Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Grêf

Ut Wikipedy
Grêven op it begraafplak Meppelerstrjitwei yn Swol.

In grêf of lêste rêstplak is in plak dêr't in lyk (yn 'e regel dat fan in minske, mar soms ek dat fan in bist) nei it ferstjerren pleatst is. Meastal giet it dêrby om in stik grûn bûtendoar dêr't sa'n lyk begroeven (beïerdige) is. It komt lykwols ek foar dat grêven binnendoar binne. Sa waarden foarhinne notabelen wol yn 'e tsjerke beïerdige, en ek de pleatsing fan in lyk yn in boppe-grûnske of ûndergrûnske keamer of grêftombe komme foar. As it om in boppegrûnske keamer giet, sprekt men fan in mausoleum, wylst in ûndergrûnske keamer in grêfkelder neamd wurdt. Yn guon kultueren wurde liken by wize fan beïerdiging yn spelonken of rotsholten pleatst. As dêrby neitiid sprake is fan ôfsluting fan 'e spelonk of rotsholte, hjit dat ynmitseling en wurdt nei it ôfsletten diel ferwiisd as in grêfnis. Ek komt it gauris foar dat der grêfgeskinken yn it grêf pleatst wurde dy't de ferstoarne yn it hjirneimels brûke kin.

Yn 'e Westerske kultuer is it oer it algemien lykwols wizânsje om it lyk fan 'e ferstoarne nei de dea yn in deakiste te beïerdigjen yn 'e grûn fan in tsjerkhôf (it perseel lân dat om in tsjerke hinne leit) of yn 'e grûn fan in oar begraafplak dat spesjaal foar dat doel reservearre is. Dêrby wurdt meastal in grêfsark fan moarmer of in oare stiensoarte rjochtopsteand oan it hollenein fan it grêf set of der lizzend boppe-op pleatst. Soms wurdt oan it hollenein in steand houten krús (it symboal fan it kristendom) tafoege. It komt ek foar dat liken nei de dea kremearre wurde. Yn sokke gefallen is der oer it algemien gjin sprake fan in grêf, al is it mooglik dat de jiske neitiid dochs noch begroeven wurdt. Dêrnjonken is it ek mooglik dat de urne mei de jiske op in tsjerkhôf of begraafplak yn in útsparring yn in urnemuorre pleatst wurdt.

In massagrêf is in grêf wêryn't in grut tal minsken begroeven binne. Soks komt foar as der in protte liken te begraven binne, bygelyks nei in natoerramp, in epidemy of in mei opsetsin troch oare lju oanrjochte bloedbad. In spesjaal soarte fan grêf is in seemansgrêf, wêrby't it lyk fan in opfarrende fan in skip op see oerboard smiten wurdt. In oarlochsgrêf is yn Nederlân in grêf mei in spesjale beskerme status fan immen dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e striid tsjin 'e Dútske besetter sneuvele of troch de Dútsers eksekutearre is.

Men wurdt achte grêven foechsum te behanneljen, sawol út respekt foar de deade, as út meilibben mei de djipdrôven. Fandalisearring fan begraafplakken wurdt dan ek beskôge as in tige minne die, dy't bestrafber is as misdriuw. It iepenbrekken fan grêven is in noch helte minder misdriuw, dat grêfskeining hjit. Lykwols is it foar argeologen tige gongber om grêven út 'e prehistoarje, de Aldheid en de Midsiuwen iepen te brekken. It ferskil liket dêrmei te lizzen oan 'e âlderdom fan in grêf. De argeology kin in protte ynformaasje út in grêf helje, lykas hoe't de ferstoarne foar syn dea libbe, hoe't er stoarn is en hokfoar opfettings oft syn kultuer oer de dea en it hjirneimels hie. As der grêfgeskinken binne, kin dêr noch mear út ôflaat wurde oer de kultuer fan 'e deade. Tsjintwurdich binne ûnskeinde grêven troch de yntrede fan 'e argeogenetika in noch wichtiger boarne fan ynformaasje as foarhinne. Yn dat ramt wurde by argeologysk ûndersyk fan grêven beskermjende klean droegen om besmetting mei modern DNA foar te kommen. Net eltsenien fynt it iepenbrekken fan grêven foar wittenskiplik ûndersyk talitber. Yn 'e Feriene Steaten fersette de Yndianen har bygelyks fûleindich tsjin it fersteuren fan 'e rêst fan harren foarâlden, en sûnt yn 1990 nei lang krewearjen fan 'e Yndianen de Native American Graves Protection and Repatriation Act (NAGPRA) oannommen waard, is dat ek net mear tastien.

Grêven op in begraafplak yn Eastenryk.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wikiwurdboek-side - grêf

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.