Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Vincent van Gogh

Ut Wikipedy
Vincent van Gogh
(selsportret, 1889)

Vincent van Gogh (Sundert, 30 maart 1853 - Auvers-sur-Oise, by Parys, 29 july 1890) wie in Nederlânsk keunstskilder en kin sjoen wurde as ien fan de grutste keunstskilders ea. Dy erkenning kaam pas let. By syn libben hat hy mar ien skilderij ferkocht: La vigne rouge, dat tsjintwurdich yn it Poesjkinmuseum yn Moskou te sjen is. It wie Anna Boch, in Belgysk keunstenares en suster fan syn freon Eugéne Boch, dy't it yn 1890, in pear moanne foar it ferstjerren fan Van Gogh, kocht foar 400 frank.

Der siet mar 5 jier tusken syn swiersettige "Ierdappeliters" (1895) en de suderlike kleure-eksploazjes út de tiid flak foar syn dea. Van Gogh produsearre al syn wurk yn in tiidsbestek fan mar 10 jier, foardat er fertize yn depresjes, himsels tekoart die. Nei syn dea naam syn rom hurd ta.

Syn heit wie de dûmny Theodorus van Gogh, syn mem Anna Cornelia Carbentus. Syn broer Theo wie 4 jier jonger. Beide jonges komme, as se 16 jier wurden binne, yn tsjinst by keunsthannel Goupil & Co yn De Haach. Vincent bedarret earst yn Londen en letter yn Parys wylst Theo nei de fêstiging yn Brussel stjoerd wurdt.

Op syn 23-ste fielt Vincent him oanlutsen troch it predikantwurk en komt er nei in útstapke nei Londen, werom by syn âlders yn Etten. De predikantstúdzje sil hy 4 jier úthâlde en einiget mei evangelisaasjewurk yn de Belgyske Borinaazje. Hy is al 27 jier as er syn ropping as keunstner folget en yn Brussel by de skilder Anthon van Rappard telâne komt. Syn broer Theo finansieret him. In eksplosyf mar dramatysk odyssee, dat mar amper 10 jier duorje sil, begjint.

De earste 5 jier dy't folgje binne net maklik. Vincent hat te krijen mei problemen yn syn relaasje mei Sien, om de haverklap rûzjes mei syn âlden, de dea fan syn heit, problemen mei pastoars oangeande modellen en te lang útbliuwend jild fan syn broer Theo. Hy hâldt yn dy jierren ta yn Etten, yn De Haach, yn Drinte en yn Nuenen, meast op it plattelân.

Yn reeksen fan tekeningen en skilderijen leit Vincent it hurde boerelibben fêst, oant hy ein april 1885 yn Nuenen syn earste, sombere mar ekspressive masterwurk makket: "De ierdappeliters".

Yn novimber fan dat jier giet Van Gogh nei Antwerpen en yn jannewaris 1886 lit hy him ynskriuwe oan de Akademy. Hy is dan al 33 jier. Hy sil it dêr noch gjin 3 moanne úthâlde.

Tolve sinneblommen yn in faas
(augustus 1888)

Yn maart 1886 ferlit Vincent België om yn Parys by syn broer Theo yn te lûken. Artistyk sjoen, brekke dan syn gouden jierren oan. It sille mar trije wurde. Hy rekket befreone mei Henri de Toulouse-Lautrec en mei Emile Bernard, hat bewûndering foar de blommestillibbens fan Adolphe Monticelli, foar de romantyske Eugène Delacroix en foar de allegoaryske Pierre Puvis de Chevannes. Undertusken rekket Vincent ûnder de yndruk fan Japanske printen, dêr't hy in ferwoed samler fan wurdt.

Noch wichtiger is syn kontakt mei it Frânske ympresjonisme. Utsoarte is Vincent 10 jier te let nei Parys gien en is dêrtroch de pionierstiid fan dy streaming misrûn. Hy skildert yn dy tiid in soad mei Paul Signac yn Asnières. Paul Gaugin, Georges Seurat, Camille Pissarro en Armand Guillamin hearre ta syn kunde.

It drokke libben yn it faak kâlde en grouwe Parys wurdt te swier foar de swakker wurdende Van Gogh. Hy is 35 jier as hy yn febrewaris 1888 Parys ferlit en nei Arles yn Súd-Frankryk giet. As hy dêr oankomt is it dêr al like kâld: it friest en der leit snie.

Lykwols, ûnder de waarme sinne fan Súd-Frankryk sil Vincent van Gogh syn masterwurken mei in eksploazje fan kleuren en ekspresje meitsje, yn in manysk tempo, soms mear as ien op in dei. Yn de lêste twa jier wurde lykwols ek syn depresjes geandewei dramatysker.

Hy wol de Middellânske See ûntdekke en bringt 5 dagen troch yn Les-Sainte-Marie-de-la-Mer, dêr't hy ûnophâldlik sketsen en tekeningen makket fan de omjouwing. Werom yn Arles, bringt hy syn bekende "Fiskersboaten op it strân" op doek. Ek syn kenmerkjende portretten, lykas dy fan de Zouaaf, Roulin en Eugène Boch ûntsteane yn dizze perioade.

Nachtkafee troch Vincent van Gogh

Hy hiert it "Giele Hûs", skildert it yndrukwekkende "Nachtkafee" en ferwurket útsûnderlike motiven basearre op Sipressen en de Frânske wyngerden. Op 23 oktober komt Paul Gauguin by him, mar kwalik 2 moanne letter brekke se meiïnoar nei in heech oprûne rûzje, dy't der mei einiget dat in stik fan Van Gogh syn ear ôfsnijd wurdt. Gauguin, de ienige tsjûge, seit letter dat Van Gogh dat yn syn sljochtsinnigens sels dien hat, mar wat der krekt bart is, is nea dúdlik wurden.

Dêrfan bekommen giet Van Gogh yn jannewaris 1889 fannijs driftich oan it wurk en makket ferskate ferzjes fan "La Berceuse", dêr't Madame Roulin model foar stiet, en ek nije fariaasjes fan "Sinneblommen" komme yn dy tiid op it doek.

Broer Thea trout yn april yn Amsterdam mei Johanna Gesina Bonger. Mei Vincent giet it wer minder goed en hy wurdt opnommen yn Saint-Rémy, yn de ynstelling Saint-Paul-de-Mausole. Yn in lyts atelier dat dêr foar him makke wurdt, skildert hy yn geandewei seldsumer wurdende goede mominten, ûnder oaren de "Irissen" en de "Seringen".

De namme Van Gogh is ûndertusken trochkrongen oant yn België en yn jannewaris 1890 wurdt er útnûge op de eksposysje Les XX yn Brussel. Hy nimt dêr oan diel mei fiif skilderijen. It is op dy tentoanstelling dat Anna Boch syn wurk "La Vigne Rouge" keapet.

De senuwkrisissen folgje inoar op, mar Vincent wurket troch. Theo soarget der foar dat yn april 10 wurken te sjen binne op it "Salon des Indépendants". Vincent ferlit de ynstelling yn Saint-Rémy en wol nei Auvers-sur-Oise, by dokter Gachet. Op trochreis docht hy yn Parys Theo en syn frou oan.

Yn maaie komt hy oan yn Auvers en hiert dêr in souderkeamer yn de herberch fan Ravoux. Hy skildert dêr portretten, wêrûnder it bekende fan Dr. Gachet. De einleaze giele nôtfjilden yn de kontreien fan Auvers, mei dêr boppe djipblauwe faak wylde loften komme in soad werom yn syn wurk.

Op 27 july 1890, kwalik 37 jier âld, ferwûnet Vincent van Gogh himsels mei in kûgel yn syn boarst. Op 29 july ferstjert hy oan de gefolgen dêrfan, yn it bywêzen fan broer Theo.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Vincent van Gogh – foto, fideo en harktriemmen