Swarte See
De Swarte See is in binnensee, dy't ynklamme leit tusken Jeropa en Lyts-Aazje. De Bosporus ferbynt de Swarte See mei de See fan Marmara, dy't op syn beurt fia de Dardanellen yn ferbining stiet mei de Midlânske See. Yn it noarden fan de Swarte See leit it skiereilân De Krim, dat ek grinzet oan de See fan Azov.
Swarte See | ||
geografy | ||
type wetter | binnensee | |
lokaasje | tusken East-Jeropa en Lyts-Aazje | |
lân | Abgaazje Bulgarije Georgje de Oekraïne Roemeenje Ruslân Turkije | |
koördinaten | 44° N, 35° E | |
ûnderdiel fan | Atlantyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.175 km | |
maks. breedte | 260 km | |
oerflak | 436.402 km² | |
djiptegemiddelde | 1.253 m | |
djipste punt | 2.212 m | |
wetterfolume | 547.000 km³ | |
De lannen lizzend oan de Swarte See binne Oekraïne, Ruslân, Geörgje, Turkije, Bulgarije en Roemeenje. Yn 'e Swarte See komme fiif grutte rivieren út: de Donau, de Dnjepr, de Dnjestr, de Don en de Kûban.
De namme
bewurkje seksjeDe Grykske seefarders út de âldheid tsjutten de Swarte See oan mei Pontos Euxeinos, de Gastfrije See. De Swarte See wie lykwols (wreed)ferneamd om har stoarmen yn de hjerst en winter, dat earder waard de see ek wol Pontos Axeinos neamd, de Ungastfrije See; út benaudens foar de goaden fan de see brûkten de Grykske seelju leaver de eufemistyske namme.
It minne waar yn de kontrei is ek grif de grûnslach fan de Turkske namme Kara Deniz, dêr't de yn de measte moderne talen de gongbere namme "Swarte See" fan ôflaat is.
It oerinnen fan de Swarte See nei de iistiid
bewurkje seksjeYn de iistiid wie de Swarte See in grut swietwettermar en wie der gjin ferbining mei de Middellânske See. Nei de iistiid ûntstie dizze ferbining. Hoe't dat krekt gien is en wannear, binne ferskate teoryen oer.