Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Galaxy Quest

Ut Wikipedy
Galaxy Quest
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dean Parisot
produsint Mark Johnson
Charles Newirth
útfierend
   produsint
Elizabeth Cantillon
senario David Howard
Robert Gordon
basearre op Star Trek: The Original Series
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Jerzy Zielinski
muzyk David Newman
filmstudio DreamWorks Pictures
distribúsje DreamWorks Pictures
spilers
haadrollen Tim Allen
Sigourney Weaver
Alan Rickman
byrollen Tony Shalhoub
Daryl Mitchell
Sam Rockwell
Enrico Colantoni
Missi Pyle
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 desimber 1999
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-komeedzje, parody
taal Ingelsk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget $45 miljoen
opbringst $90,7 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
1 × Hugo Award

Galaxy Quest is in Amerikaanske science fiction-komeedzje út 1999 ûnder rezjy fan Dean Parisot, mei yn 'e haadrollen Tim Allen, Sigourney Weaver en Alan Rickman. De titel betsjut "Kweeste troch it Stjerrestelsel". De film is eins in parody op sawol de tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series as wat der by dy searje efter de skermen geande wie. De film giet oer de ûnderling tsierende leden fan 'e cast fan in âlde science fiction-tillefyzjesearje, dy't sa typecast rekke binne dat se nei it stopsetten fan 'e searje al jierrenlang gjin wurk mear hân hawwe en har ûnderhâlde moatte mei ferskinings op fandomkonvinsjes. It ferhaal nimt in ûnferwachte kear as se om help frege wurde troch in groep echte bûtenierdske wêzens dy't bleatsteane oan genoside. Dyselden beskôgje de searje as in rige histoaryske dokuminten en miene dat se mei in kloft krigele helden fan dwaan hawwe. Galaxy Quest krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. De film wûn de Saturn Award foar bêste akteur (Allen) en de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm). Galaxy Quest berikte neitiid de status fan cultfilm, benammen ûnder Star Trek-fans, dy't it yn 2013, by in opinypeiling, útrôpen ta de op seis nei bêste Star Trek-film aller tiden.

Yn 'e 1980-er jierren wie de science fiction-tillefyzjesearje Galaxy Quest tige by tige populêr. Mar de searje is jierren lyn al stopset. De leden fan 'e cast, dy't troch it súkses fan 'e searje sa typecast rekke binne dat se gjin oar aktearwurk mear besette kinne, binne twongen om harsels te ûnderhâlden mei reklamespotsjes en seremoniële iepenings yn har âlde rollen en mei ferskinings op Galaxy Quest-konvinsjes, dêr't se omjûn wurde troch de fanatike fans fan 'e searje, dy't "Questarians" neamd wurde. Se hawwe dêr allegearre folslein har nocht fan, útsein de waanwize Jason Nesmith, dy't yn 'e searje kaptein Peter Q. Taggart spile, de heldhaftige gesachfierder fan it romteskip de Protector. Dyselde koesteret himsels graach yn 'e gloede fan syn eigen rom út it ferline.

Nesmith tinkt dêrby inkeld oan himsels. Dat is foar him sa gewoan, dat er der net iens erch yn hat dat er op dy manear de oare leden fan 'e cast har plak yn 'e spotlights ûntnimt. De oaren wrokje dêroer, fral Gwen DeMarco en Alexander Dane. Gwen is dochs al tige ûntefreden oer har rol fan luitenant Tawny Madison yn 'e searje, dy't der yn haadsaak út bestie dat se yn in strak pakje mei in djip útsnien dekolletee omrûn en alles werhelle wat de skipskompjûter sei. Dane is in Britske akteur, dy't yn 'e searje de rol fertolke fan dokter Lazarus, de skipsdokter en in lid fan it bûtenierdske ras fan 'e Mak'tar, wêrfoar't er opmakke wie mei skobben en finnen op 'e holle. Mei't er ea noch wurk fan Shakespeare spile hat, is er swier deprimearre oer de steat fan syn karriêre, en hy walget fan syn catchphrase (karakteristyk stopwurd) út 'e searje: "By Grabthars hammer", dy't er op konvinsjes foar syn ferearjende fans altyd oant yn it ferfeelsume werhelje moat. De oare beide leden fan 'e cast binne de lakonike Fred Kwan, dy't sersjant-technikus Chen spile, en Tommy Webber, dy't luitenant Laredo spile. Yn 'e searje wie Laredo noch in bern, mar Webber is ûnderwilens opgroeid ta in folwoeksen man.

Op in meardeiske konvinsje wurdt Nesmith oansprutsen troch wat er mient dat in groepke fans is, klaaid yn gelikense klean as benei-minsklike humanoïde bûtenierdske wêzens. De lieder fan 'e groep is Mathesar, dy't fertelt dat hy en de oaren Thermianen binne. Harren folk stiet bleat oan genoside troch in fijân dy't generaal Sarris hjit. Hy wol graach de help fan kaptein Taggart hawwe, mei't dat de iennichste is dy't de Thermianen rêde kin. Nesmith giet derfan út dat er frege wurdt foar in promoasjefilmke of sokssawat, dat hy stimt dermei yn sûnder it hiele ferhaal fan Mathesar oan te hearren. Letter, as er op it húske sit, heart er in pear konvinsjegongers praten oer hoe'n suffert oft dy Jason Nesmith eins wol net is. Hy mient echt dat er kaptein Taggart is en hy hat net iens troch hoefolle oft de oare leden fan 'e cast him haatsje. Nesmith beseft dan foar de earste kear hoe't syn libben der eins echt útsjocht. Foar him is de lol derôf. Hy reägearret brúsk as Brandon, in jonge fan, him in yngewikkelde fraach stelle wol oer in gat yn 'e plot fan ien fan 'e ôfleverings, en giet betiid nei hûs, dêr't er him dy jûns bedrinkt.

De oare moarns wurdt Nesmith wekker op 'e flier fan syn wenkeamer troch it oanhâldende tikjen op it rút fan Mathesar. Nesmith lit him en de oare Thermianen deryn en klaait him oan. Troch syn kater giet it folslein oan him foarby dat se ûnderweis nei 'de set fan it promoasjefilmke', nei in echt romteskip ta teleportearre wurde, dat de Thermianen oant yn detail neimakke hawwe op basis fan 'e ôfleverings fan Galaxy Quest dy't se ûntfongen hawwe. Nesmith is ûnder de yndruk fan 'e kwaliteit fan 'e 'filmset'. De Thermianen wolle dat er foar harren ûnderhannelet mei harren fijân, generaal Sarris. Dyselde easket ûnder bedriging mei ferneatiging fan 'e Thermianen de Omega 13 op, in superwapen út Galaxy Quest dat troch kaptein Taggart-en-dy oantroffen waard op in bûtenierdske planeet, mar dat yn 'e searje nea brûkt is en wêrfan't de fermogens sadwaande ûnbekend binne. Nesmith, dy't wer nei hûs wol om syn roes út te sliepen, raffelet syn rol yn it 'promoasjefilmke' ôf troch befel te jaan alle wapens op Sarris ôf te sjitten. Dêrmei komt er dyselde folslein oer it mad, mei't soks folslein yngiet tsjin 'e normale wurkwize fan 'e skrutene Thermianen. Sadwaande slagget it Nesmith sûnder erch om Sarris tydlik út te skeakeljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid kriget Nesmith fan 'e tankbere Thermianen in kommunikaasje-apparaatsje, dat as twa drippen wetter liket op 'e kommunikaasje-apparaten dy't yn Galaxy Quest as rekwisiten brûkt waarden. Dêrmei kinne se him altyd wer oproppe as Sarris syn leske noch net leard hawwe soe. Pas as er yn in romtepak besteande út in soarte fan floeibere stof weromsketten wurdt nei de Ierde, kriget er einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat alles echt is. As er wer thús (en wat bekommen) is, set er nei de konvinsje ta om 'e oare leden fan 'e cast te fertellen wat him oerkommen is. Underweis rint er lykwols tsjin 'e jonge, yn in kostúm fan Galaxy Quest klaaide fan Brandon oan, wêrby't se allebeide har kommunikaasje-apparaten falle litte en dêrnei it ferkearde wer oppakke. As Nesmith neitiid oan 'e oare leden fan 'e cast besiket te bewizen wat er belibbe hat troch harren it kommunikaasje-apparaat fan 'e Thermianen sjen te litten, blykt it in gewoan rekwisyt te wêzen dat it net docht. Mei't er de oaren by it útdielen fan hantekenings sitte litten hat, binne se lulk op him. Se wolle net nei him harkje, en alhielendal net as er flauwekul begjint út te slaan oer in echte reis troch de romte.

Wannear't de froulike Thermiaan Laliari ferskynt om Nesmith werom te roppen (om't Sarris syn leske yndie noch net leard hat), wegerje de oaren earst om mei. It idee dat Nesmith beteljend wurk fûn hat, bringt harren lykwols op oare gedachten, dat Gwen, Dane, Kwan en Webber jouwe harren der dochs by, en Guy, in akteur dy't in needlottige figurant spile yn ien ôflevering fan Galaxy Quest, nûget himsels út om mei. Nei in skokkende reis troch de romte arrivearje de akteurs op wat in eksakte replika fan 'e Protector is. It docht bliken dat de Thermianen folslein ûnbekend binne mei konsepten as "ligen" en "bedroch" en sadwaande witte se likemin wat "aktearjen" is. Dêrom miene se mar dat Galaxy Quest in rige histoaryske dokuminten is en kaptein Taggart in echte held dy't wier bestiet. Ynspirearre troch de deugden dy't de searje útdraacht, hawwe de Thermianen harren hiele maatskippij om Galaxy Quest hinne foarmjûn.

De akteurs hawwe net folle tiid om oan dizze ûnferwachte ûntwikkeling te wennen, want generaal Sarris ferskynt wer en falt diskear daliks de Protector oan. Nesmith jout befel om it skip om te kearen en út te naaien, en se ûntkomme mar nauwerneed oan 'e dea troch dwers troch in oerâld minefjild fan magnetyske romteminen te fleanen. De Protector rekket dêrtroch wol slim skansearre, en de 'berylliumbol', de enerzjyboarne fan it skip, giet folslein nei gychem. Aldergeloks is dêr yn 'e neite in planeet dêr't yn it ferline mynbou nei berylliumbollen plakfûn. De akteurs bejouwe har yn in romtefear nei it planeetoerflak, dêr't se al rillegau deilis reitsje mei de skattich útsjende, mar trochgemiene en kannibalistyske ynboarlingen. It romtefear wit mei in berylliumbol te ûntkommen, mar Nesmith bliuwt by fersin op 'e planeet efter. Hy wurdt finzen nommen troch de bewenners, dy't him yn in primitive arena fjochtsje litte wolle tsjin in meunster dat út bewegende rotsblokken bestiet. Krekt op 'e tiid slagget it de oaren om him te rêden mei in eksperiminteel teleportaasjeapparaat.

By weromkomst oan board fan 'e Protector docht bliken dat generaal Sarris ûnderwilens it skip ferovere en de Thermianen finzen nommen hat. Sarris besiket Nesmith ûnder druk te setten om him te fertellen wat de Omega 13 docht, troch yn syn bywêzen Mathesar te marteljen. Nesmith moat lykwols tajaan dat er net wit wat de Omega 13 docht, om't er gjin echte kaptein is, mar in akteur dy't in rol spile. En wat de Omega 13 krekt is of docht hat nea yn in skript stien. Hy lit Sarris de "histoaryske dokuminten" sjen dêr't Mathesar-en-dy harren troch liede litten hawwe, en Sarris sjocht fuortendaliks dat it inkeld fermaak is en neat mei de wurklikheid út te stean hat. Hy twingt Nesmith om dat út te lizzen oan 'e desyllúzjonearre Mathesar.

Sarris aktivearret it selsferneatigingsmeganisme fan 'e Protector en giet werom nei syn eigen romteskip. Hy hjit syn trewanten om 'e Thermianen yn in fertrek op te sluten mei in lytse iepening nei de romte, sadat se stadichoan troch ferstikking omkomme sille noch foar't de Protector ûntploft. Nesmith en de oare akteurs moatte opsletten wurde yn in luchtslûs om harren út te smiten yn it fakuum fan 'e romte. Nesmith betinkt lykwols in ienfâldige mûklist om mei help fan Dane harren neat te skrandere bewekkers te oermasterjen. As dat slagge is, stjoert er Dane derop út om it libben fan 'e Thermianen te rêden, wylst Kwan, Guy en de froulike Thermiaan Laliari de restearjende trewanten fan Sarris útskeakelje, en hysels en Gwen it selsferneatigingsmeganisme útsette.

Dane moetet ûnderweis troch it skip de Thermiaanske skipsdokter Quellek, dy't oan 'e trewanten fan Sarris ûntkommen is. Tegearre besykje se de romte iepen te brekken dêr't de oare Thermianen opsletten binne. Underwilens teleportearret Kwan it rotsmeunster fan 'e planeet nei it plak yn it skip dêr't de measten fan Sarris syn mannen har sammele hawwe om ôfhelle te wurden foar de weromkear nei harren eigen skip. It meunster makket koarte metten mei harren. Neitiid kin Kwan fan op ôfstân de romte mei de Thermianen wer luchtticht meitsje, wêrnei't Dane en Quellek harren befrije kinne.

Wylst Kwan en Laliari, dy't fereale opinoar rekke binne, harrensels ta ôfgriis fan Guy oerjouwe oan in potsje yntersoartlik frijen, binne Nesmith en Gwen ûnderweis om it selsferneatigingsmeganisme út te setten. Om't net ien fan beiden wit hoe't se dat dwaan moatte of sels mar wêr't it krekt sit, skillet Nesmith fia it kommunikaasje-apparaatsje dat er earder op 'e konvinsje kwytrekke is syn fan Brandon op, dy't alles wit dat der oer Galaxy Quest te witten is. Hy en syn maten loadse Nesmith en Gwen nei it hert fan 'e Protector ta, dwers troch de Omega 13 hinne. Brandon ynformearret harren dat de Omega 13 wierskynlik net, sa't de Thermianen miene, in wapen is mei de potinsje om in ein te meitsjen oan alle libben yn 'e Molkewei, mar ynstee in tiidmasine mei it fermogen om 'e tiid trettjin tellen werom te setten. Wannear't Nesmith en Gwen einlings trochkrongen binne yn it hert fan it skip, slagget it harren troch it folgjen fan Brandon syn ynstruksjes om 'e selsferneatiging ôf te brekken.

Underwilens binne der noch altyd guon fan Sarris syn trewanten oan board fan 'e Protector efterbleaun. As ien fan harren Quellek deasjit, ûntstekt Dane yn in breinroere grime en liedt er de Thermianen by in frontale oanfal dy't de fijân alhiel ûnder de foet rint. Mei nij selsfertrouwen nimme de akteurs wer besit fan 'e brêge fan it skip. Nesmith lokket it skip fan Sarris efter harren oan en fljocht op 'e nij it grutte minefjild yn. Mei't Webber ûnderwilens oefene hat hoe't er dat fleanen yn 'e searje ek al wer die, komt de Protector der diskear sûnder averij op te rinnen wer út, mar in protte romteminen wurde fanwegen har magnetisme efter it skip oan sleept. Nesmith lit de eksplosiven tsjin Sarris syn skip oan klappe, sadat dat ûntploft en yn gruzeleminten útinoar spat.

De akteurs meitsje har op om op hûs oan, mar as de Protector by de Ierde arrivearret, docht bliken dat Sarris de ferwoastging fan syn eigen romteskip oerlibbe hat troch himsels op 'e tiid nei de Protector oer te teleportearjen. Yn in momkape kringt er op 'e brêge troch en sjit Gwen, Dane en de oaren dea. In swierferwûne Nesmith jout Mathesar befel om 'e Omega 13 te aktivearjen, sadat de tiid trettjin tellen tebekset wurdt. Diskear wachtet Nesmith Sarris op en springt er him fuortendaliks op 'e hûd, wêrnei't Mathesar de generaal delsjit.

Om 'e akteurs op 'e Ierde werom te bringen, wurdt de brêgeseksje fan 'e Protector ôfspjalten, wylst Mathesar en de Thermianen yn 'e rest fan it skip koers nei hûs sette. Laliari beslút by Kwan te bliuwen en mei te gean nei de Ierde. Brandon en syn freonen sette op it parkearterrein fan 'e Galaxy Quest-konvinsje mei fjoerwurk in provisoaryske lâningsbaan op, mar de brêge fan 'e Protector hat tefolle faasje en batst it konvinsjesintrum binnen om tsjin it poadium oan ta stilstân te kommen. As de tûzelsinnige akteurs mei Laliari de brêge ferlitte, wurde se mei lûd jûchhei ûnthelle troch de fans fan 'e searje, dy't miene dat dizze spektakulêre opkomst by de show heart. It docht bliken dat Sarris noch net dea is, mar as ek hy út 'e brêge foar 't ljocht komt, wurdt er troch Nesmith mei in laserwapen ta neat fuortbaarnt, wat de fans opfetsje as in geweldich fertoan fan special effects. Neitiid koesteret Nesmith him wer as fan âlds yn 'e ekstatyske ferhearliking troch syn fans, mar diskear tinkt er derom dat er syn ko-stjerren yn syn súkses behellet. Ta útskroevenens fan 'e fans wikselet Nesmith op it poadium mei Gwen in ynlike tongtút út.

Letter wurdt Galaxy Quest wer nij libben ynblaasd as tillefyzjesearje ûnder de titel Galaxy Quest: The Journey Continues. De castleden krije allegearre harren âlde rollen werom, en Guy en Laliari wurde tafoege as nije personaazjes.

Tim Allen.
Sigourney Weaver.
Alan Rickman.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jason Nesmith / kaptein Peter Quincy Taggart Tim Allen
Gwen DeMarco / luitenant Tawny Madison Sigourney Weaver
Alexander Dane / dokter Lazarus Alan Rickman


byrollen
personaazje akteur/aktrise   
Fred Kwan / sersjant-technikus Chen Tony Shalhoub
Tommy Webber / luitenant Laredo Daryl Mitchell
Guy Fleegman / bemanningslid #6 Sam Rockwell
Mathesar, lieder fan 'e Thermianen Enrico Colantoni
Laliari, in froulike Thermiaan Missi Pyle
generaal Roth'h'ar Sarris Robin Sachs
Teb, in Thermiaan Jed Rees
Quellek, in Thermiaan Patrick Breen
Brandon, in fan fan Galaxy Quest Justin Long
de jonge Tommy Webber / luitenant Laredo Corbin Bleu
Kyle, in fan fan Galaxy Quest Jeremy Howard
Katelyn, in fan fan Galaxy Quest Kaitlin Cullum
Hollister, in fan fan Galaxy Quest Jonathan Feyer
Lathe, ûnderbefelhawwer fan Sarris Wayne Péré
Neru, in Thermiaan Samuel Lloyd
Lahnk, in Thermiaan Rainn Wilson

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste senario foar Galaxy Quest waard on spec (sûnder dat der yn 't foar in keaper foar wie) skreaun troch David Howard. Dyselde joech it de titel mei fan Captain Sunshine ("Kaptein Sintsje-yn-Hûs"). Hy kaam op it idee foar de skript doe't er op in IMAX-presintaasje wie, dêr't mei in trailer in oankommende dokumintêre oer Amerikaanske astronauten oankundige waard. De voice-over fan 'e trailer en de dokumintêre wie fersoarge troch Leonard Nimoy, ien fan 'e oarspronklike stjerren fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren. Fan him wie bekend dat er stomme graach in 'gewoane' karriêre as akteur hawwe woe, mar dat er troch it ferskynsel typecasting sa oan 'e rol fan Mr. Spock yn Star Trek ferklibbe wie, dat er gjin oar wurk besette koe. De trailer brocht Howard sadwaande oan it neitinken oer hoe't alle stjerren fan Star Trek: The Original Series yn harren rollen fêstkommen wiene te sitten nei't de searje stopset wie. Doe krige er it idee hoe't echte bûtenierdske wêzens dêrtsjin oansjen soene. Neffens him "skreau it skript himsels gewoan" fan dat punt ôf.

It senario fan Howard kaam binnen by filmstudio DreamWorks, dêr't filmprodusint Mark Johnson op dat stuit kontraktueel it rjocht hie om himsels mooglike nije projekten ta te eigenjen. Hy wie net wei fan it skript fan Howard, mar fûn it idee dat bûtenierdske wêzens in tillefyzjesearje misynterpretearje as reäliteit fassinearjend. Hy kocht it senario dêrom oan en hierde Robert Gordon om it hielendal op 'e nij te skriuwen. Gordon wie in grut fan fan Star Trek, dy't dêrom wifke oer syn meiwurking oan wat Galaxy Quest kaam te hjitten. Hy hie wol foar it ferstân dat it hiel nau lústere mei sa'n parody en dat it maklik wie om 'e planke mis te slaan. Hy besleat it projekt oan te pakken en foege der mear humor en brike sitewaasjes oan ta, lykas de sêne wêryn't Tommy Webber alias luitenant Laredo, dy't noch nea in echt romteskip bestjoerd hat ek al spile er jierrenlang de piloat yn in tillefyzjesearje, de troch de Thermianen neiboude Protector by it romtedok lâns skraabje lit as er it skip besiket út te farren. Yn 1998 levere Gordon syn skript nei gâns wurk by DreamWorks yn, dêr't it fuortendaliks it griene ljocht krige om ferfilme te wurden.

It Stahl House, in monumintale filla yn modernistyske boustyl yn 'e Heuvels fan Hollywood, die yn 'e film tsjinst as de wente fan Jason Nesmith.

Produsint Mark Johnson woe Dean Parisot as regisseur hawwe, dy't foar him earder de film Home Fries (1998) regisearre hie. DreamWorks besleat lykwols yn see te gean mei Harold Ramis, om't dy folle mear ûnderfining hie. Ramis woe Alec Baldwin yn 'e haadrol fan Jason Nesmith hawwe, mar Baldwin hie dêr gjin belangstelling foar. Syn twadde kar Kevin Kline sloech it oanbod ôf omreden fan swierrichheden yn 'e priveesfear. De studio besleat doe om Tim Allen yn te setten foar de haadrol, in kar dêr't Harold Ramis net mei ynstimme koe; hy ferliet dêrom yn febrewaris 1999 it projekt. Binnen trije wiken hie Johnson neitiid dochs noch Parisot by de produksje nei binnen loadst. Galaxy Quest waard produsearre troch Johnson en Charles Newirth, mei Elizabeth Cantillon as útfierend produsinte. Foar de film wie in budget beskikber fan $45 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jerzy Zielinski, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Newman.

Nei de oanstelling fan Parisot as regisseur waard Tim Allen mei gauwens cast as Jason Nesmith alias kaptein Peter Q. Taggart. Hoewol't dat personaazje in dúdlike parody wie fan William Shatner alias kaptein James T. Kirk yn Star Trek: The Original Series, sei Allen letter dat er him yn syn aktearjen mear basearre hie op Yul Brynner as farao Ramses II yn The Ten Commandments (1956).

Sigourney Weaver hie it skript foar Galaxy Quest ûnder eagen krigen doe't Harold Ramis noch regisseur wêze soe, mei wa't hja gearwurke hie yn Ghostbusters (1984) en Ghostbusters II (1989). Se fûn it fuortendaliks geweldich, en doe't Dean Parisot it stokje oernaam as regisseur, lobbyde se by him om har de rol fan Gwen DeMarco alias luitenant Tawny Madison te jaan, wat er úteinlik die. It wie har eigen idee dat har personaazje blond hier en flinke boarsten hawwe moast, wêrfoar't se in prúk en in opfolle beha droech. Weaver betong dat se de prúk nei ôfrin fan 'e opnamen hâlde mocht, en se fertelde yn in fraachpetear dat se gauris yn kostúm de filmset ferliet om harsels yn har hotelkeamer yn 'e spegel te bewûnderjen.

Foar de rol fan Alexander Dane alias dokter Lazarus waard de Britske akteur Alan Rickman selektearre, dy't benammen ta de rol oanlutsen waard om it komyske aspekt en net sasear fanwegen de science fiction-eleminten. Neffens him wie it senario foar Galaxy Quest ien fan 'e grappichste skripts dy't er ea lêzen hie. Tony Shalhoub die oarspronklik audysje foar de rol fan figurant Guy, de rol dy't úteinlik nei Sam Rockwell gie. Hy waard ynstee cast as Fred Kwan alias sersjant-technikus Chen. Dat personaazje wie loskes basearre op David Carradine, dy't gjin Aziaat wie mar dochs in Aziatyske rol spile yn 'e tillefyzjesearje Kung Fu. Darryl Mitchell kaam oan 'e rol fan Tommy Webber alias luitenant Laredo trochdat er earder mei Parisot gearwurke hie yn 'e film Home Fries (1998). Foar Justin Long, dy't de rol fan 'e fanatike Galaxy Quest-fan Brandon spile, wie Galaxy Quest syn debút as filmakteur.

De earste fan 'e Thermianen dy't cast waard, wie Enrico Colantoni as Mathesar. Colantoni fûn it in geweldich skript en hie de tiid nommen om foar syn audysje in aparte wize fan hâlden en dragen te betinken foar de Thermianen, dy't er sels omskreau as "bliere Jehova's Tsjûgen" dy't om har hinne seagen mei "leafde [foar] en akseptaasje" fan alles. Parisot fûn dat geweldich en naam it daliks oer. Neffens casting director Debra Zane wie it dreech om in goede aktrise te finen foar de rol fan 'e froulike Thermiaan Laliari. Doe't lykwols Missi Pyle audysje die, wie se sa ûnder de yndruk, dat se de castingtape streekrjocht nei Parisot stjoerde mei in bryfke dêr't yn stie: "As dit Laliari net is, dan sis ik myn lidmaatskip fan 'e Casting Society of America op." Ek Steven Spielberg, ien fan 'e studiobazen by DreamWorks Pictures, wie sa fan Pyle ûnder de yndruk dat er frege oft har rol net wat grutter makke wurde koe. Dat fersyk late ta it tafoegjen oan 'e film fan 'e românse tusken Laliari en Fred Kwan.

It Steatspark Goblin Valley, yn Utah, waard brûkt as setting foar de sênes op 'e bûtenierdske planeet.

De opnamen foar Galaxy Quest fûnen yn 'e maityd en simmer fan 1999 plak. Der waard benammen filme yn 'e studio yn Los Angeles. De sênes op 'e planeet mei de skattige kannibaaltsjes en it rotsmeunster waarden opnommen yn it Steatspark Goblin Valley yn Utah. Dêr late doedestiden inkeld in ûnferhurde wei hinne; mei it jild dat de filmproduksje ophoaste om yn it steatspark filmje te meien, waard neitiid in asfaltdyk oanlein. Oare filmlokaasjes dy't foar Galaxy Quest brûkt waarden, wiene it Stahl House, dat trochgie as de filla fan Nesmith, en it Hollywood Palladium as it plak fan 'e konvinsje. De special effects fan 'e film waarden ûnder it postproduksjeproses tafoege troch Industrial Light and Magic (ILM), it bedriuw fan George Lucas.

De distribúsje fan Galaxy Quest waard fersoarge troch DreamWorks Pictures. De film gie op 25 desimber 1999 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Galaxy Quest waard op 2 maaie 2000 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd en kaam op 12 maaie 2009 út op blu-ray. In ferboeking fan 'e film, ek mei de titel Galaxy Quest, ferskynde yn novimber 1999 fan 'e hân fan Terry Bisson. Yn 2008 kaam der ek in ferfolch op 'e film út, yn 'e foarm fan in stripalbum mei as titel Galaxy Quest: Global Warning.

Fan 'e filmkritisy krige Galaxy Quest oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times it fermogen fan 'e film om "it gebrek oan logika fan [Star Trek: The Original Series] te persiflearjen." Yn The New York Times omskreau Lawrence Van Gelder Galaxy Quest as "in ynnimlike komeedzje dy't dizze populêre futuristyske romte-aventoeren wit te parodiëarjen en tagelyk de eleminten wit te duplisearjen dy't [sokke aventoeren] sa beklibjend makke hawwe." Joe Leydon fan it tydskrift Variety skreau dat Galaxy Quest "jimmer lichthertich en ljocht bliuwt wylst it trochdinderet, en nea aaklik of gemien wurdt by it satirisearjen fan 'e klisjees en kultus fan Star Trek."

Yn in retrospektyf artikel dat yn 2019 ferskynde yn it blêd Esquire, skreau Matt Miller dat Galaxy Quest "beslist beklibbet as ien fan 'e bêste science fiction-satires dy't ea makke is […]." De foaroansteande skriuwer en regisseur David Mamet bewearde yn 2008 yn syn boek Bambi vs. Godzilla: On the Nature, Purpose and Practice of the Movie Business, dat Galaxy Quest ien fan mar fjouwer "perfekte" films wie dy't de filmyndustry fan Hollywood ea fuortbrocht hie, yn 'e mande mei The Godfather, A Place in the Sun en Dodsworth.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Galaxy Quest in tige heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 123 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In yntelliginte en grappige satire mei in treflike cast; gjin foarkennis fan Star Trek nedich om hjirfan te genietsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Galaxy Quest in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 28 resinsjes.

Galaxy Quest brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $71,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $19,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $90,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan $45,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

It Hollywood Palladium waard by de opnamen fan Galaxy Quest brûkt as de lokaasje foar de fandomkonvinsje.

Galaxy Quest waard yn 2000 by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn 10 kategoryen, wêrûnder bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste aktrise (Sigourney Weaver), bêste byrol fan in akteur (Alan Rickman), bêste optreden fan in jongere akteur (Justin Long), bêste filmmuzyk, bêste fisazjy, bêste kostúmûntwerp en bêste special effects. De film wûn inkeld de Saturn Award foar bêste akteur, dy't nei Tim Allen gie. Galaxy Quest wûn ek de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm) en twa prizen op it Ynternasjonaal Festival fan de Fantastyske Film fan Brussel. De film waard fierders nominearre foar de Nebula Award foar bêste senario en de Teen Choice Award foar favorite komeedzjefilm.

Bân mei Star Trek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek-eleminten yn 'e film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galaxy Quest is in parody op Star Trek. Dat begjint al mei de titel fan 'e film, dy't "Kweeste troch it Stjerrestelsel" betsjut, wat dúdlik ôflaat is fan "Star Trek" ("Tocht by de Stjerren lâns"). Binnen de Star Trek-franchise is Galaxy Quest fral in persiflaazje fan 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren, en de earste dêrop basearre spylfilm, Star Trek: The Motion Picture (1979). De oarspronklike titel fan it senario fan Robert Gordon wie Galaxy Quest: The Motion Picture, wat nei dy film ferwiisde. Oare eleminten dy't oernommen waarden út Star Trek: The Motion Picture, wiene it útfarren út it romtedok en de har misdragende transporters (apparaten om teleportaasje mooglik te meitsjen).

Fan 'e personaazjes yn Galaxy Quest is Jason Nesmith alias kaptein Peter Q. Taggart dúdlik basearre op William Shatner alias kaptein James T. Kirk. Gwen DeMarco alias luitenant Tawny Madison is in parody op Nichelle Nichols alias luitenant Uhura (fan wa't ek wol sein waard dat har funksje oan board fan 'e USS Enterprise úteinlik neat oars wie as in soarte fan tillefoniste). Alexander Dane alias dokter Lazarus liket in kombinaasje te wêzen fan Leonard Nimoy alias Spock en DeForest Kelley alias dokter Leonard McCoy. Tommy Webber alias luitenant Laredo liket dan wer mear basearre te wêzen op it personaazje fan Wesley Crusher út 'e searje Star Trek: The Next Generation.

It foarheaksel fan it registraasjenûmer NTE-3120 fan it romteskip de Protector yn Galaxy Quest liket te wizen op it bestean fan in soarte fan romteferbûn yn 'e trant fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten út Star Trek. Mar eins wie it, by wize fan inside joke fan 'e filmmakkers, in ôfkoarting fan "Not The Enterprise" (sa fertelde Bill George, ien fan 'e tafersjochhâlders op 'e special effects, letter).

Reäksjes fan Star Trek-akteurs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sir Patrick Stewart (kaptein Jean-Luc Picard yn Star Trek: The Next Generation) sei yn in fraachpetear oer Galaxy Quest:

"Ik hie [de film] oarspronklik net sjen wollen, om't ik heard hie dat er Star Trek mei de gek besloech, en doe skille [myn ko-stjer] Jonathan Frakes my op en sei: 'Moatst beslist nei dizze film ta! […]' Dat dat die ik en fan sels fûn ik it briljant. Briljant! Net ien dy't yn dy bioskoopseal lûder of langer lake as ik. Mar it idee dat it skip rêden waard en alle helden yn dy film rêden waarden ienfâldichwei om't der fans wiene dy't wól de wittenskiplike prinsipes begrepen op basis wêrfan't it skip wurke, wie absolút geweldich. En it wie sawol grappich as op it moed kommend dat dêrmei in hommaazje brocht waard oan 'e tawijing fan dy fans."

William Shatner (kaptein James T. Kirk yn Star Trek: The Original Series) sei (by túltsjes):

"Ik fûn it hiel grappich, en ik fûn it publyk dat yn 'e film ôfskildere waard, totaal reälistysk. Mar de akteurs dy't se sabeare neidiene, wiene folslein ûnwerkenber. Ik haw yn elts gefal gjin idee wat Tim Allen útfûn. Hy liek oan it haad fan 'e groep akteurs te stean, en al slachst my dea, ik koe mar net begripe wa't hy imitearre. De iennichste dy't ik weromkoe wie it fanke dat Nichelle Nichols spile."

George Takei (Hikaru Sulu yn Star Trek: The Original Series) sei:

"It fyn it in dokumintêre dy't sa reälistysk is dat jin der de grize fan oer de grouwe giet. [Laket] De details dy't deryn ferwurke wiene, ik koe se allegearre werom. It is in geweldich staaltsje dokumintêremeitsjen. […] Ik lei yn it rinpaad oer de grûn te rôljen fan it laitsjen. En Tim Allen rekke krekt de juste noat mei dy Shatner-eske opskepperij."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.