Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Waldshut (Landkreis)

Ut Wikipedy
Lânkring Rottweil
wapen
Statistyk
Ynwennertal 173.460 (2022)
Oerflak 1.131,13 km²
Befolkingsticht. 153 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Freiburg
Oar
Adres bestjoer Kaiserstraße 110
79761 Waldshut-Tienen
Koördinaten 47° 37' N 8° 12' E
Oprjochting 1973
Yndieling 32 gemeenten
Kenteken WT, SÄK
NUTS-koade DE13A
Kreiskaai 08 3 37
Webside landkreis-waldshut.de

Waldshut is in bestjoerlik distrikt yn it suden fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring grinzget yn it suden oan Switserlân en waard yn it ramt fan in weryndieling fan 'e distrikten yn 'e dielsteat yn 1973 oprjochte.

Oant 1803 hearde Waldshut by Eastenryk en wie de krite in ûnderdiel fan Vorderösterreich. Waldshut waard bekend troch dûmny Balthasar Hubmaier, in oarspronklik roomke preester dy't yn 'e reformaasje op it protestantisme oergyng en dêrnei al gau de menniste kant op gie.

Stêden en gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling.
Stêden
  1. Bad Säckingen
  2. Bonndorf im Schwarzwald
  3. Laufenburg
  4. St. Blasien
  1. Stühlingen
  2. Waldshut-Tiengen
  3. Wehr
Gemeenten
  1. Albbruck
  2. Bernau im Schwarzwald
  3. Dachsberg
  4. Dettighofen
  5. Dogern
  6. Eggingen
  7. Görwihl
  8. Grafenhausen
  9. Häusern
  10. Herrischried
  11. Höchenschwand
  12. Hohentengen am Hochrhein
  13. Ibach
  1. Jestetten
  2. Klettgau
  3. Küssaberg
  4. Lauchringen
  5. Lottstetten
  6. Murg
  7. Rickenbach
  8. Todtmoos
  9. Ühlingen-Birkendorf
  10. Weilheim
  11. Wutach
  12. Wutöschingen

Waldshut-Tiengen is de iennige Große Kreisstädte fan 'e lânkring.

Gearwurkingsferbannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbandbinne:

  • GVV Jestetten mei de sit yn Jestetten; oansletten gemeenten binne: Dettighofen, Jestetten en Lottstetten.
  • GVV Küssaberg mei de sit yn Küssaberg; oansletten gemeenten binne: Küssaberg en Hohentengen am Hochrhein.
  • GVV Oberes Schlüchttal mei de sit yn Ühlingen-Birkendorf; oansletten gemeenten binne: Grafenhausen en Ühlingen-Birkendorf.
  • GVV St. Blasien mei de sit yn St. Blasien; oansletten gemeenten binne: de stêd St. Blasien en de gemeenten Bernau, Dachsberg (Südschwarzwald), Häusern, Höchenschwand, Ibach en Todtmoos.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:

  • VVG fan 'e stêd Bad Säckingen mei de gemeenten Herrischried, Murg en Rickenbach.
  • VVG fan 'e stêd Bonndorf im Schwarzwald mei de gemeente Wutach.
  • VVG fan 'e stêd Waldshut-Tiengen mei de gemeenten Dogern, Lauchringen en Weilheim.
  • VVG fan 'e gemeente Wutöschingen mei de gemeente Eggingen'.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Waldshut, ferzje 28 maaie 2024.


Baden-Wuertemberch Flagge fan Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

· · Berjocht bewurkje