Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Toerisme

(Trochferwiisd fan Toerist)

Toerisme is reizgjen omreden fan ferdivedaasje. De Wrâld Toerisme Organisaasje (WTO) definiëarret toeristen as lju "dy reizgje en ferbliuwe op plakken bûten harren wenstige wengebiet foar in frijetiidsperioade fan op syn heechsten ien jier efterinoar [...]."

Toeristen dy't foto's nimme út in iepen toerbus wei.

Oarsprong fan it ferskynsel

bewurkje seksje

Lju dy't dêr yn finansjeel opsjoch it frij ta hiene, hawwe altiten al reizge om gjin bettere reden as dat se der aardichheid oan hiene om nije dingen te sjen en ûnbekende lannen te besykjen. Sels yn 'e Aldheid al wiene kuststêden lykas Baiae populêre fakânsje-oarden foar de elite fan 'e Romeinske Republyk.

De oarsprong fan toerisme yn syn hjoeddeistige foarm giet lykwols werom op 'e saneamde Grutte Toer (Ingelsk: Grand Tour) dy't jongemannen fan 'e Ingelske en letter Britske aristokrasy fan likernôch 1660 ôf ûndernamen by wize fan in edukative rûnreis troch benammentlik Itaalje, mar faak ek Grikelân en soms oare lannen dêr't restanten fan 'e Klassike Aldheid te besichtigjen wiene. Dy gewoante krige úteinlik de foarm fan in soarte fan inisjaasjeritueel oan it begjin fan it libben as folwoeksene. Lyksoartige reizen waarden wol makke, sij it folle ynsidinteler, troch rike jongemannen út 'e protestantske lannen fan noardlik Jeropa, en fanôf de twadde helte fan 'e achttjinde iuw ek wol troch guon út de Feriene Steaten en Latynsk-Amearika. Nei't sokke reizen troch de yntrede fan it spoar en it steamskip, healwei de njoggentjinde iuw, makliker en goedkeaper waarden, begûn ek de Ingelske middenklasse deroan mei te dwaan. Yn dyselde snuorje waard ien fan 'e earste reisorganisaasjes foar persiis dit soarte toerisme opset troch de bekende Thomas Cook.

Toerisme hjoed-de-dei

bewurkje seksje

Hjoed-de-dei is toerisme de hiele wrâld oer in tige populêre frijetiidsbesteging. Yn 2012 waard foar it earst de mylpeal fan 1 miljard toeristen wrâldwiid yn ien jier tiid passearre. De opbringsten fan it ynternasjonale toerisme woeksen oant €740 miljard yn 2011. Yn 2012 stribbe Sina foar it earst Dútslân en de Feriene Steaten foarby as it lân dêr't de befolking it measte útjoech oan toerisme, mei $102 miljard.

Toerisme is wichtich foar frijwol alle lannen, en yn guon gefallen, fan earme ûntwikkelingslannen, is it sels fan ûnmisber belang. Los fan it jild dat dermei fertsjinne wurde kin, is it in aktiviteit dy't neffens de Ferklearring fan Manilla oangeande Wrâldtoerisme fan 1980 "essinsjeel is foar it libben fan naasjes om't it in direkt effekt hat op 'e sosjale, kulturele, edukative en ekonomyske sektoaren fan nasjonale maatskippijen en harren ynternasjonale relaasjes." Sa skept it wurkgelegenheid yn 'e tsjinstesektor fan 'e ekonomy, bygelyks yn 'e ferfiersmerk, de hoareka-sektor en de entertainmentyndustry (ferdivedaasjeparken, kasino's, winkelsintra, teäters, museä, ensfh.).

Top 10 fan lannen dêr't yn 2012 de measte ynternasjonale toeristen oankamen:

  1.   Frankryk: 83,0 miljoen
  2.   de Feriene Steaten: 67,0 miljoen
  3.   Sina: 57,7 miljoen
  4.   Spanje: 57,7 miljoen
  5.   Itaalje: 46,4 miljoen
  6.   Turkije: 35,7 miljoen
  7.   Dútslân: 30,4 miljoen
  8.   it Feriene Keninkryk: 29,3 miljoen
  9.   Ruslân: 25,7 miljoen
  10.   Maleizje: 25,0 miljoen

Top 10 fan lannen (en ôfhinklike gebieten) dy't yn 2012 it measte ferstjinnen oan toerisme:

  1.   de Feriene Steaten: $126,2 miljard
  2.   Spanje: $55,9 miljard
  3.   Frankryk: $53,7 miljard
  4.   Sina: $50,0 miljard
  5.   Makau: $43,7 miljard
  6.   Itaalje: $41,2 miljard
  7.   Dútslân: $38,1 miljard
  8.   it Feriene Keninkryk: $36,4 miljard
  9.   Hongkong: $32,1 miljard
  10.   Austraalje: $31,5 miljard

Top 10 fan 'e lannen dêr't yn 2012 it measte oan toerisme bestege waard:

  1.   Sina: $102,0 miljard
  2.   Dútslân: $83,8 miljard
  3.   de Feriene Steaten: $83,7 miljard
  4.   it Feriene Keninkryk: $52,3 miljard
  5.   Ruslân: $42,8 miljard
  6.   Frankryk: $38,1 miljard
  7.   Kanada: $35,2 miljard
  8.   Japan: $28,1 miljard
  9.   Austraalje: $27,6 miljard
  10.   Itaalje: $26,2 miljard


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Further reading, op dizze side.