Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

DreamWorks Pictures

Ut Wikipedy
DreamWorks Pictures
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio
haadkertier Universal City (Kalifornje)
oprjochte 12 oktober 1994
oprjochter Steven Spielberg
Jeffrey Katzenberg
David Geffen
mem Amblin Partners
sifers
wurknimmers 80 (2012)
offisjele webside
dreamworkspictures.com

DreamWorks Pictures, ek bekend as DreamWorks SKG, DreamWorks Studios of koartwei DreamWorks, is in Amerikaanske filmstudio dy't yn 1994 oprjochte waard troch Steven Spielberg, Jeffrey Katzenberg en David Geffen (mei-inoar: SKG). Njonken it produsearjen fan films lei de studio him yn it ferline ek ta op 'e distribúsje fan films, sawol fan eigen produkten as fan oare studio's. Yn 2006 ferkochten de oprjochters DreamWorks oan Viacom, de memme-ûndernimming fan Paramount Pictures, mar yn 2008 beëinigen se de gearwurking mei Paramount, en waard DreamWorks wer in selsstannich bedriuw, dat yn 2009 in oerienkomst sleat mei Walt Disney Studios Motion Pictures, dat de filmdistribúsje oernaam fia Touchstone Pictures. Dy oerienkomst rûn yn 2016 ôf, en sûnt dy tiid is de distribúsje fan DreamWorks-films útbestege oan Universal Pictures, in studio wêrfan't DreamWorks ek kantoarromte hiert. De earste animaasje-ôfdieling fan DreamWorks, dy't no bekend stiet as DreamWorks Animation, waard yn 2004 in selsstannich bedriuw, en is no in dochterûndernimming fan NBCUniversal. DreamWorks Pictures brûkt it oarspronklike DreamWorks-logo, dêr't DreamWorks Animation de rjochten op besit, ûnder lisinsje fan Universal.

DreamWorks waard yn 1994 oprjochte nei't Jeffrey Katzenberg ûntslach nommen hie by The Walt Disney Company. Hy kaam doe by Steven Spielberg en David Geffen mei it plan om in eigen filmstudio te foarmjen foar de produksje fan sawol live-action- as animaasjefilms. Soks wie yn 'e filmyndustry fan Hollywood al yn tsientallen jierren net dien en waard beskôge as in riskante ûndernimming. Spielberg en Geffen stimden mei it foarstel yn op trije betingsten: de nije studio soe minder as njoggen films yn 't jier meitsje, Spielberg en Geffen soene frij wêze om foar oare studio's te wurkjen as se dat woene, en de wurkdagen soene normale tiden hawwe, sadat eltsenien op 'e tiid foar it iten thús wie. De trije mannen rjochten DreamWorks SKG formeel op 12 oktober 1994 op, wêrby't elts fan 'e trije partners $33 miljoen ynlei, en Microsoft-oprjochter Paul Allen nochris $500 miljoen.

DreamWorks SKG hierde kantoarromte yn 'e Universal Studios yn Universal City (ûnder de reek fan Los Angeles), it haadkertier fan Universal Pictures. Nettsjinsteande it feit dat se dêr ek gebrûk meitsje koene fan 'e filmsets en soundstages, joegen de produsinten fan DreamWorks der oer it algemien de foarkar oan om op lokaasje te wurkjen. De earste film fan DreamWorks wie de aksjeskriller The Peacemaker, mei yn 'e haadrollen George Clooney en Nicole Kidman.

Yn desimber 1994 waard de tillefyzjestudio DreamWorks Television (DWTV) oprjochte as tillefyzjedifyzje fan DreamWorks, nei't DreamWorks in sânjierrige joint venture ter wearde fan $200 miljoen oangien wie mei tillefyzjenetwurk ABC. It earste súkses fan DWTV wie de bekende komeedzjesearje Spin City, mei Michael J. Fox (en letter mei Charlie Sheen). Doe't it kontrakt mei ABC yn 2002 ôfrûn, waard it ferfongen troch in soartgelikense oerienkomst mei NBC. Yn 2013 gie DreamWorks Television op yn Amblin Television.

Yn 1995 joegen in stikmannich animators fan hântekene animaasjefilms fan Amblimation har by DreamWorks, dat tagelyk in diel fan Pacific Data Images oernaam, in bedriuw dat him spesjalisearre hie yn 'e produksje fan fisuële effekten. Yn 't earstoan waarden der twa aparte ôfdielings binnen DreamWorks opset foar dizze nije oanwinsten, mar dy waarden letter gearfoege. Doe't Amblimation yn 1997 opdoekt waard, kaam ek de rest fan 'e stêf oer nei DreamWorks Animation. De earste lange tekenfilms fan DreamWorks Animation wiene Antz en The Prince of Egypt, beide út 1998. Yn 2004 waard DreamWorks Animation organisatoarysk losmakke fan DreamWorks Pictures. It gie oer yn oare hannen en makket anno 2020 diel út fan NBCUniversal.

Yn 1996 waard in eigen platemaatskippij fan DreamWorks oprjochte, DreamWorks Records. It earste album dat dêr útkaam wie Older fan George Michael. De platemaatskippij kaam lykwols nea goed fan 'e grûn, en waard yn oktober 2003 ferkocht oan 'e Universal Music Group, dy't it neitiid eksploitearre as DreamWorks Nashville. Dat label waard lykwols yn 2005 opheft nei't de wichtichste artyst, countrysjonger Toby Keith, derby wei gien wie om in eigen platemaatskippij op te rjochtsjen.

Swierrichheden, oername en weroprjochting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

DreamWorks presintearre yn 2000 in plan foar in eigen studiokompleks, kompleet mei wenten, in skoalle, in tsjerke en in museum. It projekt soe yn 2001 oplevere wurde moatte, mar waard letter skrast om't it finansjeel net útkoe. Yn 1999, 2000 en 2001 wûn DreamWorks trije kear efterinoar de Oscar foar Bêste Film, foar American Beauty, Gladiator en A Beautiful Mind. Yn 1999 waard ek Go Fish Pictures oprjochte, in ûnderdiel fan DreamWorks dat filmhûsfilms, ûnôfhinklike films en bûtenlânske films produsearre en/of distribuëarre. Nei grutte finansjele ôfdijers waard dy difyzje yn 2007 opdoekt.

Oant oktober 2004 wie DreamWorks ek aktyf as distributeur fan eigen films en fan produksjes fan oare studio's. Fan 2004 oant 2006 waard de distribúsje lykwols oerdroegen oan Universal Pictures, en ek neitiid funksjonearre DreamWorks net wer sels as distributeur. Yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren kaam DreamWorks twaris tichteby in fallisemint. Yn 2003 litte de studio in ferlies fan $125 miljoen oan 'e animaasjefilm Sinbad: Legend of the Seven Seas. En yn 2005 flopt de bigbudgetfilm The Island yn 'e Amerikaanske bioskopen, hoewol't er dat ferlies letter om utens goedmakke.

Yn desimber 2005 waard der in kontrakt ôfsletten, wêrby't Viacom, de memme-ûndernimming fan filmstudio Paramount Pictures, foar likernôch $1,6 miljard DreamWorks Pictures oankocht. De studio behold syn eigen namme as ûnderdiel fan Paramount. De keap krige syn beslach op 1 febrewaris 2006. Op 8 maaie 2006 ferkocht Viacom foar $900 miljoen in mearderheidsbelang yn 'e fûnskatalogus fan DreamWorks oan Soros Strategic Partners en Dune Entertainment. Op 8 febrewaris 2010 kocht Viacom dat belang fan Soros werom foar $400 miljoen.

Yn 2008 makke DreamWorks bekend dat it fan doel wie om syn partnerskip mei Paramount en Viacom te beëinigjen. Troch in kontrakt ter wearde fan $1,5 miljard foar de produksje fan films mei de Yndiaaske Reliance Anil Dhirubhai Ambani Group slagge it DreamWorks datselde jiers noch om wer in selsstannich bedriuw te wurden. De Viacom-dochterûndernimming DreamWorks libbe neitiid fuort ûnder de namme DW Studios. Yn jannewaris 2009 sleat DreamWorks in kontrakt mei Universal dat it mooglik makke om ûnder lisinsje it oarspronklike DreamWorks-logo te brûken, dat eigendom is fan Universal-dochter DreamWorks Animation. Yn 2009 gie DreamWorks ek in distribúsje-oerienkomst oan mei Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsje-ôfdieling fan The Walt Disney Company. Der waard ôfsprutsen dat de produksjes fan DreamWorks tenei distribuëarre wurde soene fia Touchstone Pictures, in dochterûndernimming fan Disney.

2010-er jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste films fan DreamWorks nei it sluten fan 'e oerienkomst mei Disney, I Am Number Four, Cowboys & Aliens en Fright Night, flopten. Dêrtroch rekke de studio tsjin 2011 al sa yn 'e swierrichheden dat der bykommende finansiering fan Reliance socht waard. Reliance pompte yn april 2012 nochris $200 miljoen yn it needlijende bedriuw, op betingst dat DreamWorks syn produksje werombrocht ta trije films yn 't jier en bykommende finansiers socht foar films mei grutte budgetten. Sa waard neitiid 20th Century Fox as ko-finansier behelle yn 'e produksje fan Lincoln en Bridge of Spies.

It distribúsjekontrakt mei Disney rûn oant augustus 2016. Yn septimber 2015 makke DreamWorks bekend dat it net ferlinge wurde soe. Yn desimber fan dat jier gie DreamWorks mei Reliance, Entertainment One, Participant Media en Steven Spielberg syn Amblin Entertainment in formele partnerskip oan dy't de foarm krige fan filmstudio Amblin Partners. DreamWorks waard dêrtroch eins ien fan 'e labels fan Amblin Partners. Yn oktober 2016 waard de distribúsje fan alle films fan Amblin Partners foar fiif jier oernommen troch Universal Pictures. Op 15 febrewaris 2017 naam Universal in minderheidsoandiel yn Amblin Partners, mei as doel om 'e bân tusken de beide bedriuwen fuort te sterkjen.

It opfallende logo fan DreamWorks bestiet út in jonge dy't op in healmoanne sit te angelfiskjen. It idee dêrfoar kaam fan Steven Spielberg en it waard útwurke troch yllustrator Robert Hunt, dy't syn eigen soan as model brûkte. It logo waard neitiid animearre troch Wes Takahashi fan Industrial Light and Magic (ILM), yn gearwurking mei Kaleidoscope Films, Dave Carson en Clint Goldman. It byhearrende muzykje waard spesjaal foar dat doel komponearre troch John Williams.

Hjirûnder in kar út 'e films fan DreamWorks Pictures. Foar in folsleine (en byholden) list fan alle produksjes fan dizze studio, sjoch: dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.


*) wûn de Oscar foar Bêste Film

*) wûn de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.