Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Saving Private Ryan

Ut Wikipedy
Saving Private Ryan
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Spielberg
produsint Steven Spielberg
Ian Bryce
Mark Gordon
Gary Levinsohn
senario Robert Rodat
Frank Darabont
Scott Frank
kamerarezjy Janusz Kamiński
muzyk John Williams
filmstudio DreamWorks Pictures
Amblin Entertainment
Mutual Film Company
distribúsje DreamWorks Pictures
Paramount Pictures
spilers
haadrollen Tom Hanks
byrollen Tom Sizemore
Edward Burns
Adam Goldberg
Giovanni Ribisi
Barry Pepper
Matt Damon
Vin Diesel
Jeremy Davies
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 july 1998
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Dútsk en Frânsk)
spyltiid 170 minuten
budget en resultaten
budget $65–70 miljoen
opbringst $481,8 miljoen
prizen 5 × Oscar
2 × Golden Globe
1 × Grammy Award
2 × BAFTA
1 × Saturn Award
1 × Satellite Award

Saving Private Ryan is in Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 1998 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrol akteur Tom Hanks. De titel betsjut "It Rêden fan Soldaat Ryan" of "Om Soldaat Ryan te Rêden". It ferhaal folget John Miller, in kaptein yn it Amerikaanske Leger, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch de lâning op it strân fan Normanje op D-Day meimakket. Koart dêrnei wurdt er mei in lyts detasjemint ûnderhearrigen útstjoerd om middenmank de gaos fan oarloch in soldaat James Ryan te sykjen. Dyselde hat trije bruorren dy't ek yn it leger sitte en dy't koart nei inoar sneuvele binne. Ut respekt foar it offer dat harren mem brocht hat, mei de lêst oerbleaune soan no nei hûs.

Fan 'e filmkritisy krige Saving Private Ryan rûnom lof taswaaid, en tsjintwurdich wurdt it beskôge as ien fan 'e bêste oarlochsfilms dy't ea makke is. Fral de iepeningssêne, dy't de lânings op Omaha Beach portrettearret, is tige ferneamd. Yn 'e bioskopen wie Saving Private Ryan ek in grut kommersjeel súkses. De film wûn fiif Oscars (mar ferrassend genôch net de Oscar foar Bêste Film), twa Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm), in Grammy Award, twa BAFTA's, in Saturn Award en in Satellite Award. Yn 2014 waard Saving Private Ryan foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Yn in ramtferhaal bringt in Amerikaan op jierren, beselskippe fan syn frou, bern en bernsbern, in besyk oan it Amerikaansk Begraafplak en Monumint fan Normanje, dêr't de Amerikaanske soldaten begroeven lizze dy't op D-Day sneuvele binne. Konfrontearre mei de wol suver einleaze rigen wite krusen op 'e grêven, falt de âldman gûlend op 'e knibbels del.

Op 6 juny 1944, D-Day, fiere de Westerske Alliëarden yn 'e Twadde Wrâldoarloch in lâning út op fiif strannen oan 'e kust fan 'e Frânske lânstreek Normanje. Kaptein John Miller fan it 2de Ranger Bataljon fan it Amerikaanske Leger is ien fan 'e earsten dy't op Omaha Beach oan lân giet. De Amerikanen lije yn 't earstoan oerweldigjende ferliezen by besjittings mei masinegewearen, mortieren en artillery troch de Dútsers, dy't harren yn it ramt fan 'e Atlantikwall yn bunkers by de kust lâns ferskânze hawwe. It tûzelet Miller earst fan 'e gaoatyske en bloedige slach, mar hy fermannet him en nimt it befel oer de restanten fan 'e earste lâningsweach op him. Under syn lieding witte de Amerikanen yn dy seksje fan Omaha Beach in trochbraak troch de Dútske kustferdigeningsliny te forsearjen.

Op it Ministearje fan Oarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. komt koarte tiid letter it berjocht binnen dat soldaat Sean Ryan út Iowa by de lâning op Omaha Beach sneuvele is. Frijwol tagelyk is syn broer Peter Ryan sneuvele by de lâning op Utah Beach. En, sa't no krekt bekend wurdt, harren âldste broer Daniel Ryan is likernôch in wike earder sneuvele yn 'e striid tsjin 'e Japanners yn it oerwâld fan Nij-Guineä. In fjirde broer, de jongste, in James Ryan, tsjinnet by de Amerikaanske 101e Loftlâningsdifyzje en is mei syn ienheid foarôfgeande oan 'e lânings efter de Dútske linys yn Normanje dropt. As generaal George C. Marshall, de stêfsjef fan it Amerikaanske Leger, fan dy sitewaasje op 'e hichte steld wurdt, jout er befel dat James Ryan opspoard en nei hûs ta stjoerd wurde moat, om't fan 'e mem fan 'e fjouwer bruorren gjin fierdere offers mear frege wurde kinne.

Trije dagen nei D-Day kriget kaptein Miller fan syn oerhearrige, majoar Anderson, de opdracht om him mei in lyts kontigint manskippen djipper Normanje yn te bejaan om James Ryan te finen en werom te bringen. Miller fynt it in idioate opdracht, om 'e libbens fan in groep soldaten te riskearjen om ien oarenien te rêden, mar befel is befel, dat hy set ôf it binnenlân yn. Hy nimt acht man mei, ûnder wa syn freon sersjant Mike Horvath en fiif soldaten: de rebelske Richard Reiben, de Joadske Stanley "Fish" Mellish, de hospik Irwin Wade, de strang kristlike skerpskutter Daniel Jackson en de yn 'e striid behurde Adrian Caparzo. It kontingint wurdt kompletearre troch korporaal Timothy Upham, in stêffunksjonaris sûnder lykfol hokker gefjochtsûnderfining, fan wa't Miller lykwols ferlet hat om't er as iennichste fan 'e groep Frânsk en Dútsk sprekt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Troch oanhâldende rein en de dêrtroch feroarsake dridze tsjogge Miller en syn mannen nei it stedsje Neuville-au-Plain, dêr't de ienheid fan Ryan delparasjutearre wêze soe. As se dêr arrivearje, docht bliken dat de Dútsers de Amerikaanske troepemacht dêre midstwa spjalten hawwe. Caparzo besiket in lyts famke út 'e ruïne fan har âldershûs te rêden en wurdt dêrby deasketten troch in Dútske slûpskutter. De oare soldaten fan 'e groep rouje om him en begjinne der in wjersin by te krijen dat harren frege wurdt om harren libbens te weagjen om soldaat Ryan te rêden. As se úteinlik kontakt meitsje mei de Amerikanen oan 'e oare útein fan Neuville-au-Plain, miene se dat se soldaat Ryan fûn hawwe, mar it blykt in James Frederick Ryan út Minnesota te wêzen ynstee fan James Francis Ryan út Iowa.

Dy nacht bringe se troch yn in kapel, dêr't Miller oan Horvath opbychtet dat syn rjochterhân út en troch ûnbehearskber trillet (in symptoom fan posttraumatyske stress-steuring) sûnt se har yn Portsmouth ynskipe hawwe foar D-Day. De oare deis tsjocht de groep nei in yn 't foar fêststeld sammelpunt foar leden fan 'e 101e Loftlâningsdifyzje dy't by harren sprong út 'e fleantugen fersille rekke binne. Dêr treffe se in grutte kloft ferwûne paratroepen en isolearre rekke soldaten oan. De piloat fan in delstoart sweeffleantúch langet harren in pûdfol identiteitsplaatsjes oer, dy't er ôfnommen hat fan soldaten dy't ûnderwilens oan harren ferwûnings beswykt binne. Reiben, Mellish, Jackson en kaptein Miller smite de pûde leech en trochsykje de steapel op 'e sneup nei in plaatsje mei de namme Ryan. Foar it each fan passearjende paratroepers meitsje se dêrby mei synyske humor herteleaze opmerkings, oant Wade it yn 'e rekken kriget en harren dêrfoar de mantel útfeecht.

Syn rie te'n ein freget Miller mei útset lûd oft der ek ien is dy't in soldaat James Francis Ryan út Iowa ken. In parasjutist antwurdet dat dat in freon fan in freon fan sines is. Hy hellet syn maat derby, in Mandelsohn, waans gehoar skansearre rekke is troch in te neie eksploazje. Fia skriftlike kommunikaasje leit Miller de man út wat er witte wol. Mandelsohn fertelt dat Ryan hjir yndie wie, mar dat er mei in stikmannich oare net-ferwûne manskippen opfandele is troch in ofsier dy't befel krigen hie om in brêge oer de rivier de Merderet, yn it (fiktive) plak Ramelle, te ferdigenjen. Sadwaande sette Miller en syn mannen wer ôf, diskear nei Ramelle.

Underweis stjitte se op 'e liken fan in in stikmannich Amerikaanske soldaten, dy't deasketten binne by in ferskûle opstelde Dútske mitrailleurspost. Hoewol't de Dútsers harren noch net opmurken hawwe en se dus mei in omtrekkende beweging ûngemurken passearje kinne, beslút Miller tige tsjin 't sin fan syn manskippen dat de mitrailleurspost neutralisearre wurde moat om foar te kommen dat dy oare Alliëarden fataal wurde kin. De mannen bestoarmje de mitrailleurspost en oerweldigje de Dútsers, dy't op ien nei allegearre omkomme. Mar hospik Wade wurdt by it gefjocht deadlik rekke en beswykt koarte tiid letter oan syn wûnen.

De mannen, mei Reiben foarop, beslute út wraak om 'e iene kriichsfinzen nommen Dútser stânrjochtlik te eksekutearjen. Upham besiket tuskenbeiden te kommen troch derop te wizen dat soks neffens it oarlochsrjocht in oarlochsmisdie wêze soe. Mei't se op harren misje net in kriichsfinzene meislepe kinne en om't er by thúskomst graach syn frou rjocht yn 'e eagen sjen kinne wol, oarderet kaptein Miller syn manskippen om 'e Dútser gean te litten nei't er de man opdracht jûn hat om him oer te jaan oan 'e earste Alliëarde patrûlje dy't er tsjinkomt. Reiben is poerrazen oer dizze gong fan saken, mei't eltsenien wol foar it ferstân hawwe kin dat de Dútser soks net dwaan sil. Hy driget mei desersje, en dêrop lûkt Horvath syn pistoal en driget Reiben troch de holle te sjitten as er it weaget om fuort te rinnen.

Miller wit de sitewaasje op knaphandige mar ûnferwachte wize del te bêdzjen troch foar it earst wat oer syn eigen eftergrûn te fertellen, eat dêr't syn mannen al jierrenlang oer spekulearje. It docht bliken dat de kaptein yn syn boargerlibben learaar oan in middelbere skoalle yn Pennsylvania wie. Hy beprakkesearret lûdop dat minsken, foar't er yn it leger gie, faak syn berop wol riede koene, wylst it foar syn manskippen as in folsleine ferrassing komt. Dat ymplisearret dat er troch syn oarlochsûnderfinings feroare wêze moat, en hy freget him ôf oft syn frou him noch wol weromkenne sil as er wer thúskomt. Sokke djip persoanlike ûntboezemings hawwe syn manskippen neat mear op te sizzen, en de hiele groep, Reiben ynbegrepen, helpt Miller as er dêrnei úteinset mei it begraven fan Wade en de Amerikaanske soldaten dy't by de mitrailleurspost delmeand wiene.

Oankommen yn Ramelle spoart Miller einlings en te'n lêsten de juste James Ryan op, dy't der raar tasit as er te hearren kriget dat al syn bruorren dea binne. Mar as er beseft dat Miller fan doel is om him linea recta werom te marsjearjen nei de kust, begjint er tsjin te akseljen. Nei syn eigen miening fertsjinnet er it neat mear as lykfol hokker oare Amerikaanske soldaat om nei hûs te meien. Boppedat is de ferdigening fan 'e brêge yn Ramelle fan krúsjaal belang foar de Alliëarde opmars yn Normanje, en Ryan wegeret syn wapenbruorren ("de iennichste bruorren dy't ik noch haw") yn 'e steek te litten. Konfrontearre mei dy hâlding wit Miller eefkes net mear wat er moat, want hy kin Ryan net bêst fêstbine en nei de kust ta slepe. Horvath bepraat him om te helpen by de ferdigening fan 'e brêge. As se dy út 'e hannen fan 'e Dútsers witte te hâlden, dy't op kommendeweis binne, sille se it miskien allegearre wol fertsjinje om nei hûs te meien.

Sadwaande jout Miller him mei syn detasjemint by de mingde ienheid dy't de brêge ferdigenje moat. Hy nimt it befel op him, mei't alle ofsieren dy't oarspronklik by de ienheid hearden, ûnderwilens al sneuvele binne. Mei help fan Horvath en de oare mannen stelt er in ferdigeningsplan op, dat draait om it blokkearjen fan 'e tagongswei nei de brêge troch by in Dútske tank de rupsbannen te sabotearjen. As de Dútsers úteinlings opdaagjen komme, sneuvelje Jackson en Horvath yn it gefjocht. Mellish rekket behelle yn in man-tsjin-mangefjocht mei de eardere kriichsfinzene fan 'e mitrailleurspost, dy't him blykber wer by syn eigen troepen jûn hat. Hy ropt oan Upham om help, mar Upham is ferlamme troch eangst, mei as gefolch dat Mellish troch de Dútser deastutsen wurdt. As de pear oerlibjende Amerikanen tebekwike moatte nei de oare kant fan 'e rivier, besiket Miller de brêge, dy't fan springstofladings foarsjoen is, op te blazen. Hy wurdt lykwols delsketten ear't dat slagget.

Tom Hanks.
Tom Sizemore.
Edward Burns.
Adam Goldberg.
Giovanni Ribisi.
Barry Pepper.
Matt Damon.

In Dútske tank komt oer de brêge en Miller sjit dêr by wize fan lêste wanhoopsdie syn pistoal op leech. Hy is ferbjustere as de tank ûntploft, mar as der in momint letter in pear Amerikaanske jachtfleanmasines oerkomme, begrypt er dat it net syn eigen kûgels binne dy't der ferantwurdlik foar binne. De fleantugen liede de oankomst fan Alliëarde lântroepen yn, sadat de striid om 'e brêge dochs noch yn it foardiel fan 'e Amerikanen besljochte wurdt. Upham wit te let syn moed te finen en nimt in stikmannich Dútsers kriichsfinzen. Under dyselden is ek de eardere kriichsfinzene fan 'e mitrailleurspost, dy't syn maten fertelt dat se foar Upham net benaud hoege te wêzen, om't de jonge ûnskealik is. Dêrop sjit Upham him dea. Oarekant de brêge binne Reiben en Ryan derby as kaptein Miller syn lêste siken útblaasd, nei't er Ryan op it hert drukt hat dat er de opofferings fan 'e oare mannen fertsjinje moat troch in sa weardefol mooglik libben te lieden.

Fjouwerenfyftich jier letter, yn 1998, fynt in James Ryan op jierren op it Amerikaansk Begraafplak en Monumint fan Normanje it grêf fan kaptein Miller werom. Mei syn hân op 'e griene sjêden flústeret er de deade ta dat er eltse dei oan syn lêste wurden tinkt en dat er syn libben sa goed mooglik libbe hat. Hy hopet dat dat genôch is om 'e opofferings fan Miller en syn manskippen te fertsjinjen.

haadrollen
personaazje                            akteur/aktrise
kaptein John H. Miller Tom Hanks


byrollen
personaazje akteur/aktrise
sersjant Mike Horvath Tom Sizemore
soldaat Richard Reiben Edward Burns
soldaat Stanley "Fish" Mellish Adam Goldberg
hospik Irwin Wade Giovanni Ribisi
soldaat Daniel Jackson Barry Pepper
soldaat James Ryan Matt Damon
soldaat Adrian Caparzo Vin Diesel
korporaal Timothy Upham Jeremy Davies
majoar Walter Anderson Dennis Farina
kaptein Fred Hamill Ted Danson
soldaat James Frederick Ryan Nathan Fillion
sersjant William Hill Paul Giamatti
James Ryan op jierren Harrison Young
soldaat Mandelsohn Ryan Hurst
soldaat Henderson Max Martini
luitenant DeWindt Leland Orser
kriichsfinzene fan mitrailleurspost Jörg Stadler
generaal George C. Marshall Harve Presnell
kolonel Mac Bryan Cranston
kolonel T.E. Sanders David Wohl
kolonel #3 Dale Dye
Margaret Ryan (frou fan James) Kathleen Byron
soldaat Doyle Glenn Wrage
radioman Corey Johnson
korporaal Loeb John Sharian
luitenant Briggs Rolf Saxon
soldaat Parker Demetri Goritsas
soldaat Toynbe Dylan Bruno
mem Ryan Amanda Boxer

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmprodusint Mark Gordon wie in fan fan it wurk fan senarioskriuwer Robert Rodat oan films as Tall Tale (1995) en wat letter Fly Away Home (1996) wurde soe. Yn 1995 metten se inoar en Gordon sloech foar om tegearre in nij filmprojekt te begjinnen. Binnen inkele wiken kaam Rodat op 'e lapen mei it idee foar Saving Private Ryan. Hy waard dêrby ynspirearre troch it non-fiksjeboek D-Day, June 6 1944: The Climactic Battle of World War II (1994), dat er fan syn frou krigen hie. Yn it boek neamde de skriuwer, Stephen E. Ambrose, it gefal fan 'e fjouwer bruorren Niland, út Tonawanda yn New York, fan wa't twa omkamen en ien deawaand waard (mar oerlibbe yn in jappekamp). De fjirde waard neitiid yn it ramt fan it Iennichste Oerlibbene Belied fan it Amerikaansk Ministearje fan Oarloch út militêre tsjinst ûntslein en nei hûs stjoerd.

Om Saving Private Ryan te meitsjen rjochte Gordon mei Gary Levinsohn de filmproduksjemaatskippij Mutual Film Company op. Foar de nedige finansiering gied er mei it projekt te suteljen by de grutte filmstudio's fan Hollywood lâns. Fan Paramount Pictures krige er in positive reäksje. Rodat waard formeel oannommen en skreau it senario foar de film yn in perioade fan tolve moannen. Michael Bay, dy't benammen bekend is fan syn aksjefilms, waard yn it projekt behelle as regisseur, mar hy wist net hoe't er it materiaal benei komme moast op 'e respektfolle manear dy't it fertsjinne, dat hy betanke foar de ear. Akteur Tom Hanks krige it skript ûnder eagen en hie fuortendaliks belangstelling om 'e rol fan kaptein Miller te spyljen. Hy hie in moeting mei Gordon en Levinsohn, dy't gjin inkeld beswier hiene om sa'n talintearre filmstjer te casten.

Regisseur en produsint Steven Spielberg.

Hanks brocht it senario ûnder de oandacht fan syn freon Steven Spielberg, mei wa't er graach profesjoneel gearwurkje woe. Spielberg hie in bysûndere belangstelling foar de Twadde Wrâldoarloch en woe wol op 'e regisseursstoel plaknimme. Tsjin dy tiid hie Paramount twa oare filmprojekten oer de Twadde Wrâldoarloch yn preproduksje nommen, Combat en With Wings as Eagles, it iene mei Bruce Willis en it oare mei Arnold Schwarzenegger yn 'e haadrol. De studio drige dêrom Saving Private Ryan ôf te sizzen, mar doe't Gordon mei de tynge kaam dat er Hanks yn 'e haadrol hie mei Spielberg as regisseur, kamen de studiobazen op dat beslút werom. Fia Spielberg rekke de studio DreamWorks Pictures, dêr't hy ien fan 'e oprjochters fan wie, belutsen by it filmprojekt, en ek syn eigen bedriuw Amblin Entertainment.

Troch it swiere gewicht dat Spielberg yn 'e skealjes lei, ferdwûnen Gordon en Levinsohn frijwol fan it toaniel, hoewol't se yn namme produsint fan 'e film bleaune. De wiere beslissings oer de film waarden lykwols nommen troch Spielberg en Ian Bryce fan Amblin. Foar de film wie in budget beskikber fan $65 oant $70 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams. Spielberg woe fan Saving Private Ryan earst in oarlochsfilm meitsje yn 'e styl fan in spannende aventoerefilm, mar nei't er mei Amerikaanske feteranen oer harren ûnderfinings praat hie, kaam er ta de konklúzje dat soks ûnfoech wêze soe. De feteranen fregen him, smeekten him suver, om net wer in "Hollywoodfilm" te meitsjen, mei sanitearre en sentimintalisearre ôfskilderings fan 'e striid dy't taspitst wiene op eare en gloarje, mar om ynstee harren wiere ferhaal te fertellen. Spielberg besleat te besykjen om dat te dwaan en liet it senario fan Rodat dêrom foar in diel werskriuwe (yn 't bysûnder wat de lâningsoperaasje op D-Day oanbelange). Frank Darabont en Scott Frank, dy't it wurk ferrjochten, krigen dêrfoar gjin fermelding op 'e ôftiteling.

De preproduksje fan Saving Private Ryan wie mar koart, mei't Steven Spielberg yn 1997, it jier fan 'e opnamen, twa oare projekten ôfwurke: de science fiction-film The Lost World: Jurassic Park en de histoaryske film Amistad. Hy en kameraregisseur Janusz Kamiński namen it idee yn omtinken om Saving Private Ryan yn swart-wyt te filmjen, krekt sa't Spielberg dien hie mei syn Holocaustfilm Schindler's List, út 1993, mar se kamen ta de konklúzje dat soks pretinsjeus oerkomme soe en teffens hiene se der belangstelling foar om 'e kleurebylden nei te bearen dy't se yn 'e iere dokumintêres oer de Twadde Wrâldoarloch sjoen hiene.

De opnamen foar Saving Private Ryan setten op 27 juny 1997 útein en duorren tolve wiken, oant en mei 13 septimber fan dat jier. De film waard hast hielendal yn gronologyske sênefolchoarder opnommen, in ûnderfining dy't beskate leden fan 'e filmcrew "mentaal demoralisearjend" fûnen, om't de leden fan 'e cast allegearre mei-inoar begûnen, mar om bar ôffoelen wannear't harren personaazjes dearekken. Spielberg wurke tige hurd en liet de akteurs mei opsetsin lange dagen meitsje. Yn in fraachpetear út 2018 seid er dêroer: "It útfjochtsjen fan in oarloch giet hurd, en ik woe beslist foarkomme dat de akteurs har noflik begjinne soene te fielen. Ik woe net dat se it har oan tiid diene om [bûten de opnamen om] 75 bledsiden fan in roman te lêzen. […] Ik woe dat alles sa fluch gie dat se altyd it gefoel hiene dat se har it op slachfjild befûnen. […] Oarloch hâldt gjin skoft."

Ballinesker Beach yn súdeastlik Ierlân tsjinne by de opnamen fan Saving Private Ryan as Omaha Beach yn Normanje.

De ferneamde sênesekwinsje dy't de lâningsoperaasje fan D-Day op Omaha Beach sjen lit, waard oer in perioade fan trije oant fjouwer wiken filme en koste $12 miljoen. As lokaasje waard Ballinesker Beach by Curracloe yn it greefskip Wexford yn súdeastlik Ierlân útkeazen. De kar foel op dat lân om't associate producer Kevin de la Noy earder meiwurke hie oan 'e opnamen fan 'e histoaryske film Braveheart, dy't ek fierhinne yn Ierlân opnomen wie. Hy hie doe kontakten opdien mei it Ierske Leger, dat it gros fan 'e figuranten levere hie. Oan 'e opnamen fan 'e lâningsoperaasje wurken behalven in filmcrew fan 400 koppen ek 1.000 figuranten mei, dy't yndie rekrutearre waarden út it Ierske Leger en de Fórsa Cosanta Áitiúil, de Ierske nasjonale reserve. Ek wiene der likernôch 30 lju mei echte amputaasjes, dy't trochgiene foar soldaten by wa't in lichemsdiel ôfsketten waard. Foar de eigentlike lâning waarden twa orizjinele Higginsboaten ynset, wylst oare lâningsfartugen út 'e 1950-er jierren oanfierd waarden út Kalifornje, Donegal en Southampton.

De sênes fan it ramtferhaal oan it begjin en de ein fan 'e film waarden opnommen op it echte Amerikaansk Begraafplak en Monumint fan Normanje yn Coleville-sur-Mer, deunby it echte Omaha Beach. De sênes mei de Dútske mitrailleurspost waarden filme yn Thame Park yn Thame, yn it Ingelske greefskip Oxfordshire. Dêr waard ek de oernachting yn 'e kapel opnommen, dy't yn it park stiet. It Ingelske plattelân yn 'e neite fan West Kennet, yn Wiltshire, gie troch foar de nôtfjilden fan Iowa, dêr't de mem fan 'e bruorren Ryan it berjocht fan 'e dea fan trije fan har fjouwer soannen kriget. Foar de rest waard Saving Private Ryan opnommen yn of by it Hatfield Aerodrome yn Hertfordshire, wêrûnder sawol binnendoarsênes, lykas dy yn it Amerikaansk Ministearje fan Oarloch yn Washington, D.C., as bûtendoarsênes, lykas it gefjocht om 'e brêge yn Ramelle.

De distribúsje fan Saving Private Ryan waard fersoarge troch DreamWorks Pictures yn gearwurking mei Paramount Pictures. De film gie op 21 july 1998 yn New York yn premiêre by in tige dimmen evenemint dat ûntdien wie fan alle feestlikheden dêr't in galapremiêre ornaris mei mank giet. Soks waard yn dit gefal as "ûnbetamsum" beskôge, sa't The New York Times berjochte. Saving Private Ryan iepene op 24 july 1998 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 july by platemaatskippij DreamWorks Records. Yn maaie 1999 waard de film útbrocht as VHS-keapfideo. Yn novimber fan dat jier kaam ek de earste dvd-edysje fan Saving Private Ryan út. Op blu-ray waard de film foar it earst útbrocht yn maaie 2010.

Fan 'e filmkritisy krige Saving Private Ryan oer it algemien tige positive resinsjes, hoewol't Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times de film beskreau as dûnkerder en somberder as lykfol hokker fan Steven Spielberg syn eardere films. Hy priizge lykwols it ôfweven fan 'e regisseur mei de myte dat de Twadde Wrâldoarloch in gefjocht fan ljochtsjende helden tsjin boasaardige smjunten wie, om ynstee de reäliteit fan 'e striid sjen te litten, "dêr't Amerikaanske soldaten deugdsumens mei de gek beslane en har oerjaande Dútsers deasjitte, dêr't fatsoenlik en altruïstysk hâlden en dragen yn 'e regel fataal is, en dêr't de dea willekeurich en stom is en hast yn gjin inkeld opsjoch in positive útwurking hat." Yn 'e Chicago Tribune wie Gene Siskel ek fol lof oer it fermogen fan Saving Private Ryan om 'e "bisteftigens en gekte" fan 'e oarloch op 't aljemint te bringen en ûnderwilens dochs noch "op oannimlike wize" de opofferings en de moed fan 'e soldaten te fieren.

De iepeningssêne fan it ramtferhaal fan 'e film waard opnommen op it Amerikaansk Begraafplak en Monumint fan Normanje, deunby it histoaryske Omaha Beach.

In protte resinsinten, ûnder wa Turan, Siskel, Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times en Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly, fokusten yn harren resinsjes op 'e beide grutte gefjochtssênes út 'e film: de lâning op Omaha Beach oan it begjin en de striid om 'e brêge yn Ramelle oan 'e ein. De measte oandacht gie lykwols út nei de frijwol unanym as tige yndrukwekkend beskôge amfibyske operaasje fan D-Day. Gleiberman en Richard Schickel fan Time kwalifisearren dy sênesekwinsje as ien fan 'e revolúsonêrsten út 'e filmskiednis. Ebert en Schickel ferlieken de ôfskildering fan 'e lâningsoperaasje op it mêd fan enerzjy en eangst mei soartgelikense sênes út Platoon (1986), in ferneamde oarlochsfilm oer de Fjetnamoarloch, mar dan mei in grutter eachweid en mannen dy't inoar fanôf gruttere ôfstannen ombringe.

Gleiberman skreau dat de sêne sa'n reuseftige impact hie en sasear ta neitinken stimde, dat er de rest fan 'e film alhiel yn it skaad stelde. Guon resinsinten hiene wat krityk op 'e mjitte fan reälistysk geweld en de bluodderigens dy't yn 'e sênesekwinsje op Omaha Beach toand waard, mar Turan wie fan miening dat dat net dien wie út sensasjonalisme of foar de fermaakswearde, mar kalm en mei doel, om 'e gaos en de wanhoop oer te bringen dy't de soldaten ûnderfûnen dy't oan 'e lâningsoperaasje dielnamen. Turan fûn sels lykwols dat, bûten de gefjochtssênes om, it senario "effektyf mar net ynspirearre" wie, en dat der ûntlienings yn opnommen wiene fan oarlochsfilms fan oare grutte regisseurs, ûnder wa Oliver Stone, Stanley Kubrick en Francis Ford Coppola. Hy hie ek krityk op "manipulative" sentimintaliteit fan it ramtferhaal. De aktearprestaasje fan Tom Hanks koe frijwol sûnder útsûndering op lof fan 'e filmkritisy rekkenje. Guon, lykas Richard Schickel en Janet Maslin fan The New York Times, woene hawwe, de rol fan kaptein Miller wie de bêste fan syn karriêre.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Saving Private Ryan in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 146 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ferankere troch alwer in geweldige aktearprestaasje fan Tom Hanks skriuwt de nearne foar tebekskriljend reälistyske oarlochfilm fan Steven Spielberg frijwol in nije definysje foar it sjenre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Saving Private Ryan in goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 38 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfinings befrege waarden troch CinemaScore, joegen Saving Private Ryan yn trochsneed in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10.

Saving Private Ryan brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $216,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $265,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $481,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $65 oant 70 miljoen betsjut dat in winst fan $411,8 oant 406,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Saving Private Ryan de op ien nei meast opbringende film fan 1998, nei de science-fiction-aksjefilm Armageddon. (Dy film brocht $553,7 miljoen op, mar wie folle djoerder om te meitsjen, dat úteinlik fertsjinnen de makkers der minder oan as oan Saving Private Ryan.) Doe't Saving Private Ryan letter op 'e nij yn bioskopen kaam, waard nochris $500.000 fertsjinne. En de ferkeap fan VHS-keapfideo's hie tsjin july 1999 al $44 miljoen opsmiten.

Yn it Thame Park by Thame, yn Oxfordshire, waarden de sênes filme mei it Dútske mitrailleursnêst en mei de oerfal op it Dútske pânserfiertúch.

Yn 1999 waard Saving Private Ryan by de Oscars nominearre foar prizen yn 11 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste akteur (Tom Hanks), bêste orizjinele senario, bêste filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp en bêste fisazjy. Dat de film de striid om 'e Oscar foar Bêste Film ferlear fan it histoaryske romantyske komeedzjedrama Shakespeare in Love wie tige ûnferwachte en wurdt noch altyd sjoen as ien fan 'e grutste kantelings yn 'e skiednis fan 'e Oscars. Nei't it skynt lei it oan 'e drammerige kampanje fan 'e produsinten fan Saving Private Ryan, dy't in protte leden fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) in wjersin by de film besoargen, mei as gefoch dat se foar de wichtichste konkurrint stimden.

Saving Private Ryan wûn lykwols al 5 oare Oscars: foar bêste regisseur (Steven Spielberg), bêste kamerarezjy (Janusz Kamiński), bêste filmmontaazje (Michael Kahn), bêste lûdsmixing (Gary Rydstrom, Gary Summers, Andy Nelson en Ronald Judkins) en bêste lûdsmontaazje (Gary Rydstrom en Richard Hymns).

By de Golden Globes waard Saving Private Ryan nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste akteur yn in dramafilm (Tom Hanks), bêste orizjinele filmmuzyk en bêste senario. De film wûn 2 Golden Globes, foar bêste dramafilm en bêste regisseur. De film wûn ek de Grammy Award, de wichtichste Amerikaanske muzykpriis, foar bêste ynstrumintale komposysje skreaun foar in spylfilm. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Saving Private Ryan nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur en bêste akteur (Tom Hanks). De film wûn 2 BAFTA's, foar bêste lûd en bêste special effects.

By de Saturn Awards wûn Saving Private Ryan de priis foar bêste aksje-, aventoere- of skrillerfilm. By de Satellite Awards waard de film nominearre foar prizen yn 2 kategoryen, wêrûnder bêste byrol fan in akteur (Tom Sizemore). De film wûn de Satellite Award foar bêste filmmontaazje. Saving Private Ryan wûn ek twa Britske Empire Awards, foar bêste regisseur en bêste akteur (Tom Hanks).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.