch talleaze ynternasjonale konflikten ûntstean;
  • Jeropa wie hjirtroch ferswakke. Letter, nei de Twadde Wrâldkriich, soenen de Sovjet-Uny en de Feriene steaten de lieding yn Jeropa oernimme;
  • It "ûnskuldige Ferljochte Jeropa" fan de 19e iuw wie ferdwûn. Steaten stelden harren hurd tsjin elkoar op. Dûanetariven waarden ynfierd of ferhege, en yn de jierren '30 devaluearden lannen harren faluta sûnder oerlis mei oare lannen. Net gearwurking, mar wantrouwen en antagonisme wie it motto. Dit makke de Grutte Krisis dy’t fan 1929 oant de jierren '30 duorre noch slimmer;
  • Behalve op steatsnivo hie dit ek op it nivo fan de "gewoane man" syn útwurking. Autoritêre ideologyen as kommunisme en faksisme kamen op. Dizze waarden mei fieden troch ferbittere feteranen, dy’t troch harren ûnderfinings psychysk knoeid wienen en net mear yn de maatskippij pasten. Se fûnen harren heil in ferskate knokploegen dy’t har liearden oan politike bewegings. Foarbylden wienen de SA, Fasci di Combattimento, Pijlkruisers, de Izeren Garde, en de knokploegen fan de KPD (Kommunischtische Partei Deutschlands). Reedlike minsken sieten klem tusken dizze beide geweltdiedige fjurren. Yn in soad lannen waard de demokrasy dan ek ferfongen troch in autoritêr rezjym;
  • De knokploegen, besteande út dy ferbittere feteranen, fjochten in soad. Mei elkoar, mei matichden, of mei elkenien waens gesicht harren net oanstie, dat makke neat út. In oantal historisy sjocht hjiryn in oarsaak foar de "brutalisearring" fan de maatskippij ("sinleas gewelt");
  • Arbeiders en soldaten út koloanjen rekken "ynfekteard" mei nasjonalisme en kommunisme. De "superieure blanken" brûkten de helpboarnen fan de koloanjen om elkoar de harsens yn te slaan. De kym foar de lettere befrijingsbewegingen as Vietminh en PKI waard sa lein;
  • De Alliearden leinen de Sintralen hurde fredesfoarwearden op. Grinzen waarden frij willekeurich lutsen, wêrby’t politike belangen swierder woegen as dy fan de minsken dy’t dêr tafallich wennen. Utsein flechtelingestreamen leveren de ferdraggen ek latinte haat- en wraakgefoelens op. Yn de Twadde Wrâldkriich soen dizze ta uting komme. De Twadde Wrâldkriich wurdt dan ek wol troch in soad historisyi beskôge as fuortsetting fan de Earste Wrâldkriich. Guon hawwe it sels oer de Jeropeeske boargeroarloch fan 1914 - 1945.
  • It konsept fan de "totale oarloch" ûntstie;
  • It Ottomaanske Ryk dat yntiden al sawat 800 jier oer it Midden-Easten hearske, is fallen. Republyk Turkije is ûntstien.
  • Fakbûnen waarden mei erkenning beleanne foar harren stipe oan de oarloch;
  • Itselde gou foar de striders wat it stimrjocht oanbelanget: algemien inkelfâldich stimrjocht (ien man, ien stim) en (letter)it frouljuskiesrjocht waarden ynfierd;
  • In Belgje lei de oarloch ek de taalmisstannen bleat. Frânsktalige ofsieren ( efter it front) joegen befellen oan Flaamske soldaten oan it front. It joech in ympuls oan de taalstriid.
  • Froulju hienen de iepen plakken yn fabriken en wurkpleatsen ynfolje moatten. Dit levere harren in frijheid op dy’t se net earder hân hienen. Se beseften dat se in protte manljuswurk best sels dwaan koenen, en krigen mear selsfertrouwen. Froulju joegen nei de oarloch harren posysje net op, wêrtroch’t it feminisme in grutte ympuls krige.

De kriich wurdt Earste Wrâldkriich neamd omdat it as de earste oarloch sjoen waard dêr’t lannen "út de hiele wrâld" aktyf of passyf by belutsen wienen. Hoewol’t letter de folle gruttere Twadde Wrâldkriich útbruts, wurdt de Earste Wrâldkriich noch hieltyd ek wol de "Grutte Oarloch" neamd, al waard de namme Earste Wrâldkriich al yn 1920 troch luitenant-kolonel Repington brûkt yn syn boek The First World War 1914-18; hy foarseach al dat de Earste Wrâldkriich in twadde útlokje soe. De namme "Earste Wrâldkriich" is oanfjochtber, omdat de Sânjierrige oarloch yn de 18e iuw al yn Jeropa, Amearika en Aazje útfochten waard.

Media
Alliearde bombardeminten yn Dútsk gebiet
Alliearde tanks yn Langres, 1918
Animearre kaarten
Literatuer
  • Enzyklopädie Erster Weltkrieg ISBN 3-506-73913-1;
  • De Andere Waarheid (troch J.H.J. Andriessen);
  • De Mythe van 1918 (troch J.H.J. Andriessen).

Externe keppelings

bewurkje seksje