Oldenzaal
Oldenzaal | ||
Katolike St. Plechelmusbasilyk (2020) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Oldenzaal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 31.778 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 21,95 km² dêrfan lân: 21,55 km² dêrfan wetter: 0,4 km² | |
Befolkingsticht. | 1.475 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Almelo - Salzbergen, A1, N342, N343, N733, N735, N736 | |
Postkoade | 7570-7577 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 18' NB, 6° 55' EL | |
Lizzing fan Oldenzaal yn Oerisel | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan de gemeente | ||
Kaart | ||
Oldenzaal (Nedersaksysk: Oldenzel) is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 31.778 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 21,95 km² (wêrfan 0,4 km² wetter). Oldenzaal krige foàr 1249 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. De stêd is it iennichste plak binnen de gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brûnstiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste bewizen fan bewenning yn de omkriten fan Oldenzaal binne werom te trasearjen oant de lette boarnestiid goed 4500 jier foar Kristus, benammen by de grêfheuvels yn de wyk De Thij binne der frijwat sieraden en gebrûksfoarwerpen fûn dy't werom te trasearjen binne nei it "Trachterbekerfolk".
Romeinske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Romeinske tiid wennen yn de omkriten fan Oldenzaal nei alle gedachten Tubanten. Yn Oldenzaal binne inkelde Romeinske munten út de earste iuw nei Kr. fûn, wêrûnder (by de Tankenberch by Oldenzaal) in sulveren Romeinske munt (denarius). It giet om in munt dy't eins net brûkt is fan keizer Tiberius (14 n.Kr. -37 n.Kr.) en in dupondius fan Vespasianus, slein yn 77.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de twadde helte fan de achtste iuw, neidat East-Nederlân ûnder kening Pepyn III yn it Frankyske Ryk yntegrearre wie, lei yn Oldenzaal in keninklik domein, lein op in strategysk krúspunt fan wegen. Op dit keninklik domein waard in hôf ynrjochte, wêrby't ynearsten de militêre funksje noch foarop stie. It hôf wie fersterke mei in omheining fan flechtwurk. Mooglik hat de reizgjende Iersk-Angelsaksyske misjonaris Plechelmus - dy't de Abdij fan Prüm of Echternach as útfalsbasis hie - om 765 hinne in tsjerke stifte op dit plak. De earste tsjerke wie wijd oan de hillige Paus Sylvester I. Yn 954 ferbûn biskop Balderik fan Utert in kapittel oan de foargonger fan de hjoeddeistige Sint-Plechelmusbasilyk.
Dêrtroch waard Oldenzaal it belangrykste religieuze sintrum fan Twinte. Yn 1049 krige de biskop fan Utert fan keizer Hendrik III foar Oldenzaal it rjocht op in wike- en in jiermerk. Wannear't Oldenzaal stedsrjochten krigen hat, is net krekt bekend: it dokumint dêr't dit yn fêstlein is, is ta gefolch fan brannen en plonderingen ferlern gien. Der is wol noch in oarkonde út 1296, dêr 't in Utrechtske biskop yn ferklearret dat syn foargonger Otto fan Hollân stedsrjochten skonken hat oan Oldenzaal. Fan dat stuit ôf mocht Oldenzaal him offisjeel in stêd neame. It moat earne tusken 1233 en 1249 west ha.
Op 25 juny 1492 lei de Helmichbrân Oldenzaal hast folslein yn 'e jiske.
Oan de ein fan de midsiuwen kriget Oldenzaal in Hillige-Geast-gasthûs, dêr't siken telâne kinne. Der wurdt ek in begjynhûs stichte, dat letter útgroeit ta in folweardich kleaster, it Sint-Agneskleaster, wijd oan de hillige Agnes.
Tachtichjierrige Oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Tachtichjierrige Oarloch kriget Oldenzaal it swier te ferduorjen. Op 22 oktober 1597 wurdt Oldenzaal ynnommen troch Maurits fan Nassau. Dat duorret lykwols net lang, want op 1 augustus 1605 wurdt Oldenzaal ynnaam troch Ambrogio Spinola wêrtroch't de stêd wer yn Spaanske hannen komt. Foar de katolike befolking fan Oldenzaal is dat in befrijing, want no kin dit leauwen wer frij útoefene wurde. Nei it Belis fan Oldenzaal (1626) troch Ernst Kasimir fan Nassau komt op 1 augustus fan dat jier de stêd definityf yn Steatske hannen terjochte.
Frede fan Münster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Frede fan Münster yn 1648 bliuwt Oldenzaal, nettsjinsteande har hiele katolike karakter, ûnder oplein herfoarme bestjoer. De katolike godstsjinst wurdt ûnderdrukt en publike útoefening derfan ferbean, de ferneamde Plechelmustsjerke wurdt in pear iuwen útsein de Múnsterske besetting om 1673 hinne brûkt troch herfoarmen. Pas yn 'e Frânske Tiid komt dêr feroaring yn en komt de tsjerke wer ta beskikking fan 'e katoliken. De Oldenzaalske befolking bliuwt, lykas de measte ynwenners fan Twinte, dúdlik roomsk-katolyk.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 4 oere moarns marsjearden Dútske soldaten de hoeke om fan de Molenstraat nei de Bisschopstraat op wei nei de Groote Markt. Likernôch tagelyk ried der in pantsertrein út Bentheim Oldenzaal binnen. De Dútsers namen fuortendaliks it behear oer fan it stasjon en hâlden dat 5 jier yn eigen hân. De spoarferbining mei it Dútske efterlân wie tige wichtich foar de oanfier fan soldaten en materiaal. It militêre transport krige altyd foarrang op de normale tsjinstregeling. Doe't de loftlâningstroepen lânen yn Arnhim, kaam de kriich tichteby. Foar it earst waard de stêd serieus besketten. Op woansdei 25 oktober 1944 waard de stêd foar in razzia folslein ôfsletten troch it Dútske leger. Manlju tusken 17 en 55 jier moasten harren melde op Fuotbalfjild ‘’t Heuveltje’ oan de Haerstraat. Tusken de 800 en 900 manlju waarden nei Dútslân brocht om dêr ferdigeningswurken tsjin de oprukkende alliearden te graven.[2][3] Op 2 april 1945, waard Oldenzaal troch de Ingelsken bevrijd. De befrijing kaam fanút de rjochting fan it hate fleanfjild. De grutte tanks rieden fia de Groote Markt nei Dútslân.
Op 8 maaie 1945 waard op de Groote Markt in befrijingsfeest mei fjoerwurk troch de Kanadeeske troepen oanbean. In groepke jongeren brocht by it feest ûnflambere brânplaatsjes út granaathulzen ta ûntploffing, dy't se út in Dútsk munysjedepot fan it Marthalager hellen. Flak foar middernacht gie dat gigantysk mis. Der ûntstie in grutte eksploazje. Op de hiele Groote Markt en omkriten wie gjin rút mear hiel. Der foelen troch dizze eksploazje acht deaden, en sechstich minsken rekken ferwûne.[4]
Treinûngelok Oldenzaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 oktober 1959 ramde in frachttrein út Dútslân mei stikkene remmen in stjitblok by de spoarweioergong oan de Enschedesestraat, wêrby't de disellokomotyf kantele, it talúd ôfrôle en yn in strjitte ta stilstân kaam. It weidek waard omploege. In wagon boarre him oer de lokomotyf hinne heech yn de loft. Der foelen gjin deaden en ferwûnen, mar de ravaazje wie grut.[5]
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oldenzaal leit oan de A1 fan Knooppunt Watergraafsmeer nei de Dútske grins. fierders leit Oldenzaal oan de Provinsjale diken N342 (Hengelo - Dútske grins), N343 (Oldenzaal - Slagharen), N733 (Ynskedee - Oldenzaal), N735 (Oldenzaal - De Lutte) en de N736 (Oldenzaal - Ootmarsum) Oldenzaal hat in stasjon oan de spoarline fan Almelo nei it Dútske Salzbergen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de njoggentjinde iuw komt krekt as yn oare Twintske plakken de tekstylyndustry op yn Oldenzaal. It bekendste fabryk is dat fan Gelderman, de âldste noch altyd besteande dy fan S.I. Zwartz. De tekstylyndustry soarge begjin jierren 60 fan de 20e iuw foar in tastream fan Spaanske, Italjaanske en letter ek Turkske gastarbeiders dy't har fêstigen yn Oldenzaal. [6]
Nei it oanlizzen fan de A1 komt yn Oldenzaal de bedriuwichheid ta gruttere bloei. Oldenzaalske bedriuwen binne ûnder oare aktyf yn de neikommende sektoaren: talevering foar de auto-yndustry, bou, ynstallaasjetechnyk, fiedingsmiddelyndustry (delikatessen, snacks, bakkerijen), finansjeel advys en transportbedriuwen foar sawol ynternasjonaal as nasjonaal transport.
-
It eardere stedshûs (2007)
-
Stasjon Oldenzaal (2014)
-
Rekreaasjegebiet Het Hulsbeek (2008)
-
Hûs "De Haer" (2013)
-
Herfoarme tsjerke (2013)
-
Kantoargebou fan tekstylfabryk "Gelderman" (2008)
-
Katolike Antonius fan Paduatsjerke (2007)
-
Katolike Alderhillichste Trije-ienheidtsjerke (2008)
-
Groote Markt (2007)
-
Museum Palthe huis (2006)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oerisel | |
---|---|
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden | |
· · |
Wiken yn de stêd Oldenzaal | ||
---|---|---|
Wenwiken: De Essen • De Thij • Graven Es • Zuid-Berghuizen | ||
bedriuweterreinen: De Eekte • Hanzepoort • Het Hazewinkel • Jufferbeek | ||
Earder Buorskip: Berghuizen | ||
Wetter: Gammelkerbeek • Hasselerbeek • Stakenbeek | ||
· · |