Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Konsonanteskrift

Ut Wikipedy

In konsonanteskrift of abjad (/ˈæbdʒæd/) is in skrift dêr't, ta tsjinstelling fan wiere alfabetten, elts symboal of glyf foar in konsonant stiet en dêr't de lêzer sels de gaadlike fokaal by lêze kin. Yn saneamde ûnsuvere abjads komme wol opsjonele diakrityske tekens, of in beheind tal fokalen, of beide foar. De namme abjad (أبجد) komt fan de earste letters fan it Arabysk skrift, dy't mei de a, b, j en d oerienkomme. De folchoarder (abjadī) fan Arabyske letters kaam eartiids oerien mei dy fan de âldere Fenisyske, Hebriuwske en Semityske proto-alfabetten: alef, bet, gimel, dalet.

Nei in opstel fan Peter T. Daniels út 1990 is it begryp abjad foar konsonanteskriften en -alfabetten gebrûkliker wurden. Neffens him ferskille konsonanteskriften fan alfabetten om't der allinnich mar konsonanten as de basisletters brûkt wurde. Konsonanteskriften ferskille fan abugida's, in oare kategory dy't troch Daniels omskreaun waard, yn de sin dat yn abjads de konsonant ynsletten wurdt troch fonology en dêr't diakrityske tekens yn it skrift besteane, lykas it niqqud foar it Hebriuwsk en ḥarakāt foar it Arabysk, is it gebrûk dêrfan opsjoneel en net de dominante (of belêzen) foarm. Abiguda's tsjutte alle fokalen oan, útsein de ynherinte fokalen (almeast /a/), mei in diakritysk teken (in lytse taheaksel oan de letter) of in letter dy't op himsels stiet. Guon abiguda's brûke in spesjaal teken om de ynherinte fokalen te ûnderdruken, sa't allinnich in konsonant goed oantsjutten wurdt. Yn in wurdlidskrift tsjut ien teken in folslein wurdlid oan. Dat wol sizze dat der in inkeld fokaal of in kombinaasje fan in fokaal mei ien of mear konsonanten.

It earste konsonanteskrift dat op grutte skaal brûkt waard wie it Fenisysk alfabet. Yn tsjinstelling ta oare skriften út dy tiid, lykas it spikerskrift en de Egyptyske hieroglifen, bestie it Fenisysk alfabet út in stikmannich tekens. Sadwaande wie it skrift makliker te learen en de Fenisyske seehannelslju namen dat skrift mei oer de doetiidske bekende wrâld.

It Fenisysk alfabet wie gâns ienfâldiger foar it fonetysk skriuwen as it skriuwen mei hieroglifen. Fan it Fenisysk alfabet ûntstiene der nije skriften, lykas it Gryksk alfabet, it Arameesk alfabet, dat ek in konsonanteskrift wie dat in soad brûkt waard, en nei alle gedachten it Tifinagh, ek in konsonanteskrift, yn Noard-Afrika. Fan it Grysksk alfabet ûntstiene de westerske alfabetten, lykas it Latynsk alfabet en it Syrillysk alfabet, wylst fan it Arameesk alfabet in soad moderne konsonanteskriften en abugida's fan Aazje ûntstiene. Fan it Tifinagh waard der in moderne foarm, it Nij-Tifinagh ûntwikkele, mar it wurdt net in soad foar offisjele doelen brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.