The Hitman's Bodyguard
The Hitman's Bodyguard is in Amerikaansk-Britsk-Bulgaarsk-Frânsk-Hongkongsk-Kanadeesk-Nederlânske aksjekomeedzje út 2017 ûnder rezjy fan Patrick Hughes, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds en Samuel L. Jackson. De titel betsjut "De Hiermoardner syn Liifwacht". It ferhaal folget de oan legerwâl rekke liifwacht Michael Bryce, dy't troch in âlde flam behelle wurdt yn 'e beskerming fan syn aartsfijân, de hiermoardner Darius Kincaid. Dyselde moat foar it Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach tsjûgje tsjin 'e eardere diktator fan Wyt-Ruslân, en Bryce moat derfoar soargje dat er dêr libben arrivearret. The Hitman's Bodyguard krige foar it meastepart negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In ferfolchfilm, The Hitman's Wife's Bodyguard, kaam út yn 2021.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Michael Bryce is in tige heech oanskreaune Amerikaanske liifwacht yn it Feriene Keninkryk, mei (neffens himsels) AAA-status (hoewol't dat neffens oaren net bestiet en inkeld wat is dat er sels út 'e tomme sûgd hat). Hy libbet in lúkse libbentsje oant ien fan syn kliïnten, de Japanske wapenhanneler Takashi Kurosawa, deasketten wurdt wylst hy de man op 'e noed hat. Twa jier letter foarsjocht de yn ûngenede fallen Bryce yn syn libbensûnderhâld troch it beskermjen fan drugsferslave abbekaten en lûsje sakelju yn Londen.
Underwilens stiet Vladislav Dûchovitsj, de eardere diktator fan Wyt-Ruslân (in dúdlike ferwizing nei Aleksander Lûkasjenko), foar misdieden tsjin 'e minsklikheid terjocht foar it Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach. Mei't alle tsjûgen tsjin 'e man tafallich deareitsje of op mysterieuze wize ferdwine, hat Moreno, de oanklager fan it gerjochtshôf, al syn hope fêstige op 'e beruchte Amerikaanske hiermoardner Darius Kincaid, dy't Dûchovitsj jierren lyn om 'e nocht besocht hat yn te hieren en dy't by syn besyk oan Wyt-Ruslân dingen sjoen (en fotografearre) hat dy't de feroardieling fan 'e âld-diktator bewissigje soene.
Kincaid sit op it stuit fêst yn it Ingelske Manchester, en de oerheid fan it Feriene Keninkryk, wegeret straffermindering foar him yn omtinken te nimmen. Aldergeloks wurdt syn frou Sonia fêstholden yn in Nederlânske finzenis yn Amsterdam. Moreno en Renata Casoria, de direktrise fan Interpol, biede oan dat Sonia frij-út gean sil as Kincaid tsjin Dûchovitsj tsjûget. Kincaid, dy't eins in romantikus is, stimt mei dat foarstel yn. Hy moat oer 27 oeren yn De Haach wêze, om't dêrnei de termyn fan 'e oanklager ferrint om yn it proses tsjin Dûchovitsj noch nije tsjûgen op te roppen. In plysjeteam fan Interpol ûnder lieding fan 'e tsjeppe jonge Fransêze Amélia Roussel en fuortsterke mei aginten fan it Britske National Crime Agency moat him dêr op 'e tiid sjen te krijen.
Mei help fan in lek yn 'e organisaasje fan Interpol wachtsje Wytrussyske hierlingen ûnder lieding fan Dûchovitsj syn rjochterhân Ivan it konfoai op as it troch Coventry komt. Midden yn 'e beboude kom fiere se in oanfal út, wêrby't hast alle begeliedende plysjes en teffens in grut tal hierlingen omkomme. Fan 'e leden fan it konfoai oerlibje allinne Kincaid en Amélia de oanfal troch har in paad troch de rangen fan 'e hierlingen hinne te sjitten. Amélia nimt Kincaid mei nei in ûnderdûkadres fan Interpol, dêr't Kincaid in kûgel út syn ûnderskonk peuteret wylst er syn frou opskillet troch him foar te dwaan as har abbekaat.
Underwilens beslút Amélia, nei't Kincaid har dêrop wiisd hat, dat eltsenien binnen Interpol it lek wol wêze kin, en dat se dus net ien fan har kollega's fertrouwe kin. Dêrom skillet se har eardere frijer Michael Bryce op, dy't se twingt om op 'e reis nei De Haach foar de liifwacht fan Kincaid te spyljen. Se rêdt dat op mei it drigemint om by de autoriteiten in boekje iepen te dwaan oer syn feitliks kriminele wize fan ôfweven mei lju dy't syn klanten tenei komme. As Bryce letter op it ûnderdûkadres opdaagjen komt, docht bliken dat hy en Kincaid aartsfijannen binne, mei't de hiermoardner it gauris op Bryce syn klanten foarsjoen hân hat. It bûteret sadwaande net bot tusken de beide mannen, mar Amélia hjit harren dat se mar leare moatte om harren as folwoeksenen te hâlden en dragen, en lit se mei-inoar alline.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It lek by Interpol blykt nimmen oars te wêzen as ûnderdirekteur Jean Foucher, dy't himsels omkeapje litten hat troch Dûchovitsj. Sadwaande komme Ivan-en-dy en aginten fan Interpol likernôch tagelyk oan by it ûnderdûkadres. Bryce en Kincaid ûntkomme yn Bryce syn âld brik fan in auto, dy't se by in weirestaurant ynwikselje foar in stellen Mercedes-Benz. Trochdat Kincaid sa dom is om in mobile tillefoan te brûken, fine trewanten fan Ivan de beide mannen werom, mar Kincaid, dy't by de oanfal op it konfoai in pistoal bemachtige en it nea wer ôfstien hat, sjit harren dea wylst Bryce noch oant trije telt foar't er it fjoer iepenje sil. By de sjitpartij geane lykwols beide auto's nei gychem, sadat Bryce en Kincaid neitiid op it apostelhynder troch de greiden moatte oant se in lift nei Dover krije kinne yn in buske fol mei sjongende Italjaanske nonnen.
Ut Dover wei nimme Bryce en Kincaid de fearboat nei Amsterdam. Underweis reitsje de mannen oan 'e praat oer de leafde. Kincaid fertelt hoe't er Sonia met hat yn in rûge kroech yn Hondoeras, en Bryce ferhellet oer syn earste moeting mei Amélia, op 'e begraffenis fan in klant dy't te folle fette dingen iet. Yn Amsterdam oankommen pykt Kincaid út om in boeket tulpen, Sonia har leaflingsblommen, boppe-yn in klokketoer te setten dêr't sy út har sel wei it each op hat. Bryce folget him ûngemurken en weeft ôf mei in trijetal fan Ivan syn mannen dy't Kincaid efternei geane. Neitiid fertelt Byce dat syn relaasje mei Amélia op 'e klippen rûn is om't er har de skuld jûn hat fan 'e dea fan syn klant Kurosawa. Nei dy syn dea konkludearre er nammentlik dat Amélia, dy't er as iennichste oer de oanwêzigens fan 'e wapenhanneler ferteld hie, dy ynformaasje trochspile hawwe moast sadat it de moardner berikt hat. Kincaid helpt him lykwols fluch út 'e dream: hý wie it dy't Kurosawa deaskeat. Hy wie eins op it fleanfjild foar in oar doelwyt, mar doe't er de wapenhanneler seach, besleat er twa miggen mei ien klap te slaan. Bryce reägearret op dy bekentenis troch Kincaid in opstopper te ferkeapjen en lulk fuort te rinnen.
Wylst Bryce stúmjend omstipt, wurdt Kincaid oanfallen troch Ivan-en-dy. Op 't langelêst oerwint Bryce syn argewaasje en helpt er Kincaid om te ûntkommen by in spektakulêre efterfolging troch de Amsterdamske grêften, mar sels wurdt er troch Ivan finzen nommen. Hy wurdt oerdroegen oan Goran, in swier tatoeëarre Wytrussyske boal, dy't him martelet mei elektryske skokken op 'e holle. Op 'e fraach "Wêr is Kincaid?" antwurdet, Bryce, dy't earder ferteld hie dat er omreden fan 'e eed dy't er by de paadfinerij ôflein hat net lige kin: "Lyk efter dy." Goran leaut him net en tsjinnet him in nije skok ta, mar it docht bliken dat Kincaid echt rjocht efter Goran stiet. Hy weeft handich mei de boal en syn helpers ôf en rêdt Bryce, wêrnei't se tegearre yn in stellen auto ôfsette nei De Haach.
Dêre wurde se wer opwachte troch Ivan en syn trewanten, wat ta in nije efterfolging liedt. Dêrby weeft Kincaid ôf mei de measte hantlangers fan Ivan, wylst Bryce Ivan sels ombringt by in gefjocht yn in izerwinkel. Op 't langelêst komme se yn in folslein total loss riden autowrak noch krekt op 'e tiid by it Ynternasjonaal Strafhof oan. Kincaid leit dêr in tsjûgenis tsjin Dûchovitsj ôf, oer dy syn befel ta en persoanlike belutsenens by it útmoardzjen fan in hiel doarp. Dy bewearings ûnderbout er mei foto's dy't er opladen hat nei in geheime FTP-site en dy't it hof sadwaande fia it ynternet berikke kin.
Dêrop beslút Dûchovitsj ta wat er "Plan B" neamt. Hy giet oerein en fertelt it hof dat er yndie al dy dingen dien hat dêr't er fan beskuldige wurdt, en dat er dêr alle rjocht ta hie om't Wyt-Ruslân fan him is. Underwilens sjocht Amélia hoe't Foucher stikem weiwurdt, en giet him efternei. Dûchovitsj lit in mei eksplosiven laden frachtwein op it gebou fan it Ynternasjonaal Strafhof ynride. Troch de mânske ôfsettings, dy't stevich genôch binne om in tank tsjin te kearen, komt de frachtwein net oan it gebou ta, mar de reuseftige ûntploffing lit alle ruten sneuvelje en feroarsaakt panyk ûnder de oanwêzigen. Yn 'e gaos wit Dûchovitsj in fjoerwapen te besetten. Hy besiket Kincaid dea te sjitten, mar Bryce docht wat profesjonele liifwachten hearre te dwaan en springt yn 'e baan fan 'e skot om 'e kûgel mei syn eigen lichem op te fangen.
Yn 'e gong konfrontearret Amélia Foucher mei har fertinkings, want liedt ta slaanderij tusken harren. Yn 'e rjochtseal hat Dûchovitsj ûnderwilens fan ruten spile. De ferwûne Bryce seit tsjin Kincaid dat hy dien hat wat syn berop fan him easke; no moat Kincaid ek dwaan wat sýn berop fan him easket. Dat, Kincaid set efter Dûchovitsj oan, dy't himsels fan it dak fan it gebou ôfhelje litte wol troch in helikopter. Kincaid makket syn hantlangers dea en sjit de helikopter del. As er gjin kant mear út kin, hâldt Dûchovitsj in hiele monolooch oer hoe't syn dea wol de bekroaning fan 'e karriêre fan Kincaid wêze sil. De hiermoardner antwurdet dat it him totaal neat ynteressearret, mar dat Dûchovitsj in flater begien hat doe't er syn liifwacht delskeat. Dêrnei wâdet er him oer de daksrâne, dat er yn 'e djipte te pletter falt op in parkearre auto. Yn 'e gong wurdt de folle gruttere en sterkere Foucher Amélia oermânsk, mar in strompeljende Bryce ferskynt om 'e hoeke fan 'e doar en sjit Foucher yn it skouder, wêrnei't Amélia him delhuft en ynrekkenet.
Yn 'e neisleep fan alle trelit fertelt de stive Bryce einlings oan Amélia dat syn moeting mei har it bêste is wat him ea yn syn libben oerkommen is. Hy en Amélia tútsje inoar, wylst Kincaid op 'e eftergrûn ferskynt en freget wat je hjir eins dwaan moatte om arrestearre te wurden. De hiermoardner wurdt werombrocht nei it Feriene Keninkryk. Sadree't Sonia op frije fuotten komt, brekt er lykwols út Belmarsh Prison en ferdwynt. Letter fiere hy en Sonia har troudei mei in slowdance yn 'e kroech yn Hondoeras dêr't se inoar met hawwe, wylst om harren hinne in grutte fjochtpartij geande is.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Michael Bryce | Ryan Reynolds |
Darius Kincaid | Samuel L. Jackson |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Interpol-aginte Amélia Roussel | Élodie Yung |
Vladislav Dûchovitsj | Gary Oldman |
Sonia Kincaid | Salma Hayek |
Ivan | Yuri Kolokolnikov |
ûnderdirekteur fan Interpol Jean Foucher | Joachim de Almeida |
direktrise fan Interpol Renata Casoria | Tine Joustra |
oanklager fan it Ynternasjonaal Strafhof Moreno | Barry Atsma |
Rebecca Harr, de abbekate fan Kincaid | Kirsty Mitchell |
NCA-agint Garrett | Sam Hazeldine |
Litvin, de abbekaat fan Dûchovitsj | Mikhail Gorevoy |
Seifert | Richard E. Grant |
Goran | Marko Mandić |
rjochter fan it Ynternasjonaal Strafhof #1 | Georgie Glen |
rjochter fan it Ynternasjonaal Strafhof #2 | Chris Wilson |
griffier fan it Ynternasjonaal Strafhof #2 | Noortje Herlaar |
blommeferkeapster yn Amsterdam | Abbey Hoes |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Hitman's Bodyguard waard regissearre troch Patrick Hughes nei in senario fan Tom O'Connor. Dat skript wie yn maaie 2011 oankocht troch de filmstudio Skydance Media, fan David Ellison, nei't it al jierren ûnferfilme bleaun wie. Oarspronklik wie it in skript foar in aksjedramafilm, mar in pear wiken ear't de opnamen úteinsette soene, ûndergie it halje-trawalje in folsleine werskriuwing om der in aksjekomeedzje fan te meitsjen. As dramafilm soe The Hitman's Bodyguard regissearre wurde troch Jeff Wadlow, mar doe't de filmprodusinten besleaten en meitsje der in komeedzje fan, ferliet hy de produksje.
As produsinten wiene Mark Gill, John Thompson, Matt O'Toole en Les Weldon by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Millennium Films, Cristal Pictures, East Light Media, TIK Films, de Nu Boyana Film Studios, Campbell Grobman Films, Tom de Mol Producties (TDMP), it Nederlânsk Filmfûns, London Studios, Davis Filmen Skydance Media. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britsk-Bulgaarsk-Frânsk-Hongkongsk-Kanadeesk-Nederlânske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber dat, ôfhinklik fan 'e boarne, rûsd wurdt op $30 miljoen of op $69 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jules O'Laughlin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Iislânske komponist Atli Örvarsson.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar The Hitman's Bodyguard setten op 2 april 2016 útein. Der waard filme op lokaasje yn Londen, de Bulgaarske haadstêd Sofia en Amsterdam. Oarspronklik wie it de bedoeling dat mar ien sêne yn Amsterdam opnommen wurde soe, mar doe't regisseur Patrick Hughes de filmlokaasje dêr oereage en de lytse strjitsjes yn 'e binnenstêd seach, besleat er om guon fan 'e sênes dy't sabeare yn Londen plakfine, yn Amsterdam te filmjen. De sênes yn Coventry waarden dan wer yn Londen opnommen.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Hitman's Bodyguard waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 18 augustus 2017 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Flaters yn 'e fillm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bryce en Kincaid nimme út Ingelân wei (blykber út Dover wei, oan 'e krytrotsen te sjen) de fearboat nei Amsterdam, wylst eltsenien wit dat sa'n feartsjinst net bestiet om't Amsterdam net oan 'e westkust fan Nederlân leit. Yn Amsterdam, en letter ek yn De Haach, riidt de pleatslike plysje yn auto's dy't kleure binne yn in fantasijmotyf fan blauwe en wite blokken, mei in blaukleurich wapen deroerhinne skildere.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Hitman's Bodyguard foar it meastepart negative resinsjes. Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers de film lykwols 21/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: Reynolds en Jackson soargje der mei harren bekfjochtsjen en kûgelûntwikingsfeardichheden foar dat dizze simmerhealwizens it publyk net yn 'e strôt stykjen bliuwt. Sy binne de iennichste reden dat The Hitman's Bodyguard net folsein fuortsakket út it generike driuwsân dêr't er út opriisd is." Yn Variety wie Peter Debruge noch wat mylder en neamde de film "in oangename neisimmerferrassing". Hy skreau: "The Hitman's Bodyguard is sa'n bytsje sa ticht as jo fan 't jier yn 'e buert komme sille fan in live action-cartoon. […] Dat is net in styl dy't faak wurket, […] mar […] tanksij de ûnderlinge gemy fan stjerren Samuel L. Jackson en Ryan Reynolds soarget it foar in hearlik ûnsinnige […] aksjekomeedzje."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Hitman's Bodyguard in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 226 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] lit himsels útrôlje op it rûchkâlt fan Samuel L. Jackson en Ryan Reynolds, mar hat net genôch feart om in oerfloed fan aksjekomeedzjeklisjees foarby te kommen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Hitman's Bodyguard in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 42 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Hitman's Bodyguard brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $75,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $101,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $176,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 oant 69 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $107,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film, nettsjinsteande de oer it algemien minne resinsjes, in oansjenlik kommersjeel súkses.
Ferfolchfilm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kommersjele súkses fan The Hitman's Bodyguard joech oanlieding ta it meitsjen fan in ferfolchfilm, mei as titel The Hitman's Wife's Bodyguard. Dêryn keare Ryan Reynolds, Samuel L. Jackson en Salma Hayek werom yn deselde rollen, en moat Michael Bryce Sonia Kincaid beskermje wylst it trijetal in spoar fan fernieling troch Jeropa lûkt. De film kaam op 16 juny 2021 yn 'e bioskoop.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Hitman's Bodyguard
- (in) Ynformaasje oer The Hitman's Bodyguard yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske aksjekomeedzje
- Britske aksjekomeedzje
- Bulgaarske aksjekomeedzje
- Frânske aksjekomeedzje
- Hongkongske aksjekomeedzje
- Kanadeeske aksjekomeedzje
- Nederlânske aksjekomeedzje
- Ingelsktalige film
- Film fan Summit Entertainment
- Film fan Millennium Films
- Film fan Lionsgate Films
- Film fan Patrick Hughes
- Film út 2017
- Film oer in liifwacht
- Film oer in hiermoardner
- Film oer in efterfolging
- Film oer Interpol
- Film oer moard
- Film oer in diktator