Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Edwert I fan Ingelân

Ut Wikipedy
Edwert I fan Ingelân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Ingelsk
bertedatum 17 juny 1239
berteplak Paleis fan Westminster (Ingelân)
stjerdatum 7 july 1307
stjerplak Burgh by Sands (Ingelân)
dynasty Hûs Plantagenêt
etnisiteit Ingelsk
Aragoneesk
Flaamsk
Frânsk
Normandysk
Oksitaansk
Savoaisk
Skotsk
Spaansk
kening fan Ingelân
hartoch fan Akwitaanje
hear fan Ierlân
regear 12721307
foargonger Hindrik III
opfolger Edwert II
greve fan Pontelân (Ponthieu)
regear 12791290 (mei Eleönoara)
foargonger Jehanna
opfolger Edwert II

Edwert I (Ingelsk: Edward I; Paleis fan Westminster, 17 juny 1239Burgh by Sands, 7 july 1307) wie kening fan Ingelân fan 1272 oant 1307. Fanwegen syn lingte waard er wol Edwert Langskonk (Ingelsk: Edward Longshanks) neamd, en fanwegen syn ûnmeilydsume polityk oangeande Skotlân stied er bekend as de Skottehammer (Ingelsk: Hammer of the Scots; Latyn: Malleus Scotorum). Nei iere yntriizjes tsjin syn heit, kening Hindrik III, bleau er dyselde trou ûnder de opstân fan in grut part fan 'e Ingelske adel yn 'e Twadde Baronne-oarloch. Letter joech er him by de Njoggende Krústocht nei it Hillige Lân.

Nei't er syn heit opfolge wie, sette er útein mei in ekspansjonistysk belied foar de oare dielen fan 'e Britske Eilannen oer. Nei ferskate opstannen tsjin 'e Ingelske oerhearsking fan Wales ferovere Edwert dat gebiet yn 1282-1283 foargoed. Doe't yn 1290 de Skotske troan fakant rekke, seach er syn kâns skoan om ek dat lân by Ingelân te lûken. Mar nettsjinsteande syn snoade yntriizjes en syn ûnmeilydsum fanwegen kommen, krige er de Skotten der net ûnder. Fierders wie Edwert I de kening dy't yn 1290 de Joaden út Ingelân ferballe (in dwaan dat pas yn 1656 troch Oliver Cromwell weromdraaid waard). Nettsjinsteande it feit dat er yn hege mjitte bydroech ta de restauraasje fan 'e keninklik gesach, bettere wetjouwing en in sintralisearre bestjoer, liet Edwert Ingelân by syn dea efter yn in slepende oarloch mei de Skotten en mei in grut tal ekonomyske en politike problemen.

Edwert waard yn 'e nacht fan 17 op 18 juny 1239 berne yn it Paleis fan Westminster, as de âldste soan fan kening Hindrik III fan Ingelân en dy syn frou Eleönoara fan de Provâns. De Ingelske foarnamme Edward is fan Angelsaksyske oarsprong en wie dêrom nei de Normandyske Ferovering fan Ingelân yn 1066 yn ûnbrûk rekke ûnder de Ingelske adel, mar Hindrik wie tawijd oan 'e ferearing fan 'e hillich ferklearre Angelsaksyske kening Edwert de Belider, en besleat sadwaande syn soan nei dyselde te ferneamen. Hoewol't der in beskate noed bestie oer de sûnens fan 'e jonge prins, dy't yn 1246, 1247 en jitris yn 1251 slim siik rekke, ûntjoech Edwert him ta in ymposant man, mei in lingte fan 1.88 m. Dêrmei tuorre er fier út boppe de measten fan syn tiidgenoaten, en dêrom krige er al jong de bynamme 'Langskonk' (Longshanks) taparte.

Yn 1254 brocht eangstme foar in Kastyljaanske ynfaazje fan it Ingelske oerseeske gebietsdiel Gaskonje (oan 'e Atlantyske kust fan súdwestlik Frankryk) Hindrik III derta om in houlik foar syn fjirtjinjierrige soan te regeljen mei Eleönoara, de dochter fan kening Alfûns X fan Kastylje. It jonge pear troude op 1 novimber fan dat jier yn Kastylje. It hat der sterk fan wei dat Edwert en Eleönoara wier faninoar holden, wat ûngebrûklik wie foar sokke arranzjearre houliken. Hoewol't Edwert al op jonge jierren Gaskonje as syn persoanlik domein taparte krige, en nei syn houlik ek in protte lânerijen yn Ierlân, Wales en Ingelân, wie dat sa bewurkmastere dat er der yn 'e praktyk noch bestjoersmacht, noch in soad ynkomsten út krije koe. It hat wol kâns dat dat de boarne wie fan in grut diel fan 'e ûntefredenens fan 'e prins. Dy ûntefredenens kaam û.m. ta utering yn syn iere stipe oan 'e saneamde Poitevynske faksje oan it Ingelske Hof, de kliber dy't oanfierd waard troch de healbruorren fan Hindrik III, en yn syn trochkrusen fan syn heite belied ta bemiddeling tusken tsierende aadlike famyljes yn Gaskonje.

Edwert en syn frou Eleönoara fan Kastylje yn in inisjaal út in ier-fjirtjinde-iuwsk manuskript. De keunstner hat mooglik besocht en byldzje Edwert syn ptoaze (it ôfhing- jen fan 'e eachlidden) út, in skaai- merk dat er fan syn heit urven hie.

Letter fersette Edwert him earst fûleindich tsjin 'e Profyzjes fan Oxford, in foarstel fan herfoarmingsgesinde Ingelske eallju dat de macht fan útlanners oan it Ingelske Hof oan bannen lizze moast. Meitiid feroare er lykwols fan miening, en ein 1259, doe't syn heit om utens wie, begûn er efter dy syn rêch om te yntrigearjen mei de herfoarmers. Dêrmei jage er syn heit, dy't miende dat er in steatsgreep oan it tarieden wie, de stupen op it liif. Nei ferskate jierren fan wat delkaam op ballingskip yn Gaskonje, kearde Edwert yn 1262 werom nei Ingelân, dêr't Simon fan Montfort, greve fan Leicester himsels ûnderwilens oan it haad fan 'e herfoarmers pleatst hie. Doe't er murk dat de herfoarmingsgesinde eallju op it rântsje fan in iepentlike opstân balansearren en dat syn heit op it punt stie om belies te jaan, stelde Edwert him ûnferwrigber oan 'e side fan syn heit op.

De Twadde Baronne-oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't arbitraazje tusken de beide partijen troch kening Loadewyk IX fan Frankryk neat opsmiet, briek yn 1264 de saneamde Twadde Baronne-oarloch út, in boargeroarloch, wêryn't in grut part fan 'e Ingelske adel him ûnder lieding fan 'e greve fan Leicester iepentlik tsjin 'e kening kearde. Yn dat konflikt stelde Edwert him oan it haad fan 'e royalistyske troepen. Oan it begjin fan 'e oarloch werovere er de stêd Gloucester op 'e rebellen. Doe't Robert fan Ferrers, greve fan Derby de opstannelingen te help kaam, sleat Edwert in wapenstilstân mei him, dy't er letter sels briek. Dêrtroch krige er de namme in ûnbetrouber man te wêzen. Neitiid ferovere Edwert de stêd Northampton op Simon VI fan Montfort, de soan fan 'e greve fan Leicester, foar't er de lânerijen fan Derby plonderje liet.

Op 14 maaie 1264 fierder er it befel oer de rjochterfleugel fan it royalistyske leger yn 'e Slach by Lewes, dêr't er sels goed wurk levere, mar de fjildslach troch de nederlaach fan 'e rest fan it royalistyske leger ferlern waard. Neitiid brocht Edwert in pear wiken yn kriichsfinzenskip troch oant er op 28 maaie wist te ûntsnappen. Hy joech him dêrnei by Gilbert fan Clare, 6e greve fan Gloucester, dy't koart tefoaren oerrûn wie nei it royalistyske kamp. Mei't Leicester syn oanhing no begûn ôf te kealjen, koe Edwert sûnder in protte muoite Worcester en Gloucester ynnimme. Dêrnei died er in wraam op it Kastiel fan Kenilworth, dêr't Simon VI fan Montfort him weromlutsen hie, en snied er dat ôf fan it leger fan Leicester. Op 4 augustus 1265 waard Leicester, en mei him de saak fan 'e rebellen, foargoed ferslein yn 'e Slach by Evesham. Hoewol't de opstân noch twa jier oanhâlde soe, wie it fan dy tiid ôf oan foar de royalisten mear in saak fan opdweilen as fan serieus oarlochfieren.

In lânkaart dêr't de fjildtochten op te sjen binne út 'e Njoggende Krústocht (de krúsfarders wurde hjir Franks, "Franken", neamd).

De Njoggende Krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edwert wie mar sydlings belutsen by de ûnderhannelings mei de lêste rebellen dy't yn 1267 in ein oan 'e Twadde Baronne-oarloch makken, om't er tsjin dy tiid al folop oan 'e gong wie mei it organisearjen fan syn oankommende krústocht. By in swide seremoanje naam er op 24 juny 1268 it krúsfarderskrús oan, yn 'e mande mei syn jongere broer Edmond en syn neef Hindrik fan Almain. Uteinlik sette er op 20 augustus 1270 ôf út 'e haven fan Dover, mei sa'n 225 ridders, mar nei alle gedachten minder as tûzen man yn totaal. It Frânske kontingint foar de krústocht wie doe al arrivearre op Sisylje.

Hoewol't it oarspronklik de bedoeling west hie om it troch de Arabieren belegere krúsfardersbolwurk Akre, yn it Hillige Lân, te ûntsetten, lieten de Frânsen har ôfliede troch har eigen nasjonale polityk. Se diene in wraam op it Emiraat Tunis, om te besykjen in Frânsk brêgehaad op 'e kust fan Noard-Afrika te fêstigjen, mar waarden troffen troch in epidemy dy't kening Loadewyk IX it libben koste. Tsjin 'e tiid dat Edwert op it striidtoniel oankaam, hiene de Frânsen al in ferdrach mei Tunis sletten, en siet der neat oars op om wer werom nei Sisylje. Dêr waard oerwintere, mar de oare maityd besleat de nije Frânske kening Filips III nei't syn float foar de Sisyljaanske kust troch in ferwuostgjende stoarm troffen wie, om 'e krústocht mar hielendal ôf te blazen.

Dêrop sette it Ingelske kontingint allinnich ôf en arrivearre op 9 maaie 1271 te Akre, dat nei de fal fan Jeruzalim, yn 1244, it sintrum fan 'e krúsfarderssteat wurden wie. De sitewaasje dêr wie nuodlik, mei't de Arabieren ûnder lieding fan 'e ûnmeilydsume Mammelûkske sultan Baibars oan in opmars begûn wiene. Edwert stjoerde in gesantskip nei de Mongoalske ilkhan Abaqa, waans troepen oft djip yn it Midden-Easten trochkrongen wiene, en krige dy safier dat er in oanfal op Aleppo die, sadat Baibars twongen waard om dêr troepen hinne te stjoeren. Yn novimber die Edwert in wraam op Qaqun, as opstapke nei in fierdere opmars nei Jeruzalim, mar sawol de oanfal op Aleppo as dy op Qaqun rûn op 'e non, en yn maaie 1272 sleat kening Hugo III fan Syprus in tsienjierrich bestân mei Baibars. Edwert fersette him dêr yn 't earstoan fûleindich tsjin, mar nei't er yn juny op in hier nei deade wie troch in islamityske slûpmoardner, begûn er fan gedachten te feroarjen. Ferswakke troch in wûne mei wat wierskynlik in mei gif ynsmard mês west hat, joech er it oer en sette op 24 septimber út Akre ôf. Op 'e weromweis krige er op Sisylje te hearren dat syn heit, kening Hindrik III, stoarn wie en dat hysels no kening fan Ingelân wie.

In Ingelske munt (groat) mei de byltenis fan Edwert I.

Mei't de sitewaasje yn Ingelân stabyl, wie, naam Edwert de tiid foar in lange oerlânske reis nei hûs troch Itaalje en Frankryk, wêrby't er û.m. Rome oandie. Werom yn Ingelân waard er op 19 augustus 1274 ta kening kroane. Koart nei syn troansbestiging begûn Edwert maatregels te nimmen om regaad te meitsjen en it gesach fan 'e Kroan fernijen nei it swakke regear fan syn heit. Dêrta fierde er in sintralistysk bewâld, dat de rjochten ôfnaam oan 'e adel. Wjerstân tsjin syn polityk drukte er hurdhannich de kop yn. Doe't Edwert syn geduerige militêre kampanjes de skatkiste ûnder druk setten, fierde er ferskate belestingherfoarmings troch, wêrûnder in fêste heffing op 'e útfier fan wol. In oare boarne fan ynkomsten waard foarme troch de Joaden, dy't ûnder de Ingelske wet it persoanlik besit fan 'e kening wiene. Sadwaande koe Edwert harren safolle útrûpelje as er mar woe, en dat died er ek.

Tsjin 1280 foel der by de Joaden net folle mear te heljen, mar dochs wiene se noch altyd fan wearde. Sa koe de kening himsels populêr meitsje by it folk troch yn 'e antysemityske Midsiuwske maatskippij de Joaden oan te pakken. Yn 1279 liet er alle Joadske famyljehaden yn Ingelân arrestearje en 300 fan harren eksekutearje, sabeare om't se skuldich wiene oan oplichting troch it bysnijen fan muntjild. Alve jier letter, yn 1290, liet Edwert it Edikt fan Utwizing oannimme, dat alle Joaden út Ingelân ferballe. Om't de measten fan harren jildlieners wiene (in amt dat foar kristenen ferbean wie), smiet dat foar Edwert fia de konfiskaasje fan alle Joadske lienings en besittings hiel wat jild op. Boppedat koed er mei de goede wil dy't er mei dy die by it Ingelske folk oproppen hie, neitiid in grutte subsydjze by it parlemint losweakje. Pas yn 1656, ûnder it regear fan Oliver Cromwell, soe it Edikt fan Utwizing weromdraaid wurde, en wiene Joaden wer wolkom yn Ingelân.

De steatkundige sitewaasje yn Wales nei it Ferdrach fan Montgomery, út 1267:
     Gwynedd (lân fan Llywelyn ap Gruffudd)
     fazallen fan Llywelyn ap Gruffudd
     ferovere troch Llywelyn ap Gruffudd
     Ingelske 'grinsbaronnen'
     gebieten fan 'e Ingelske Kroan

Ferovering fan Wales

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens sloech yn Wales Llywelyn ap Gruffudd foar master op, dy't profitearre hie fan 'e gaos yn Ingelân ûnder de Twadde Baronne-oarloch. Yn 1267 wie dyselde troch de oare Welske adel as prins fan Wales erkend, en nei Edwert syn weromkear yn Ingelân wegere er en bring de nije kening hulde. Sadwaande briek der yn 1276 in wapene konflikt út, wêrby't Llywelyn mar krap stipe waard troch syn lânslju. It kaam nea ta in grutte fjildslach, en troch de Ingelske oermacht hie Llywelyn gjin oare kar as om him oer te jaan. Hoewol't er de titel 'prins fan Wales' hâlde mocht, waard him by it Ferdrach fan Aberconwy, út 1277, al syn lân ôfnommen útsein syn eigen keninkryk Gwynedd.

Doe't der yn 1282 wer oarloch útbriek yn Wales, wie it in hiel oar ferhaal. Yn 'e tuskentiid hie Edwert besocht en lis Wales Ingelske wetten op, en dêrtroch wie der yn Wales doe rûnom stipe foar de oarloch, mei't it sjoen waard as in gefjocht om 'e nasjonale identiteit te behâlden. Foar Edwert waard it in feroveringsoarloch ynstee fan in strafkampanje lykas earder. De oarloch begûn doe't Dafydd ap Gruffydd, in Welsk ealman dy't yn 1276-1277 oan 'e Ingelske kant fochten hie, yn opstân kaam út ûnfrede oer de (minne) beleanning foar syn trou oan Ingelân. Al rillegau joegen Llywelyn ap Gruffudd en oare Welske foarsten har by him en yn 't earstoan boekten se grutte militêre súksessen. Yn juny 1282 waard Gilbert fan Clare, 6e greve fan Gloucester, ferslein yn 'e Slach by Llandeilo Fawr, en yn novimber waard in Ingelske ynfal yn Gwynedd, ûnder lieding fan Lukas fan Tany, mei grutte ferliezen weromslein yn 'e Slach by Moel-y-don. De Welske opmars einige lykwols op 11 desimber, doe't Llywelyn ap Gruffudd yn 'e fâle lokke waard yn 'e Slach by Orewin Bridge, dêr't er kaam te sneuveljen. Yn juny 1283 waard de ferovering fan Gwynedd foltôge doe't Dafydd ap Gruffydd kriichsfinzen nommen waard, wêrnei't er yn 'e hjerst yn Shrewsbury as ferrieder ekskutearre waard.

It Kastiel fan Caernarfon, yn Wales boud yn opdracht fan Edwert I.

Hoewol't der noch mar rebûljes yn Wales folgen yn 1287-1288 en 1294, de lêste ûnder lieding fan Madog ap Llywelyn, waarden dy yn beide gefallen frij flot delslein. Under it Statút fan Rhuddlan, út 1284, waard it prinsdom Wales yn it keninkryk Ingelân ynkorporearre. Wales waard it Ingelske bestjoerstelsel en it Ingelske strafrjocht oplein (al mocht it syn eigen erfrjocht hâlde). Teffens stribbe Edwert in Ingelske kolonisaasje fan Wales nei, wêrby't er nije, troch hege muorren omjûne fêstingstêden stifte, lykas Flint, Aberystwyth en Rhuddlan, dy't er befolke mei etnyske Ingelsen, en dêr't etnyske Welsen net wenje mochten. Fierders liet er in systeem fan ymposante kastielen oanlizze dy't garnizoenen húsfêstje moasten om de Welsen derûnder te hâlden. Dêrûnder wiene de Kastielen fan Beaumaris, Caernarfon, Conwy en Harlech. Yn 1284 beävensearre Edwert dat syn soan, de letter Edwert II fan Ingelân, berne waard yn it Kastiel fan Caernarfon, nei alle gedachten om symboalysk dúdlik te meitsjen dat Wales no Ingelsk grûngebiet wie.

Diplomasy en oarloch op it fêstelân fan Jeropa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Edwert nei 1274 nea wer dielnaam oan in krústocht, wied er dat lange tiid wol fan doel. Dêrom wie it foar him fan it heechste belang dat de kristlike grutmachten fan Jeropa net ûnderling deilis rekken. Doe't der yn 1286 in oarloch op it punt fan útbrekken stie tusken Frankryk en Aragon, oppenearre er himsels sadwaande as midsman, en wist er de beide partijen safier te krijen dat se it skeel byleine. De fal fan Akre, it lêste kristlike bolwurk yn it Hillige Lân, dat yn 1291 ferovere waard troch de Mammelûkske sultan Baibars, kaam dan ek as in grutte klap foar him. Neitiid liket er him der by dellein te hawwen dat er nea wer op krústocht gean soe, en paste er syn bûtenlânske polityk sadwaande navenant oan.

Yn 1294 briek der in oarloch út mei Frankryk, dy't der koartsein om draaide dat Edwert as hartoch fan Akwitaanje eins in lienman wie fan 'e kening fan Frankryk, mar wegere om yn dy hoedanichheid oan Filips IV fan Frankryk hulde te dwaan. Edwert sleat bûnsgenoatskippen mei de kening fan it Hillige Roomske Ryk en mei de greven fan Flaanderen en Gelre. De stipe fan 'e Dútsers bleau lykwols út en trochdat Edwert sels ôflaat waard troch swierrichheden yn Skotlân en Wales, wiene syn Flaamske bûnsgenoaten al ferslein ear't er yn 1297 nei it fêstelân fan Jeropa ta oerfarre koe. Uteinlik waard yn 1299 frede sletten. Mei't Edwert syn frou Eleönoara fan Kastylje op 28 novimber 1290 kommen wie te ferstjerren, wertroude er mei Margareta, de healsuster fan Filips IV, om 'e frede te besegeljen.

Edwert (rj.), yn syn hoedanichheid fan hartoch fan Akwitaanje, bringt hulde oan Filips IV fan Frankryk.

De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch.

Underwilens wie Edwert ek úteinset mei de ferovering fan Skotlân. Yn 'e 1280-er jierren bestie der in sitewaasje fan relatyf harmonieuze ko-eksistinsje tusken Ingelân en it Keninkryk Skotlân, mar dêr kaam in ein oan doe't yn 1286 kening Aleksander III fan Skotlân by in fal fan syn hynder om it libben kaam en yn 1290 syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de Faam fan Noarwegen, ek kaam te ferstjerren. Dêrtroch ûntstie der yn Skotlân in opfolgingskrisis wêrby't de troan foarearst leechbleau en it lân regearre waard troch saneamde beskermhearen.

Dat machtsfakuum bea Edwert in iepening om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten, in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane, wylst er by dy gelegenheid sels fan 'e Skotten erkenning ôftwong as "alderheechste hear" (Lord Paramount), wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wêze soe. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.

It Kastiel fan Harlech, yn Wales boud yn opdracht fan Edwert I.

Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn 'e oarloch tsjin Frankryk yn it Ingelske leger tsjinje soene. Dat gie sels Jan Leechmantel te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje"), dy't fan 1295 oant 1560 duorje soe. Koart dêrnei briek de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út doe't de Skotten in preëmptive, mar mislearre wraam op 'e Ingelske fêstingstêd Carlisle diene. Dêrop die Edwert in ynfal yn Skotlân, ferovere Berwick-upon-Tweed, fersloech it Skotske leger yn 'e Slach by Dunbar, en sette Jan fan Balliol ôf. Jan waard dêrnei finzen holden yn 'e Toer fan Londen, en Edwert stelde Ingelske amtners oan om Skotlân foar him te bestjoeren. Yn augustus 1296 waarden mear as 1.500 Skotske eallju twongen om te Berwick-upon-Tweed in eed fan trou oan Edwert te swarren.

Hoewol't de strafkampanje, want dat wie it eins, tige súksesfol einige, wie it noch mar it begjin fan 'e oarloch, dy't oan 1328 ta fuortduorje soe. Minder as in jier letter, yn maaie 1297, briek der yn Skotlân ûnder in William Wallace, in man fan nederich komôf, in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út, dêr't ferskate eallju har by oansleaten, wêrûnder Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, Robert Wishart, biskop fan Glasgow, en Robert fan Bruce, greve fan Carrick. Yn dyselde snuorje wiene der mear lytsskalige rebûljes yn Skotlân geande, wêrûnder dy fan Andréas fan Moray, yn it noarden. Mooglik ûnder it belis fan Dundee, begjin septimber, metten Wallace en Moray inoar foar it earst en foegen se harren legerkes gear.

De kop fan in stânbyld fan Edwert I.

Op 11 septimber 1297 giene Wallace en Moray yn 'e Slach by Stirling de striid oan mei in Ingelsk leger ûnder lieding fan Jan fan Warenne, greve fan Surrey en Hugo fan Cressingham. Dêrby waarden de Ingelsen op slûchslimme wize en mei swiere ferliezen ferslein. Nei dy oerwinning late Wallace in grutskalige ynfal yn noardlik Ingelân, wêrby't de Skotten in plondertocht holden troch de greefskippen Kumberlân en Noardumberlân. Dy foarfallen sloegen yn Ingelân yn as in bom, dat men sette daliks útein mei tariedings foar in nije ynfal yn Skotlân.

Dy kaam der yn april 1298 en diskear joech Edwert der sels lieding oan. Hy liet Lothian (súdeastlik Skotlân) plonderje en naam ferskate kastielen yn, mar it slagge him net en twing de Skotten ta in iepen fjildslach. Wallace wie fan doel om mei syn Skotske troepen it Ingelske leger te folgjen oant Edwert syn foarrieden en jild útput rekken, wêrnei't se him op syn weromtocht mei oanhâldende lytse oanfaltsjes it libben soer meitsje soene. Dat wie in goede strategy, mei't de befoarrieding fan it Ingelske leger te winskjen oerliet. Edwert wie al rillegau twongen om syn kavalery yn te setten tsjin syn eigen troch honger yn opstân kommen fuotfolk.

In rekonstruksje fan Edwert syn priveefertrek yn 'e Toer fan Londen.

Mar yn july, doe't er op it punt stie en lûk him werom op Edinburch om nije foarrieden gear te bringen, waard him trochdien dat de Skotten har kamp by Falkirk opslein hiene. Troch dêr halje-trawalje op ôf te gean, slagge it him op 22 july 1298 dochs noch om 'e Skotten ta in fjildslach te bringen. Yn dat treffen hiene de Ingelsen de taktyske superioriteit troch de ynset fan Welske bôgesjitters, en it yn 'e steek litten fan it Skotske fuotfolk troch de eigen kavalery besegele it lot fan 'e Skotten. De Slach by Falkirk rûn sadwaande út op in swiere nederlaach foar de Skotten, dy't ek ferskate lieders ferlearen, wêrûnder Jan fan Graham en Jan Stewart fan Bonkyll. Wallace sels ûntkaam oan sawol dea as kriichsfinzenskip, mar syn reputaasje hie slim fan 'e nederlaach te lijen.

It slagge Edwert lykwols net om folslein fan syn oerwinning te profitearjen, en yn 1299 wisten de Skotten it Kastiel fan Stirling te weroverjen. Hoewol't Edwert sawol yn 1300, doe't er it Kastiel fan Caerlaverock ynnaam, as yn 1301 op fjildtocht gie yn Skotlân, lieten de Skotten har net nochris oer 't mad komme. Tsjin harren guerriljataktiken stie de nûmerike oermacht fan it Ingelske leger machteleas. Yn 1303, nei't er Skotlân fan Frankryk isolearre hie, wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn febrewaris 1304 formeel oan him oer. Hoewol't er bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op 5 augustus 1305 de fuortflechtige William Wallace te Robroyston, yn 'e neite fan Glasgow, troch Jan fan Menteith oan 'e Ingelsen ferret waard en op 23 augustus te Londen terjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.

Dat wie lykwols mar skyn, want Edwert hie mei syn ûnmeilydsume belied en syn ûnbûchsume hâlding de Skotten wolfergoed tsjin him yn it harnas jage. De sitewaasje feroare sadwaande yn koarte tiid drastysk, doe't Robert fan Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, op 10 febrewaris 1306 yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn foarnaamste rivaal Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch fermoarde. Op 25 maart, minder as sân wiken letter, liet Bruce him te Scone ta kening Robert I fan Skotlân kroanje. Neitiid sette er útein mei in kampanje om 'e Ingelsen út Skotlân te ferdriuwen.

De tombe fan Edwert I, yllustrearre neffens de sitewaasje fan 1774, doe't it grêf iepene waard.

Om't Edwert tsjin dy tiid yn 'e minnichte rekke wie, liet er it befel oer de Ingelske troepen yn Skotlân oer oan syn soan Edwert en syn fertroulingen Aymer fan Valence en Hindrik fan Percy. Yn 't earstoan liek it de Ingelsen foar de wyn te gean. Aymer fan Valence fersloech Robert fan Bruce op 19 juny yn 'e Slach by Methven, wêrnei't Bruce twongen wie om ûndergrûnsk te gean. Troch it ferrie fan Willem II, greve fan Ross foelen boppedat Bruce syn frou Elizabeth fan Burgh, syn jonge dochter Marjorie, syn susters Marije en Kristina, en Isabella MacDuff, dy't him eigenhannich kroane hie, yn Ingelske hannen. Edwert besleat en meitsje fan 'e froulju in ôfskrikwekjend foarbyld. Dêrta liet er Marije fan Bruce en Isabella MacDuff op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophingje om sa de folgjende fjouwer jier troch te bringen. Troch dizze wreedheden joegen de Skotten har lykwols net ûnder de Ingelske oerhearsking del; krektoarsom, se dreaune it Skotske folk yn 'e earms fan Robert fan Bruce.

Yn febrewaris 1307 doek Bruce wer op en begûn er in leger gear te bringen, en yn maaie fersloech er Aymer fan Valence yn 'e Slach by Loudoun Hill. Edwert, dy't wer wat opbettere wie, sette doe ôf nei it noarden, mei de bedoeling om sels it befel oer de Ingelske troepen yn Skotlân oer te nimmen. Underweis, lykwols, rekke er oanhelle mei dysentery, en gied er sjendereagen efterút. Op 'e jûn fan 6 july liet er in kamp opslaan by Burgh by Sands, yn Kumberlân, justjes besuden de Skotske grins. Doe't syn tsjinners him de oare moarns fan bêd ôfhelpe woene, sadat er ite koe, stoar er yn harren earms. Hy waard 68 jier. Syn lichem waard neitiid wer nei it suden ta brocht, en op 27 oktober waard Edwert yn Westminster Abbey begroeven. Oan syn soan Edwert II liet er in keninkryk yn finansjele swierrichheden efter dat bestrûpt rekke wie yn in slepende oarloch yn Skotlân.

Foarâlden fan Edwert I fan Ingelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Godfryd V, greve fan Anzjû
 
 
 
 
 
 
 
8. Hindrik II, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Matilde, keninginne fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
4. Jan sûnder Lân, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Willem X, hartoch fan Akwitaanje
 
 
 
 
 
 
 
9. Eleönoara, hartoginne fan Akwitaanje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Aenor, grevinne fan Châtellerault
 
 
 
 
 
 
 
2. Hindrik III, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Willem VI fan Taillefer, greve fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
10. Aymer fan Taillefer, greve fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Margareta, grevinne fan Turenne
 
 
 
 
 
 
 
5. Isabella, grevinne fan Angoulême
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Piter I, greve fan Courtenay
 
 
 
 
 
 
 
11. Alice, grevinne fan Courtenay
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Elisabeth
 
 
 
 
 
 
 
1. Edwert I, kening fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Alfûns II, kening fan Aragon
 
 
 
 
 
 
 
12. Alfûns II, greve fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Sancha, prinsesse fan Kastylje
 
 
 
 
 
 
 
6. Ramon Berenguer IV, greve fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Rainou, greve fan Forcalquier
 
 
 
 
 
 
 
13. Garsenda, grevinne fan Sabran
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Gersend
 
 
 
 
 
 
 
3. Eleönoara, grevinne fan de Provâns
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Humbert III, greve fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
14. Tomas I, greve fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Beätriks, grevinne fan Viennois
 
 
 
 
 
 
 
7. Beätriks, grevinne fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Willem I, greve fan Sjenêve
 
 
 
 
 
 
 
15. Margareta, grevinne fan Sjenêve
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Beätriks, grevinne fan Faucigny
 
 
 
 
 
 

Neiteam fan Edwert I fan Ingelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
bern by Eleönoara fan Kastylje
namme berte ferstjerren opmerkings
dochter sûnder namme 1255 1255 dea berne of koart nei de berte stoarn
Katerina 1264 1264 libbe fan foàr 17 juny oant 5 septimber; begroeven yn Westminster Abbey
Jehanna 1265 1265 berne yn 'e simmer of mooglik yn jannewaris; stoarn foàr 7 septimber; begroeven yn Westminster Abbey
Jan Plantagenêt 1266 1271 waard 4½ jier; begroeven yn Westminster Abbey
Hindrik Plantagenêt 1268 1274 waard goed 5 jier; begroeven yn Westminster Abbey
Eleönoara fan Bar 1269 1298 troude yn 1293 mei Hindrik III, greve fan Bar, mei wa't se twa bern krige; begroeven yn Westminster Abbey
Juliana fan Akre 1271 1271 berne nei maaie, stoarn op 5 septimber; berne en stoarn wylst har âlden yn Akre wiene
Jehanna fan Akre 1272 1307 troude (1) yn 1290 mei Gilbert fan Clare, greve fan Hertford († 1295); (2) yn 1297 mei Ralf fan Monthermer, 1e baron fan Monthermer;
hie 4 bern mei Hertford en 3 of 4 mei Monthermer
Alfûns, greve fan Chester 1273 1284 waard krapoan 11 jier; begroeven yn Westminster Abbey
Margareta fan Brabân 1275 1333 troude yn 1290 mei hartoch Jan II fan Brabân, mei wa't se ien soan krige
Berengaria 1276 1277 berne op 1 maaie; stoarn tusken 7 juny en 1 jannewaris 1278; begroeven yn Westminster Abbey
dochter sûnder namme 1277 1278 berne yn desimber; stoarn yn jannewaris; begroeven yn Westminster Abbey
Marije fan Woodstock 1279 1332 in benediktynske non yn Amesbury (Wiltshire)
soan sûnder namme 1280 of 1281 1280 of 1281 der is net folle bewiis foar it bestean fan dit bern
Elizabeth fan Rhuddlan 1282 1316 troude (1) yn 1297 mei greve Jan I fan Hollân; (2) yn 1302 mei Humphrey fan Bohun, greve fan Hereford; har earste houlik bleau sûnder bern;
út har twadde houlik hie se 10 bern
Edwert II fan Ingelân 1284 1327 troude yn 1308 mei Isabella fan Frankryk, mei wa't er 4 bern krige; folge syn heit yn 1307 op as kening fan Ingelân
bern by Margareta fan Frankryk
namme berte ferstjerren opmerkings
Tomas fan Brotherton 1300 1338 troude (1) mei Alice Hales (gjin bern); (2) mei Mary Brewes (gjin bern); begroeven yn 'e abdij fan Bury St. Edmunds
Edmond fan Woodstock 1301 1330 troude mei Margareta Wake, 3e baronesse Wake fan Liddell; hie bern
Eleönoara 1306 1310 waard 4 jier âld

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.