Swol
Swol Zwolle | ||
Sicht op it sintrum fan Swol | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Boargemaster | Peter Snijders (VVD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 133.081 (1 jannewaris 2024) | |
Oerflak | 119,28 km² | |
Befolkingsticht. | 1081 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1230 | |
Ferkearsieren | A28 A50 N50 N35 N331 N337 N340 N764 RING Steatsline A, Hânzeline, Spoar fan Swol nei Almelo, Spoar fan Swol nei Emmen, Spoar fan Utert nei Kampen | |
Postkoade | 8000-8049 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 31' N, 6° 5' E | |
Stedhûs fan Swol | ||
Lizzing fan de gemeente Swol | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan de gemeente | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Swol |
Swol[1] (Nederlânsk en offisjeel: Zwolle) is in gemeente yn en de haadstêd fan de provinsje Oerisel en teffens Hânzestêd. De gemeente hat 133.081 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 119,28 km². De stêd is nei Ynskedee de twadgrutte neffens ynwennertal yn Oerisel.
Swol leit oan it Swarte Wetter dêr't de Oeriselske Fecht yn útmûnet, en is mei it Swol-Iselkanaal ferbûn mei de Isel. De stêd leit oan de râne fan it goa Salland en is de grutste stêd yn dy regio. Swol krige yn 1230 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.
It haadplak fan de gemeente is de stêd Swol, en de oare plakken yn de gemeente binne Wijthmen en Windesheim. De bynamme foar de Swolsters is "Blaufingers".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it neolitikum wie der al bewenning yn it gebiet om Swol hinne. Stammen wennen op de deksânrêgen yn de omkriten. By it oanlizzen fan de wyk Ittersumerbroek yn Swol-Súd waarden yn 1993 pealsirkels út de brûnstiid fûn itjinge Woodhenge neamd waard.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Delsetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der ûntstie in fêste delsetting op it plak fan Swol op in deksânrêch tusken de Isel en de Oeriselske Fecht. Dat wie in heger en better bewenber plak tusken de omlizzende sompen. Sa'n plak waard in suolle neamd, itjinge Aldsaksysk foar "ferheging/drompel" betsjut. Der ûntstiene al rillegau hannelskontakten mei Fryslân, Westfalen en it Dútske Rynlân. Der waard yn 1964 in skerf Frysk streekbânierdewurk fûn. It soe dus wêze kinne dat Fryske hannelers harren yn it plak nei wenjen setten. Om 800 hinne namen troepen fan Karel de Grutte de omkriten yn.
Yn 1040 waard Swol foar it earst skriftlik neamd yn in oarkonde oer in oan Sint-Michael wijde karspeltsjerke. Yn 1230 krige Swol stedsrjochten fan syn lânshear de Utertske biskop Wilbrand fan Aldenburch as tanke foar help by it bouwen fan in boarch yn Hardenberg yn it ramt fan de Slach by Ane.
Untjouwing as stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1324 baarnde de stêd folslein ôf dy't troch Sweder, de hear fan Voorst oanstutsen waard. Allinnich njoggen gebouwen, wêrûnder de kapel en de treemter fan it Betlehimkleaster bleaune stean om't dy fan stien boud waarden. Nei de brân waard de stêd weropboud en doe mear nei it westen ta. Hjoed-de-dei is op it plattegrûn noch hieltyd oan it strjittepatroan te sjen dêr't yn it eastlik part fan it sintrum, dy't fan foar de brân datearret, ritiger is as it folle oarderlike westlike stedspatroan dy't fan nei de brân komt.
De Latynske skoalle fan Swol, hjoed-de-dei it Gymnasium Celeanum waard ûnder rektor Johan Celle (1375-1415) tige ferneamd. Om't er ynspirearre wie troch de Moderne Devoasje, dy't ynearsten troch Geert Grote yn Dimter begûn waard, brocht er nij geastlik, pedagogysk en sosjaal ynsicht yn 'e praktyk en syn fernijing yn it ûnderrjocht dy't út Swol wei ek nei oare parten yn Jeropa sprate. Yn de fyftjinde iuw, de "Gouden iuw" fan de stêd, wreide de Moderne Devoasje him út. Tomas fan Kempen, kopiïst, preester en mystikus dy't nei syn skoaltiid yn Dimter yn it Berchkleaster yn Swol nei wenjen sette, waard in ferneamd inspirator yn dy beweging. It is mooglik dat de lettere paus Adrianus VI om 1470 yn Swol les krige oan de Latynske skoalle.
Yn 1407 waard Swol lid fan de Hânze en dêrtroch hie de stêd syn gouden iuw ek mei oan te tankjen. De gilden hiene fan 1413 oant 1416 in soad ynfloed yn it stedsbestjoer en kundigen anty-kleasterlike bepalings oan. Biskop Freark fan Blankenheim pleatste Swol yn it ynterdikt en yn de nacht fan 16 desimber 1416, Sint-Lusianacht makke er rimpen in ein oan troch troepen de stêd yn te stjoeren. Yn 1438 krige Swol it steapelrjocht fan biskop Rudolf fan Diepholt. De keizer fan it Hillige Roomske Ryk befêstige yn 1448 de stedsrjochten fan Swol troch de stêd op te nimmen ûnder de stêden fan it Dútske Ryk. Yn 1495 waard Swol, mank mei Dimter en Kampen as Frije ryksstêd erkend.
Skeel mei Kampen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1500 hinne gie it hannelsferkear hieltyd mear oer de Oeriselske Fecht en it Swarte Wetter, om't de Isel by Kampen hieltyd mear oan it fersânjen wie. It Swarte Wetter, dat Swol mei de Sudersee ferbûn, waard troch it lânoanmeitsjen dêromhinne djipper en dus gaadliker foar gruttere skippen fan it hannelsferkear. Dêrtroh krige Swol mear hannel yn it neidiel fan Kampen. Kampen besleat syn Iseltol nei de mûning fan it Swarte Wetter te pleatsen itjinge Swol net noaske. De keizer en biskop stipen Kampen lykwols en doe waard Swol yn 1520 syn lânshear net mear trou en sochten se stipe by Karel fan Gelre. As betingst moast Swol him as lânshear erkenne. Dat waard sjoen as meineed en dêrtroch krigen de Swolsters mooglik de bynamme "Blaufingers". Dat hiele barren late ta kriich mei Kampen en dêrtroch kaam de hannel stil te lizzen, itjinge wer late ta honger en earmoedens ûnder de Swolske befolking. Yn 1524 kaam de befolking yn rebûlje en sette it Gelderskgesinde bestjoer ôf en sadwaande kaam Swol fannijs ûnder de Utertske biskop.
Karel fan Gelre waard brûkel en foel de stêd oan en liet de stêd belegerje. Kampen, dy't ûnderwilens frede sletten hie mei Swol, en Dimter kamen te help. It belis fan Swol duorre 24 dagen doe't de Geldersken in ferdrach mei de Uterske biskop sleat. Karel luts al syn oanspraken op de Oerstift, dêr't Swol part fan wie, yn tsjin in grutte skeafergoeding. Yn 1528 joech it Oerstift him oan Karel V fan Boergonje oer en waard dy opspjalte yn it hearlikheid Oerisel en it lânskip Drinte.
Tachtichjierrige Kriich en Republyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de foarjûn fan de Tachtichjierrige Kriich bleau it foarearst rêstich yn Swol. Der wie in kalvinistyske minderheid dy't rêstich syn preken hâlde koene, mar diene net mei oan de Byldestoarm. Yn 1566 brutsen se yn de Us Leaffroutsjerke en en holden dêr harren earste herfoarme tsjinst. Hja lieten it katolike ynterieur fierders gewurde. In jier letter hiene de Spanjerts de stêd fannijs ûnder kontrôle.
Nei in mislearre oanfal op 14 july 1572, waard Swol op 20 augustus sûnder ferset troch de Steatsen ûnder lieding fan Willem IV van de Bergh, sweager fan Willem fan Oranje ynnommen. Nei't syn troepen Kampen plondere hiene, joech swol him oer om fierder bloedfergriemen te foarkommen. De Roomsk-katolike waarden fierders gewurde litten, alhoewol't de soldaten de stêd, en benammen it Broerekleaster, leechrôven. Ek waard in soad iten yn beslach nommen. Doe't Don Freark op 16 novimber Sutfen útmoarde, flechten de Steatsen, mei Willem van de Bergh ynbegrepen, op 19 novimber út Swol wei. Op 25 jannewaris 1573 waard in Spaanskgesinde stedsrie oansteld.
De Steaten fan Oerisel diene ynearsten net mei oan de Uny fan Utert, dy't as in militêr ferbûn tsjin de Spaanske troepn ornearre waard. Doe't de steedhâlder fan Fryslân, Stêd en Lân, Drinte en Oerisel, George fan Lalaing fan Rennenberch op 3 maart 1580 nei de Spaanske kant oerrûn, keas Swol foar de Uny en erkende er de steedhâlder net mear. Op 15 juny koe in groep kalvinisten de katoliken en spaankse soldaten út de stêd ferjeie. Nei bemiddeljen fan Willem fan Oranje hold Lalaing de stêd Grins noch en sleaten Oerisel en Drinte harren oan by de Uny fan Utert.
By de Njoggen Jier fan Parma wiene Swol en Kampen de iennige stêden yn Oerisel dy't net troch de Spanjerts oermastere waarden. By de Tsjien jier fan Maurits fan Oranje waard de stêd in miltêre basis dêr't Oerisel en Gelderlân wei werom bemasteree wurde koene. By de yn 1587 en yn 1648 erkende Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen hie Oerisel net in echte haadstêd. De Steaten fan Oerisel bestie út ôffurdigen fan Dimter, Kampen, Swol en it Oeriselske Ridderskip. De gearkomsten waarden ôfwikseljend yn ien fan dy trije stêden holden.
Njoggentjinde iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Frânske tiid krige Swol lang om let de status fan haadstêd, earst fan it Departemint fan de Alde Isel, dêrnei fan it Departemint Oerisel en nei de anneksaasje yn it Earste Frânske Keizerryk fan it Departemint Mûning fan de Isel (Bouches-de-l'Yssel). Nei de Frânske tiid waard Swol de haadstêd fan de provinsje Oerisel.
Op 7 july 1837 waard op de Grutte Merk de lêste Swolske deastraf útfierd. De út Wijhe ôfkomstige Albert Wetterman waard ta dy straf feroardiele omreden de moard op syn frou Gerritdina Lankhorst.
Om 1870 hinne woeks it befolkingsoantal frij rap. Dat kaam benammen troch it iepenjen fan it Stasjon Swol yn 1866. Yn 1870 iepene de Maatskippij ta Eksploitaasje fan de Steatsspoarwegen in sintraal wurkplak dy't oan 600 manlju wurk joech. Bûten de stêd waard in nij stedsdiel, Assendorp, ûntwikkele. Dêr waard foar it earst yn Swol sosjale wentebou dien.
Yn 1885 waard in stedshynstetram eksploitearre troch de Zwolsche-Tramwegmaatschappij (ZTM) op kaapspoar dy't oansleat op it spoar. De stedstram waard yn 1919 wer opheft. Fan 1914 ôf waard de steamtram, ek op kaapspoar, eksploitearre op de tramline Swol-Bloksyl. Dy tramline waard yn 1934 opheft. Ek op kaapspoar krige it tramnet fan de Dedemvaartsche Stoomtramweg-Maatschappij yn 1895 in einstasjon yn Swol by de Brink. Dêr koe oerstapt wurde op de hynstetram. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it pleatslik tramnetwurk opheft.
Tweintichste iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 28 maaie 1932 waard de Sudersee mei de Ofslútdyk fan de Noardsee ôfsletten en sdawaande hie Swol gjin streekrjochte ferbining mear mei de iepen see.
Yn Swol (Zwollerkerspel) waarden de ferkearsbrêgen en de spoarbrêge oer de Isel hinne op 10 maaie 1940 opblaasd. By de Dútske besetting fan Nederlân krige Swol in saneamde Joadske ried. 495 Swolske Joaden waarden troch de besetter fuortfierd en yn konsintraasjekampen ombrocht. In Joadsk echtpear die harrensels tekoart doe't de Dútsers foar de doar stiene. Ek in tal Swolske fersetslju waaden fusilearre. Ferskate monuminten yn de stêd tinke dêroan werom. Op 14 april 1945 waard Swol troch de kanadezen befrijd.
Nei de kriich waard Swol as groeistêd oanmurken troch de Nederlânske oerheid, itjinge late ta flugge groei fan de stêd. Op 14 desimber 1994 waard de 100.000ste ynwenner fan de stêd berne. Yn 1997 waard Swol part fan it Nederlânske Gruttestêdebelied.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Swol leit oan de noardeastlike ouwer fan de rivier de Isel en leit yn de streek Sallân. De gemeente wurdt yn it noardwesten begrinzge troch de gemeente Kampen, yn it noarden oan Swartewetterlân, yn it noardeasten oan Staphorst, yn it easten oan Dalfsen, yn it súdeasten oan Raalte, yn it suden oan Olst-Wijhe, yn it súdwesten oan oare en Gelderske kant fan de Isel oan Heerde en yn it westen oan Hattem.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de stêd Swol is Windesheim de iennige oare offisjele kearn yn de gemeente. Fierders bestiet de gemeente út de folgjende buorskippen: Berkum, Brinkhoek, Bruggenhoek, Frankhuis, Haerst, Harculo, Herfte, Hoog Zuthem, Katerveer, Langenholte, De Lichtmis (foar in part), Oldeneel, Schelle, Spoolde, Veldhoek, Westenholte, Wijthmen en Zalné
Wiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Swol hat de folgjende wiken: Aa-landen, Assendorp, Berkum, Binnenstêd, Diezerpoort, Hanzeland, Holtenbroek, Ittersum, Kamperpoort-Veerallee, Marsweteringlanden, Poarte fan Swol, Schelle, Soestweteringlanden, Stadshagen, Vechtlanden, Westenholte en Wipstrik.
Untjouwing ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûntjouwing fa it ynwennertal fan 1404 oant 2020.[2][3][4][5]
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Swol binne in soad âlde monumintale bouwurken bewarre bleaun. De binnenstêd is in beskerme stedsgesicht.
Religieuze bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Basilyk fan Us-Leaffrou- te'n-Himelopnimming, in midsiuwske krústsjerke út 1394 oan de Oksemerk.
- Piperbus, in letgoatyske toer út 1454 dy't by de Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming heart.
- Grutte of Sint-Michaelstsjerke, in trijeskippige halletsjerke oan de Grutte Merk út 1406 yn de styl fan de Nederrynske gotyk.
- Grifformearde Sudertsjerke, boud yn 1924 nei in ûntwerp fan arsjitekt J.H. van der Veen.
- Dominikanetsjerke mei it oanswettende Dominikanekleaster.
- Broeretsjerke oan it Broeretsjerkeplein
- Sint-Michaeltsjerke, in eardere roomsk-katolike tsjerke oan de Roggenstraat dy't yn 1965 ôfbrutsen waard.
- De Synagoge is in eklektysk gebou dat fannijs opmakke waard nei't er nei de Twadde Wrâldkriich fertutearze waard.
- De Gul-Zaza-Re medina moskee is in nijmoadrige moskee yn it suden fan Swol mei 2 minaretten.
Oare bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Stedhûs fan Swol bestiet út in 15e-iuwsk part mei in nij part (1975).
- It Frouljushûs hûsmannet sûnt 1987 in keunsthistoarysk museum mei deselde namme. It grutte pân waard 250 jier lang brûkt as âldereinhûs foar froulju oant 1984.
- It Karel V-hûs (Hof fan Ittersum) is in yn renêssânsestyl boud patrysjershûs.
- Het Witte Kruis, in gebou fan histoaryske wearde oan de Diezerstrjitte.
- De Witte Leeuw waard yn 1666 yn klassisistyske styl boud as bierbrouwerij en wente yn opdracht fan bierbrouwer Albert Brouwer, ek oan de Diezerstjitte.
- It Drostenhuis is in 16e-iuwske eardere regintewente dêr't it Stedsk Museum Swol yn fêstige is.
- In pakhûs mei oerbliuesels fan in midsiuwske muorretoer.
- Justjes bûten it sintrum, binne ferskate Jugendstilhuzen.
- Stasjon Swol is in spoarstasjon út 1866.
Fêstingwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oerbliuwsels fan de stedsmuorre dy't eartiids om de gânse âlde binnenstêd hinne rûn. Oarspronklik wiene der 23 tuorren yn de muorre. De Wijndragerstoren en de Pelsertoren binne noch alhiel bewarre bleaun, de Zwanentoren is foar in part bewarre bleaun.
- Sassenpoarte, de iennige alhiel bewarre bleaune poarte fan de oarspronklike seis poarten yn de stedsmuorre.
- Diezerpoarte, in poarte út 1475 dêr't oerbliuwsels fan bewarre bleaun binne.
- Stienpoarte, in stedspoarte út 1488 dêr't oerbliuwsels fan bewarre bleaun binne.
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne yn Swol twa mûnen bewarre bleaun:
- Mûne De Passiebloem, in achtkantige stelling-oaljemûne mei opslachskuorren út 1776.
- Windesheimer mûne, in nôtmûne út 1747.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stedsdialekt fan Swol is it Swolsk, dat in Sallânsk dialekt is en dus heart ta it Nedersaksysk. Typysk foar it Swolsk is de útspraak fan de "r", sa't dy yn it Frânsk útsprutsen wurdt. Dat skaaimerk komt lykwos ek yn de stedsdialekten Kampersk, Dimtersk en Sutfensk foar. Ek it fuortfallen fan de "h" komt yn d eomkriten, oan yn it Urkersk ta.
Blaufingers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas in soad oare plakken hat Swol ek in bynamme foar syn ynwenners, blaufingers (blauwvingers), dy't letter ta in geuzenammen feroare. It komt út 'e tiid dat der tusken Swol en Kampen soad tsierderij wie. Swol krige de bynamme doe't se Karel fan Gelre as hear erkenden ynstee fan de Utertske biskop dy't yn ien fan de skelen de kant fan Kampen keas. De biskop wie offisjeel de lânshear fan Swol en doe't dy Karel erkenden, diene se meineed. It ferhaal gie dat by in wapenskoft Swol it klokkespul fan d efrbaarnde toer oan Kampen bea. De Kampeners giene akkoart as betingst dat se it sizze soene hoe't it bedrach betelle wurde soe. Op ien dei kaam der in wein fol mei jild dy't allegear út koperen munten bestie. De Swolsters krigen blauwe fingers fan it tellen fan dy koperen munten, dus dêrom waard "Blaufingers" de bynamme fan de Swolsters.
Letter beskôgen de Swolsters de namme as in geuzenamme. Elts jier wurde der de saneamde Blaufingerdagen holden, dêr't der merke is en oare aktiviteiten.
De Amerikaanske sjonger Black Francis hat yn 2007 in cd útbrocht mei de titel Bluefinger. Dat wie as ynspiraasje foar de ferneamde ferstoarne muzikant en keunstner Herman Brood, dy't yn Swol berne waard.
Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stedsk Museum Swol (sletten sûnt 2017)
- ANNO (museum) (fuortsetting Stedsk Museum, sûnt 2022)
- Museum de Fundatie
- It Frouljushûs
- Bonami Games & Computers Museum
- Herman Brood Museum & Experience
Keunst en muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Poppoadium Hedon
- Teäter De Spiegel
- Teäter Odeon
- Pathé Zwolle, bioskoop
- MAC³PARK stadion, it fuotbalstadion fan PEC Swol
- IJsselhallen, evenemintehallen
- Eureka, in sosiëteit mei (pop)poadium, (yt)kafee, oefen- en atelierromte
Underrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne ferskate hbû-ynstellings yn de stêd. Windesheim is fêstige op de kampus yn Swol-Súd. De grifformearde hegeskoalle Viaa leit oan d erâne fan it sintrum, lykas de katolike pabû. ArtEZ-hegeskoalle hat ferskate fakulteiten, keunst, teäter, art & design op ferskate plakken yn de stêd. Der is ek in stúdzjesintrum fan de Iepen Universiteit. Fierders hat de stêd guon skoallen fan middelber beropsûnderwiis en ferskate skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]PEC Swol is de professionele fuotbalklup fan Swol, dy't op it stuit yn de Earste Difyzje spilet. It hat yn it ferline ek wol yn de Earedifyzje spile. Nei it slopen fan it Oosterenkstadion spilet PEC Swol sûnt 2008 yn it MAC³PARK stadion.
Landstede Zwolle komt út yn de earedifyzje foar kuorbal.
De Follybalklup VC Zwolle komt út yn de earedifyzje foar it follybal.
De Stjer fan Swol,almeast op de earste sneon yn maart, is elts jier de iepening fan het hurdfytserseizoen yn Nederlân. Sûnt 1999 wurdt yn augustus, justjes nei de Omgong fan Frankryk it Peperbus Profspektakel mei ferneamde hurdfytsers yn de Swolske binnenstêd holden.
Sûnt 2001 wurdt yn Swol elts jier de heale maraton fan Swol organisearre, in hurdrinwedstriid oer 21,1 km.
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swol is in drok knooppunt fan sawol autoferkear as treinferkear.
Autoferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De A28 fan Utert nei Grins rint dwers troch de stêd hinne, dêr't der 4 oanslutings fan binne. De A28 rint súdlik fan Swol oer de Iselbrêge hinne nei knooppunt Hattemerbroek, justjes súdlik fan Swol. Dêr krúst de A28 de A50/N50, dy't fan Eindhoven oer Arnhim, Apeldoarn, Kampen nei Emmeloard rint. De N35 rint fan Swol nei Almelo dêr't er fierder as A35 oer Ynskedee nei de Dútske grins rint. De N331 begjint yn it noarden fan Swol en rint troch d egemeente Swartewetterlân nei Emmeloard. De N337 is part fan de Iselallee en de Ring Swol en rint fan it suden fan Swol nei Dimter. De N340 rint fan de wyk Berkum nei it noardeasten fan Oerisel.
Treinferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Stasjon Swol is ien fan de drokste knooppunten fan Nederlân. De Hânzeline ferbynt intercity's út Ljouwert en Grins wei nei Amsterdam-Súd en Skiphol nei De Haach. De treinen ride oer in brêge oer de Isel, de Hânzebôge. Fierder ferbynt Stasjon Swol de Steatsline A fan Ljouwert nei Arnhim, it spoar fan Swol nei Almelo, it spoar fan Swol nei Emmen, en it spoar fan Utert nei Kampen. It twadde spoarstasjon fan Swol is Stasjon Swol Stadshagen dy't yn 2019 iepene waard.
Wetterferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rivier de Isel is de wichtichste farrûte bylâns Swol, dêr't it Swol-Iselkanaal de stêd mei ferbynt. It Swarte Wetter komt út it noarden wei Swol yn en mûnet yn d eIsel út. De Oeriselske Fecht mûnet justjes noardlik fan Swol út yn it Swarte Wetter. Yn it easten fan Swol rint in kanalisearre rivier, dy't binnen de stedsgrinzen it Almelooske kanaal hjit en bûtenút Nieuwe Wetering en Soestwetering.
Guon ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johan Rudolph Thorbecke (1798-1872), Nederlânsk steatsman
- Herman Brood (1946-2001), sjonger, keunstskilder, akteur en dichter
Stêdebân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zwolle fan Wikimedia Commons. |
Wiken, doarpen en buorskippen yn de gemeente Swol | ||
---|---|---|
Wiken fan de stêd Swol: Aa-landen • Assendorp • Berkum • Binnenstêd • Diezerpoort • Hanzeland • Holtenbroek • Ittersum • Kamperpoort-Veerallee • Marsweteringlanden • Poarte fan Swol • Schelle • Soestweteringlanden • Stadshagen • Swol-Súd • Vechtlanden • Westenholte • Wipstrik | ||
Doarp: Windesheim | ||
Buorskippen: Berkum • Brinkhoek • Bruggenhoek • Frankhuis • Haerst • Harculo • Herfte • Hoog Zuthem • Katerveer • Langenholte • De Lichtmis (foar in part) • Oldeneel • Schelle • Spoolde • Veldhoek • Westenholte • Wijthmen • Zalné | ||
Eardere gemeenten: Nieuwleusen (foar in part) ● Zwollerkerspel | ||
· · |
Oerisel | |
---|---|
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden | |
· · |