Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fonology

Ut Wikipedy
Linguïstyk
Algemiene linguïstyk
Fonology
Morfology
Syntaksis
Semantyk
Ferlykjende linguïstyk
Etymology

Fonology, lûdlear of klanklear is in dielmêd yn de lingwistyk. It omfiemet it systeem fan eleminten, dy't fonemen (lûden) neamd wurde. Yn de fonology wurde de lûden as boustiennen fan in taal neier besjoen. In list fan alle fonemen binne beskreaun yn it International Phonetic Alphabet (IPA - ynternasjonale fonetyske alfabet).

De fonology hat trije ûnderskate nivo's:

  • It fonematyske nivo : hoe hawwe wy it wurd yn 'e holle (opbou);
  • It fonetyske nivo: hoe sprekke wy de wurden út (útspraak);
  • It staveringsnivo: hoe wurdt it wurd op papier set sadat in oar it lêze kin.

It fonematyske nivo wurdt ek wol de ûnderlizzende foarm neamd. It fonetyske nivo wurdt ek wol de oerflakte foarm neamd.

Fokalen en konsonanten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fonemen binne der yn twa soarten, der binne fokalen (lûden) en konsonanten (bylûden). Om oan te jaan op hokker plak yn 'e mûle in fokaal útsprutsen wurdt is der in helpmiddel, de fokaaltrijehoeke. Konsonanten wurde neffens artikulaasjeplak yn de mûle oanjûn. Konsonaten kinne neist artikulaasjeplak ek as stimhawwend of stimleas oantsjut wurde.

Fonologyske regels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fonemen binne der yn twa skiften, de ûnderlizzende foarm en de oerflaktefoarm. De ûnderlizzende foarm is de foarm neffens útspraak fan fonemen as ienheden op harsels. De oerflaktefoarm is de foarm fan it wurd sa't it as gehiel útsprutsen wurdt. De feroarings fan ûnderlizzend nei de oerflaktefoarm, binne de fonologyske regels. In stikmannich fonetyske regels yn it Frysk binne: