Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Ελληνική Δημοκρατία
Ellinikí Dhimokratía
Flagge fan Grikelân Wapen fan Grikelân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Grikelân
Offisjele taal Gryksk
Haadstêd Atene
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
131.940 km²
0,86­%
Ynwenners (2021) 10.678.632 (82/km² (2021)
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 25 maart
Lânkoade GRC
Ynternet .gr
Tillefoan 30

Grikelân, offisjeel Helleenske Republyk, is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Atene en de presidint fân de republyk is sûnt 2005 Karolos Papoulias

Grikelân wurdt begrinzge troch:

Grikelân leit oan de Middellânske See yn it súdeasten fan Jeropa. It fêstelân yn it noarden fan Grikelân is geografysk ferbûn mei de súdlike Balkan. It oerflak fan it hiele lân is 131.957 km² wêrfan 106.915 km² fêstelân, de 3,054 eilannen hawwe meiïnoar in oerflak fan 25.042 km².

Sawat de helte fan Grikelân bestiet út keale bergen dy't net beboske binne. Yn it westen rint lâns de kust it Pindos berchtme, yn it easten stekt de Olympus (2911 meter) boppe it dwersberchtme út. Ek it súdlike skiereilân de Peloponnesos en talrike eilannen yn de Egeyske See binne bercheftich. It lân hat sawol in Sintraal-Jeropeesk as in Middellânsk Seeklimaat.

  De Wikipedy hat ek in side Alde Grikelân.

Om 1900 f.Kr. hinne einiget de Minoyske kultuer yn Grikelân en komme de stêdsteaten Atene en Sparta opsetten. Aleksander de Grutte stifte in hellenistysk wrâldryk. Grikelân wie fan 148 f.Kr. oant 396 in Romeinske provinsje en hearde dêrnei by it eastlike ryk, letter it Byzantynske Ryk. Yn 1356 feroveren de Osmanen it lân. Pas yn 1823 wie Grikelân wer in selsstannige steat en waard in monargy. Op 28 oktober 1940 hawwe de Italjanen besocht it lân te besetten. Grikelân fersette him fûl dêrtsjin oant de Dútsers op 6 april 1941 it lân feroveren. Yn oktober 1944 marsjearren de Britten Atene yn. In militêre steatsgreep yn 1967 late yn 1973 ta ôfskaffing fan de monargy. Nei de ein fan de militêre diktatuer yn 1974 kaam der wer in demokratyske republyk ta stân.

It meastepart fan de befolking binne etnyske Griken. Minderheden binne de Albanezen, Armeenjers, Turken, Bulgaren en Masedoanjers. Sa'n 25 % fan de allochtoane befolking wennet yn of om Atene hinne.

Grikenlân is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945). It lân is sûnt 1949 lid fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1952 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 1981 fan de Jeropeeske Uny.

BYP per persoan is $30.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,6% lânbou, 24,5% yndustry en 71,9% tsjinsten. Nettsjinsteande alderlei privatisearingen is yn Grikelân noch sprake fan in protte troch de steat stjoerde ekonomy. Ungefear in tredde fan de eksport bestiet út lânbouprodukten. Wylst de yndustrialisearing yn de tekstyl- en tabaksbranche tanomd is wurdt it byld noch hieltyd bepale troch lytse bedriuwkes. De tsjinstensektor nimt in bysûnder grut plak yn fan it BYP. Grikelân beskikt oer de op trije nei grutste hannelsfleat fan de wrâld, dat is sa'n 18% fan de wrâldkapasiteit.

 
De haven fan Piraeus dêr't de measte Grykske reders har' haadkantoar hawwe

De ekonomy fan Grikelân hinget foar 15% fan it toerisme ôf.[1] Grikelân is in klassyk reislân. De opgravings út de âldheid en de strannen lûke alle jierren miljoenen fakânsjegongers.

Finansjele krisis

bewurkje seksje

Maaie 2010 krige de regearing fan Giorgos Papandreou te meitsjen mei grutte finansjele tsjinfallers. It die bliken dat de Grykske oerheid jierrenlang finansjele sifers ferfalske hie. Mei troch de ynternasjonale kredytkrisis en eardere net-kontrolearre útjeften rekke Grikelân yn in grutte jildkrisis dy't ek gefolgen foar de Eurosône hat. Allinne mei help fan de EU-lannen en it IMF koe foarkaam wurde dat it lân fallyt gie. De EU en het IMF holpen it lân mei lieningen, mar Grikelân moast wol tasizze dat it begruttingstekoart bot weromkrong wurde soe.

It lân hat lykwols te lijen fan de lege konkurrinsjekrêft ferglike mei de measte oare EU-leden en ek fan de yneffisjinte oerheid en in protte korrupsje yn de oerheid en ekonomy.

Struktuer

De Grykske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine.

Mankracht

Yn 2005 wienen der 2.459.988 Grykske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 2.018.557 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 58.399.

Budzjet

Militêr budzjet $5,9 miljard (2004).
Persintaazje fan it BYP 4,3 % (2003).

Wichtichste havens binne Agioitheodoroi, Aspropyrgos, Pachi, Piraeus en Tessaloniki. Atene en Tessaloniki hawwe de grutste fleanfjilden fan Grikelân. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Grikelân hat (2006):
117,533 km ferhurde dyk.
2.571 km spoardyk.
6 km farwetter.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.rtl.nl/components/financien/rtlz/nieuws/2011/37/profiel-griekse-economie.xml
Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   · Berjocht bewurkje