Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Çatalhöyük

(Trochferwiisd fan Çatal Hüyük)

Çatalhöyük, earder Çatal Hüyük (Turksk: çatal = foarke; höyük = heuvel) wie in tige grutte neolityske delsetting yn it suden fan Anatoalje. Mei 13 hektaren is Çatal Hüyük de grutste en meast ûntwikkele delsetting of stêd út de prehistoarje dy't ea fûn is.

Çatalhöyük en omkriten yn de tiid fan de earste opgravingen

De âldste bewenningslagen fan Çatal Hüyük binne fan om-ende-by 7500 f.Kr. It plak bleau goed 1000 jier lang bewenne mar rekke om 6200 f.Kr. yn ferfal. De befolking ferspriede har doe oer de flakte. Der binne in oantal ferklearrings foar dat barren. Sa wurdt wol oannommen dat dit foarfal feroarsake is trochdat in groep bewenners it net iens wie oer de sosjale struktuer binnen de delsetting. Mar it ferfal soe faaks ek wol te krijen hawwe trochdat oare groepen minsken yn it gebiet arrivearren. Nei alle gedachten kamen dizze ymmigranten út gebieten om de Swarte See hinne, dy't ûnder wetter ronnen. It is ek noch mooglik dat Çatal Hüyük ferlitten waard trochdat de boaiem útrûpele wie, sadat de minsken fuortlûke moasten op siik nei nije grûn.

Yn 1958 waard Çatalhöyük by tafal troch pleatslike boeren ûntdutsen. De delsetting waard lykwols earst wrâldferneamd troch de opgravings ûnder lieding fan James Mellaart tusken 1961 en 1965. By dy opgraving die bliken dat dat part fan Anatolië it sintrum west hat fan in heechûntwikkelde neolityske kultuer. Mellaart foel lykwols by de Turkse autoriteiten yn ûngenede en waard út Turkije ferballe, wêrnei't der in ein kaam oan de opgravingen. Yn 1993 waard it wurk wer oppakt op troch de allyksa Britske archeolooch Ian Hodder, in learling fan Mellaart, fan de universiteit fan Cambridge. Dit projekt rint oant no ta troch en hat in folslein oare benadering fan argeologysk fjildwurk, analysearjen en ynterpretaasje (Post-processual archaeology).