Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Auld Alliance

Ut Wikipedy

De Auld Alliance (Skotsk foar "Alde Alliânsje"; Ingelsk: Old Alliance; Frânsk: Vieille Alliance) wie in polityk en militêr bûnsgenoatskip tusken Frankryk en it Keninkryk Skotlân fan 1295 oant 1560. Dit ferbûn ûntstie doe't de Skotske kening Jan fan Balliol yn 1295 stipe socht by Filips IV fan Frankryk, as reäksje op it belied fan oerhearsking dat de Ingelske kening Edwert I doedestiden foar Skotlân oer fierde.

De Auld Alliance wie sadwaande in anty-Ingelsk ferbûn, dat in grutte rol spile yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, de Hûndertjierrige Oarloch, de Oarloch fan de Liga fan Kameryk en de saneamde Rûge Hofmakkerij. Uteinlik waard it ûnder Ingelske druk troch de Skotten beëinige by it Ferdrach fan Edinburch, fan 1560. Yn 'e tuskenlizzende perioade waard de Auld Alliance troch alle Frânske en Skotske keningen op 'e nij bekrêftige, útsein troch Loadewyk XI fan Frankryk. Tsjin 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw wie dy bekrêftiging tradysje wurden en ek ferrjochte as der op dat stuit gjin oarloch mei Ingelân wie.

As útfloeisel fan 'e Auld Alliance ûntfong eltse Skot dy't him yn Frankryk nei wenjen sette automatysk de Frânske nasjonaliteit. Dy regel bleau fan krêft lang oant nei't de Auld Alliance beëinige wie, feitliks oant yn 1903. Yn 1995 waarden sawol yn Skotlân as yn Frankryk festiviteiten organisearre om it sânhûndertjierrich jubileum fan it bûnsgenoatskip te betinken. Neffens in ûndersyk fan 'e Britske histoarikus Siobhan Talbott, út 2011, is de Auld Alliance eins, nettsjinsteande de bepalings fan it Ferdrach fan Edinburch, nea formeel werroppen, sadat it ferbûn de jure yn elts gefal oant de opheffing fan it Keninkryk Skotlân yn 1707 bestien hawwe soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.