Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tûndra

Ut Wikipedy
It Arktysk tûndragbiet
Tûndraflakte yn Noard-Sibearje by de stêd Dûdinka
Tûndra op de Kerguelen by Antarktika

Yn de fysyske geografy is tûndra in bioom dêr't beammegroei slim behindere is troch lege temperaturen en in koart groeiseizoen. De term tûndra komt fia it Russyske тундра fan it Kildin Samy (op it skiereilân Kola) wurd tūndâr "heechlân," "steppe sûnder beammen." Der wurde trije soarten tûndra's ûnderskaat: Arktyske tûndra, alpine tûndra en Antarktyske tûndra. Op de tûndra bestiet de fegetaasje út dwerchstrûken, siggen (Cyperaceae), gerzen, moassen en koarstmoassen (lichen). Guon tûndra's hawwe ek dwerchbeammen, sa as dwerchbjirken.

It klimaat op in tûndra is tige min foar it waaksen fan hegere plantesoarten. De boaiem is teminsten seis moannen beferzen of mei snie oerdutsen. It groeiseizoen is tige koart en de trochsneed temperatuer fan de waarmste moanne leit ûnder de 10 °C. Yn de simmer raant alinne de boppeste laach fan de grûn, oer in djipte fan sa'n 30 oant 60sm boppe de permafrost. Hoewol't de mannichte delslach frijwat leech is, binne de measte tûndraboaiems sompich. Dat komt trochdat it wetter net sinke kin fanwege de beferzer ûndergrûn en omdat de ferdamping ek leech is. Op in protte plakken hat dat ta feanfoarming laat. Typysk foar de tûndra binne ek de polygoonfoarmige struktuergrûnen, dy't troch opfriezing ûnsteanne. De permafrost hat ek fan gef0olgen dat yn in protte tûndra's palsa's fûn wurde; de folle gruttere pingo's binne seldsumer.

Tûndra's komme ûnder oaren foar yn Ruslân, Yslân, Kanada, Alaska, de Kerguelen en oare eilannen oan de râne fan Antarktika. Yn it suden wurdt de tûndra begrinzge troch de taiga. It tûndragebiet komt foar in part oerien mei de klimaatsône dêr't it tûndraklimaat hearsket.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]