Rhein-Neckar-Kreis
Rhein-Neckar-Kreis | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 555.352 (2022) | |
Oerflak | 1.061,54 km² | |
Befolkingsticht. | 523 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Karlsruhe | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Kurfürstenanlage 38-40 69115 Heidelberg | |
Koördinaten | 49° 24' N 8° 41' E | |
Oprjochting | 1938 | |
Yndieling | 54 gemeenten | |
Kenteken | HD | |
NUTS-koade | DE128 | |
Kreiskaai | 08 2 26 | |
Webside | rhein-neckar-kreis.de |
De Rhein-Neckar-Kreis is in bestjoerlik distrikt yn it noardwesten fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
De stêden Hockenheim, Leimen, Schwetzingen, Sinsheim, Weinsheim en Wiesloch binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände binne:
- GVV Elsenztal mei de sit yn Meckesheim; oansletten gemeenten: Eschelbronn, Lobbach, Mauer, Meckesheim en Spechbach.
- GVV Neckargemünd mei de sit yn Neckargemünd; oansletten gemeenten: de stêd Neckargemünd en de gemeenten Bammental, Gaiberg en Wiesenbach.
- GVV Rauenberg mei de sit yn Rauenberg; oansletten gemeenten: de stêd Rauenberg en de gemeenten Malsch en Mühlhausen.
- GVV Schönau mei de sit yn Schönau; oansletten gemeenten: de stêd Schönau en de gemeenten Heddesbach, Heiligkreuzsteinach en Wilhelmsfeld.
- GVV Waibstadt mei de sit yn Waibstadt; oansletten gemeenten: de stêden Waibstadt en Neckarbischofsheim en de gemeenten Epfenbach, Helmstadt-Bargen, Neidenstein en Reichartshausen.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:
- VVG fan 'e stêd Eberbach mei de gemeente Schönbrunn.
- VVG fan 'e stêd Hemsbach mei de gemeente Laudenbach.
- VVG fan 'e stêd Hockenheim mei de gemeenten Altlußheim, Neulußheim en Reilingen.
- VVG fan 'e stêd Sinsheim mei de gemeenten Angelbachtal en Zuzenhausen.
- VVG fan 'e stêd Wiesloch mei de gemeente Dielheim.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Rhein-Neckar-Kreis, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |