Kaukasus
De Kaukasus is in regio en berchte tusken de Swarte See yn it westen en de Kaspyske See yn it easten. Lannen yn de Kaukasus binne Armeenje, Azerbeidzjan, Georgje en Ruslân. Histoaryske en kultureel binne de lannen ferbûn mei Europa, mar geografysk hearre se by Aazje. It gebiet leit perifear oan Ruslân en Turkije. It súdlike diel fan 'e regio hjir Transkaukaazje. Yn it ferline ha der iuwenlang politike, militêre, religieuze en kulturele konflikten west, lykas de fergeze striid foar ûnôfhinklikens yn Tsjetsjeenje en de Russysk-Georgyske Oarloch.
Folken, talen en religy's
bewurkje seksjeBehalven Noardwest-, Noardeast- en Súdkaukazyske talen, wurde der ek Turkske talen, Iraanske talen, Slavyske talen, Gryksk en Armeensk yn it gebiet sprutsen.
Yn de Kaukasus komme mear as fyftich ferskillende folken foar. It talrykste binne de Armeenjers, Avaren, Azerbeidzjanen, Georgjers, Russen en Tsjetsjenen.
De folken yn de Kaukasus hawwe in grut ferskaat oan religys; wêrûnder soennitysk en sjiïtysk islamitysk, Georgysk-otterdoks, Russysk-otterdoks en Armeensk-otterdoks kristlik.