Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Spanje is in lân yn Súdwest-Jeropa op it Ibearysk Skiereilân. De haadstêd is Madrid. It lân is in monargy mei Felipe VI sûnt 2014 as kening.

Reino de España (sp)
Flagge fan Spanje Wapen fan Spanje
Biedwurd: Plus Ultra
"Hieltyd fierder"
Folksliet: Marcha Real
"Keninklike Mars"
Haadstêd Madrid
Offisjele taal Spaansk
Offisjele minderheidstaal Katalaansk
Galisysk
Baskysk
Oksitaansk
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
- steatshaad Felipe VI
- regearlieder Pedro Sánchez
Unôfhinklikheid 1467 (de facto)
1715 (de jure)
Oerflak 505.990 km²
- wetter 1.04%
Ynwennertal 46.354.321 (2016)
Befolkingstichtens 92 ynw./km²
Muntienheid Euro (EUR; €)
Tiidsône MET1 (UTC+1)
- simmertiid MEST1 (UTC+2)
Nasjonale feestdei 12 oktober
Ynternetdomein .es
Telefoan +34
ISO 3166 ES, ESP, 724
1. De Kanaryske Eilannen lizze yn de tiidsône WET (UTC; UTC+1 yn de simmer).
Alhambra fan Granada
Barselona
It Guggenheim Museum yn Bilbao

Spanje wurdt begrinzge troch:

Eastlik fan it fêstelân lizze yn de Middellânske See de Baleären. Foar de kust fan de Westlike Sahara lizze de Kanaryske Eilannen, en op de noardkust fan Afrika lizze twa Spaanske eksklaves, Ceuta en Melilla, mei foar de kust noch in pear Spaanske eilantsjes. Oan de Strjitte fan Gibraltar leit Gibraltar, in enklave dy't part fan Britske is.

Spanje omfettet it grutste part fan it Ibearysk skiereilân. Yn it noardeasten foarmje de Pyreneeën de grins mei Frankryk en Andorra. Yn it súdeasten leit de Sierra Nevada, mei de heechste top fan Spanje, de Mulhacen, 3.482 m. Mar ek de rest fan it lân is bercheftich. Ut dy bergen komme de rivieren, lykas de Ebro dêr't it skiereilân nei neamd is, en de langste rivier fan Spanje, de Guadalkwivir.

Grutste stêden yn Spanje neffens ynwennertal:

  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Spanje.

Nei it ôftreden fan de kening waard Spanje in republyk yn 1931. De Spaanske boargerkriich yn it tiidrek 1936-1939 waard wûn troch de nasjonalistyske generaal Franco. Under Franco wie Spanje oant 1975 in diktatuer. Nei syn dea yn 1975 kaam de monargy werom.

Spanje is in parlemintêre monargy mei in grûnwet út 1978. De kening hat in seremoniële rol.

De ferskillende ministers en de premier of presidint hawwe de útfierende macht. De wetjouwende macht beslacht twa keamers. Foarst, de earste keamer (Spaanske: Senado) mei 259 sitten en de twadde keamer (Congreso de los Diputados) mei 350 sitten. De rjochterlike macht is yn hannen fan ferskillende rjochtbanken en tribunalen.

Neffens it Spaanske kiesrjocht mei minsken mei it Spaanske steatsboargerskip fan 18 jier ôf stimme. Alle fjouwer jier kin der direkt stimd wurde foar Congreso de los Diputados. De lokale parleminten wurde ek direkt keazen troch it folk. De senaat of earste keamer wurdt yn 2 kear keazen. 208 folksfertsjinwurdigers yn de senaat wurde alle fjouwer jier direkt keazen troch it folk. De oare 41 leden fan de senaat wurde keazen troch de lokale parleminten. Dêrneist mei der alle fiif jier stimd wurde foar it Jeropeesk Parlemint.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

It lân is opdield yn 17 autonome regio's. Under de autonome regio’s falle de provinsjes, dêrûnder falle de gemeenten. De twa enklaves Cueta en Melilla hawwe de status fan autonome stêden. De autonome regio’s Katalonië, Baskenlân en Galysje hawwe mear autonomy as de oare autonome regio’s. Dat hat te krijen mei in sterke identiteit en talen dy’t dêr praat wurde. Yn dy regio’s hat de minderheidstaal in spesjale status.

Sjoch ek de Spaanske regio's.

Ynternasjonale gearwurking

bewurkje seksje

Spanje is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 24 novimber 1977 fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1982 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 1986 fan de Jeropeeske Uny.

 
Fleandekskip Príncipe de Asturias

De Spaanske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine. Mei-inoar binne der 135.000 aktive militêren. De Spaanske striidkrêften binne aktyf lid fan de NAFO, it Eurocorps en de Battlegroups fan de Europeeske Uny. Yn 2009 dienen der sa likernôch 2.600 Spaanske militêren mei oan ferskillende missy’s op ‘e wrâld sa as EUFOR (Bosnië) en ISAF (Afganistan) en noch in stikmannich lytsere missy’s yn it Heine Easten en Afrika. Yn 2003 wie it militêr budzjet $9,9 miljard, omrekkene wie dat 1,2 persint fan it BYP.

It systeem by de plysje yn Spanje is troch de bestjoerlike yndieling fan it lân kompleks. Rûchwei beslacht de Spaanske plysje fjouwer nivo’s:

  1. De paramilitêre Guardia Civil dy’t sawol ûnder it Ministery fan Definsje as ûnder it Ministery fan Ynlânske Saken falt.
  2. De nasjonale plysje dy’t ûnder it Ministery fan Ynlânske Saken falt.
  3. De autonome regio’s sa as it Baskenlân, Katalonië en Navarra hawwe in eigen plysje dy’t taken fan de Guardia Civil útfiert.
  4. Plysje op regionaal (gemeentlik) nivo.

Spanje hie yn 2010 46.951.532 ynwenners. De befolkingstichtens is it heechst oan de eastkust en yn en om de haadstêd Madrid hinne.

Jier Ynwennertal Jier Ynwennertal Jier Ynwennertal Jier Ynwennertal Jier Ynwennertal
1998 39.852.000 2001 41.116.000 2004 43.197.000 2007 45.200.000 2010 46.951.532
1999 40.202.000 2002 41.837.000 2005 44.108.000 2008 46.063.000
2000 40.499.000 2003 42.717.000 2006 44.708.000 2009 46.661.000

It Spaansk is de offisjele taal fan Spanje, dêrneist binne der fjouwer minderheidstalen dy't op ferskillende nivo's erkend binne:

De grutste religy yn Spanje is it Roomsk Katolike leauwen dêr't neffens offisjele boarnen mear as 80% fan de befolking by heart. Dat hege sifer hat fral te krijen mei it feit dat ûnder diktator Franco, alle Spanjerts neffens de wet katolyk wêze moasten, frijwillich of net. Dêrtroch is in grut part fan de befolking noch hieltyd offisjeel leauwich, mar yn it deistich libben net praktisearjend.

De Hilligen Jakobus de Meardere, Jehannes fan Avila en Teresia fan Avila binne de beskermhilligen fan Spanje.

 
Spaanske sneldyk

It toerisme is yn Spanje in belangrike ekonomyske faktor. De kustregio Katalonië, de Balearen en de Kanaryske eilannen wurde it bêst besocht troch toeristen. Dêrneist eksportearret it lân aardich wat produkten út de lânbou sa as sitroenen, sinasappels, oliven, olyfoalje, nuten, druven en wyn. Spanje is de tredgrutste wynprodusint op ierde. BYP per persoan is $33.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,6% lânbou, 30,2% yndustry en 66,1% tsjinsten.

Wichtichste havens binne Algeciras, Barselona, Bilbao, Cartagena, Huelva, Tarragona, Valencia. De fleanfjilden fan Madrid en Barselona wurde ta de tsien grutsten fan Jeropa rekkene (2007). De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.
It treinferkear yn Spanje is yn hannen fan it steatsbedriuw RENFE. Dat bedriuw hat ûnder de namme AVE ferskillende hegesnelheidstreinen.

Spanje hat (2006):
681.224 km ferhurde dyk.
14.974 km spoardyk.
1.000 km farwetter.

autonome mienskippen fan Spanje Flagge fan Spanje 
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
autonome stêden fan Spanje
CeutaMelilla
  ·   · Berjocht bewurkje 
Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   · Berjocht bewurkje