Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Seus

Ut Wikipedy
Seus
Ζεύς (Zeus)
persoanlike bysûnderheden
bynamme Wolkenssamler
religy Gryksk heidendom
domein loft, wjerljocht en tonger,
wet, oarder, rjocht
wente de Olympus
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Heara (en ferskate oaren)
heit Kronos
mem Reä
broer Hades, Poseidon, Eolus
suster Hestia, Heara, Demeter
soan ApolloAresDionysusHefaistos,
Hearakles e.o.
dochter Afrodite, Artemis, Pallas Atene,
Perséfoné, de graasjes, de muzen
e.o.
ekwifalint Jupiter, Dyaus Pita
attributen
foarwerp skepter, Aigis (skyld)
plant iik
bist earn, bolle
oar wjerljochtslach

Seus (Aldgryksk: Ζεύς, Zeus, útspr.: [zdeṷs], likernôch "zdeeuws"; (modern Gryksk: Δίας, Días, útspr.: ['ði.as], likernôch "zias") is yn 'e Grykske mytology de oppergod dy't op 'e Olympus as kening oer de oare goaden regearret. Hy is ek de god fan 'e loft, de wjerljocht en tonger, de wet, oarder en it rjocht, en stiet bekend as Νεφεληγερέτα, Nephelēgereta, "Wolkenssamler". De namme Zeus komt etymologysk oerien mei de nammen fan ferskate goaden yn oare panteöns, wêrûnder it earste wurdlid fan 'e namme fan 'e Romeinske god Jupiter, mei wa't er meitiid sterk identifisearre waard.

Neffens de myten fan it âlde Grikelân is Seus de heit fan in grut part fan it Grykske panteön, en dêrnjonken, fia syn regelmjittige eroatyske eskapades, ek fan in grut tal healgoaden. Syn wichtichste attribút is de wjerljochtslach, dy't er op ôfbyldings gauris yn syn ûnderhelle rjochterhân hâldt. Ek wurdt er faak assosjearre mei de iik, de earn en de bolle. De ierste oerlevere fermelding fan Seus is yn Myseensk Gryksk yn it Lineêr B-skrift, en datearret út it twadde milennium f.Kr.

Yn it Aldgryksk is Seus syn namme yn 'e nominatyf (of 1e namfal) Ζεύς, Zeus, mar ferbûcht syn namme yn 'e oansprekkende wiis ta Ζεῦ, Zeu; yn 'e genityf (of 2e namfal) ta Διός, Diós; yn 'e datyf (of 3e namfal) ta Διί, Dií; en yn 'e akkusatyf (of 4e namfal) ta Δία, Día. Dêrút kin de sibskip tusken Seus en bgl. it Frânske wurd foar "god", dieu, al opmakke wurde. Beide wurden geane werom op *Di̭ēus (of *Dyeus Phatēr, "Himelheit") de namme fan 'e Proto-Yndo-Jeropeeske god fan 'e deiloft, dy't yn 'e Sanskrityske Rgveda foarkomt as Dyaus Pita. De namme fan 'e Germaanske god Tyr (ek wol Tiu of Ziu) komt út deselde oarsprong en fanwegen de konneksje mei dei of deiljocht jildt itselde foar ús wurd "dei". Ferlykje fierders ek *Dyeus Phatēr mei de namme fan 'e Romeinske oppergod Jupiter. Seus is de iennichste god fan it Grykske panteön fan wa't de namme sa'n dúdlike etymology hat.

De Jupiter fan Smyrna, nei alle gedachten eins in byltenis fan Seus, opgroeven yn Smyrna, yn 1680.

Seus syn meast wêzentlike funksje yn it âlde Grikelân wie dy fan himelgod. De natoer yn al syn dwaan en litten wie oan him ûnderwurpen. Hy smiet mei wjerljochtslaggen, sammele wolkens en jage dy wer útinoar, en ek rein en snie liet hy falle. Ferbân dêrmei hold dat ferskate hege bergen as it ferbliuw Seus gouwen: de Ida op Kreta, de Lyseus yn Arkaadje, mar benammen de Olympus yn Tessaalje. Fierders leauden de Alde Griken dat Seus harren foartekens joech troch wjerljocht, tonger, reinbôgen en de flecht fan fûgels.

Al ier yn 'e skiednis, mooglik al yn 'e Myseenske tiid (1700-900 f.Kr.), ûntjoech Seus him ta de wichtichste god fan it Grykske panteön en rekken âldere goaden op 'e eftergûn. Fan dy tiid ôf waard er beskôge as de kening fan 'e goaden. Syn gemalinne Heara en de wichtichsten fan syn bern ferbleaune mei him op 'e Olympus en wiene ûnderhearrich oan him. Sa waard Seus net inkeld hearsker fan 'e natoer dy't datoangeande foar harmony soarge, mar ek tafersjochhâlder oer de maatskiplike oarder.

As kening fan 'e goaden wied er boppdat de patroan fan minsklike keningen en foarsten. Men leaude dat sokken harren macht oan it keningskip fan Seus ûntlienden en dêrom oan him ferantwurding skuldich wiene. Dêrút kaam fuort dat ek de wet en it rjocht oan Seus keppele wiene, saken dy't ommers it domein fan keningen binne. Hy wie in riejaande god en de hoeder fan folksgearkomsten. Ek wie hy de bewarder fan eden, dy't derop taseach dat de lju dy't by him sward hiene, har ek oan har ûnthjitten holden. Yn it ferlingde fan syn rol as kening fan 'e goaden wie Seus ta einbeslút ek haad fan 'e húshâlding, en hied er in alter op it binnenplak fan grutte wenten.

Seus yn syn striidwein (ôfbylding troch Alfed Church, 1879).

As tongergod wie Seus syn symboal de wjerljochtslach, en mei dy yn 'e ûnderhelle rjochterhân is er dan ek faak ôfbylde. Dêrút kaam ek de assosjaasje mei de earn fuort, mei't dy fûgel yn it âlde Grikelân as in symboal fan 'e wjerljocht sjoen waard. Ek de ikebeam, in symboal foar krêft, wie mei Seus ferbûn, en krektlyk de bolle, in bist dêr't er himsels yn in myte yn feroare. Ek waard er wol ôfbylde mei in skepter, it symboal foar keninklike macht. It skyld fan Seus hiet de Aigis, in machtich wapen, dat er yn 'e myten brûkt om syn fijannen benaud te meitsjen.

Seus syn âlden wiene Kronos en Reä, twa fan 'e tolve titanen, in goadeskaai besteande út 'e soannen en dochters fan 'e himelgod Uranus en de ierdgoadinne Gaia, dat de Grykske wrâld regearre foar't de Olympyske goaden de macht griepen. Kronos, de god fan 'e tiid (ekwifalint oan 'e Romeinske Saturnus), sette by Reä ferskate bern oan, wêrûnder Hestia, Demeter, Heara, Hades en Poseidon, mar om him derfan te bewissigjen dat se him nea nei de kroan stekke koene, friet er harren op sadree't se berne wiene.

Kronos hie nammentlik in profesij heard dat er troch syn soan ûnder fuotten helle wurde soe, krekt sa't hysels syn eigen heit Uranus ûnder fuotten helle hie. Doe't Seus op it punt stie om berne te wurden, woe Reä him rêde fan it lot fan syn bruorren en susters, en mei help fan Gaia betocht hja in plan om dat te dwaan. Hja befoel fan Seus yn in grot (de saneamde 'Grot fan Seus') op 'e berch de Ida op it eilân Kreta. Neitiid lange hja in stien mei in ruft deromhinne oan Kronos oer, dy't dy fuortendaliks trochslokte.

De saneamde 'Grot fan Seus' yn 'e Ida, op Kreta, it mytyske berteplak fan Seus.

Der besteane útinoar rinnende myten oer wat der mei Seus barde nei't er te wrâld kommen wie yn 'e grot op 'e Ida:

  1. Hy waard dêrnei grutbrocht troch syn beppe Gaia.
  2. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in geit dy't fan Amalteä hiet, wylst in stikmannich mindere goaden oanhâldend omdûnse, skreaude en mei harren spearen op harren skylden sloech sadat Kronos de poppe net gûlen hearre soe.
  3. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in nimf dy't fan Adamanteä hiet. Om't Kronos hearske oer de Ierde, de himel en de see, ferskûle hja de poppe troch him oan in tou yn in beam te hingjen, sadat er noch ierde, noch himel, noch see oanrekke en dus ûnsichtber wie foar syn heit.
  4. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in nimf dy't fan Kynosoera hiet. Ut tank pleatste Seus har neitiid mank de stjerren.
  5. Hy waard dêrnei grutbrocht troch de nimf Melissa, dy't him geitemolke en hunich te iten joech.
  6. Hy waard dêrnei grutbrocht troch in famylje fan skiephoeders, yn ruil foar it ûnthjit dat gjin inkele wolf harren skiep noch tenei komme soe.

Nei't er folwoeksen wurden wie, twong Seus Kronos om 'e stien mei de ruft om út te koarjen. Dy saneamde Omfalos sette er del te Pyto as in teken foar de stjerlike minsken. Dêrnei moast Kronos al Seus syn bruorren en susters wer opjaan yn omkearde folchoarder fan dy wêryn't er harren trochslokt hie. Yn guon ferzjes fan it ferhaal koarre Kronos syn bern net út mar snie Seus him de búk iepen.

Neitiid befrijde Seus ek syn omkes, Kronos syn bruorren, de giganten, de hekatoncheiren en de syklopen, út harren tsjerker yn 'e skimige ûnderwrâld Tartarus, wêrby't er harren sipier, Kampe, om hals brocht. As tank dêrfoar bejeftigen de syklopen him mei de tonger en de wjerljochtslach, dy't Gaia foar Kronos ferburgen holden hie. Mei syn bruorren, susters en omkes helle Seus dêrnei Kronos en de oare titanen ûnder fuotten yn in striid dy't bekendstiet as de Titane-oarloch of de Titanomachy. De fersleine titanen waarden foar straf yn Tartarus smiten, útsein Atlas, dy't twongen waard om tenei it himelferwulft op syn rêch te dragen.

De holle fan Seus mei lauwerkrâns op in goudene munt út 360-340 f.Kr.

Nei ôfrin fan 'e Titane-oarloch ferdielden Seus en syn bruorren Poseidon en Hades de wrâld troch lotten te lûken: Seus krige de loft, Poseidon it wetter en Hades de ûnderwrâld dêr't de stjerliken nei har dea bedarren. De oerâlde ierde sels koe net ferparte wurde, en wie dêrom fan alletrije bruorren. (Sadwaande hie bgl. Poseidon behalven oer de see ek sizzenskip oer ierdbevings.) Syn beppe Gaia mocht der net oer hoe't Seus de titanen behannele wie, dy't úteinlik har eigen bern wiene. Dêrom moast Seus al rillegau nei de Titane-oarloch de striid oangean mei guon fan Gaia har oare bern, de meunsters Tyfon en Echidna. Hy fersloech beide en sette Tyfon finzen op Sisylje, ûnder de Etna, mar Echidna en har bern liet er fierder gewurde.

Oarehelte en bern

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seus syn gemalinne wie syn folle suster Heara, dy't út 'e myten nei foarren komt as rjochtlinich, freeslik oergeunstich en frijwol folslein ûnsympatyk, al spilet dêrby grif in rol dat de myten troch manlju betocht en oerlevere waarden. Seus sette by har de oarlochsgod Ares, Hebe, de goadinne fan 'e jonkheid, en de godlike smid Hefaistos oan, al wolle guon myten hawwe dat Heara har bern sûnder manlike help produsearre. Soms wurde ek Eileityia, de goadinne fan 'e berte, en Earis, de goadinne fan 'e twaspjalt, as harren dochters sjoen.

Dat Heara oergeunstich wie, hie in goede reden, want Seus bedreach har allegeduerigen. By de goadinne Leto, út it skaai fan 'e titanen, sette er in twilling oan: Artemis, goadinne fan 'e jacht, en Apollo, de god fan 'e skiene keunsten. Syn eigen suster Demeter skonk him de goadinne Perséfoné, dy't letter mei Hades troude en keninginne fan 'e ûnderwrâld waard. De nimf Maia, de dochter fan 'e titaan Atlas, waard de mem fan Seus syn soan Hermes, de godlike boadskipper. De Grykske goadinne fan 'e wiisheid en wittenskippen, Pallas Atene, soe neffens de bekendste myte op wûnderbaarlike wize út 'e holle fan Seus berne wêze sûnder dat dêr in froulike partner oan te pas kaam, mar in oar ferhaal wol hawwe dat har mem de titaanske goadinne fan 'e wiisheid Metis wie. Fierders soe Seus by de titaanske goadinne Dione de leafdesgoadinne Afrodite oanset hawwe, hoewol't dy neffens in âldere myte by Syprus út it seeskom opriisde. Manlike leafde wie ek in gegeven foar Seus. It wurdt sein dat er in relaasje hie mei Ganymedes.

Seus (as bolle) ûntfiert de prinsesse Europa (skilderij fan Jean-François de Troy, 1716).

Mar fral Seus syn feroverings ûnder stjerlike prinsessen binne ferneamd, al kin hjir foar 'ferovering' ek gauris ferkrêfting lêzen wurde, as men de myten letterlik nimt. Sa waard de prinsesse Europa troch Seus ûntfierd yn 'e foarm fan in bolle, en skonk neitiid it libben oan in seis soannen, wêrûnder de heal-mytyske kening Minos fan Kreta. De healgod Perseus sette Seus oan by de hermetysk opslettene Argioatyske prinsesse Danaé, doe't er yn 'e foarm fan in striel gouden ljocht de leafde mei har bedreau. Seus syn leaflingssoan wie de healgod Hearakles (latinisearre foarm: Herkules), dy't er oansette doe't er Perseus syn pakesizzer Alkmene (syn eigen oerpakesizzer dus) ferlate yn 'e foarm fan har man Amfitryon.

List fan neiteam fan Seus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Godlike neiteam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
mem bern
Afrodite mooglik Tyche
Aiga Aigipan
Ananke of Temis de Moirai of skikgoadinnen
  1. Atropos
  2. Kloto
  3. Lachesis
Demeter Perséfoné
Dione of Talassa Afrodite
Earis Limos
Eurynome, Eurydome, Eurymedûsa of Euante de Charites of graasjes
  1. Agleä
  2. Eufrosyne
  3. Talia
Gaia Manes
Heara
  1. Angelos
  2. Ares
  3. Earis
  4. Eileitya
  5. Hebe
  6. Hefaistos
Leto
  1. Apollo
  2. Artemis
Maia Hermes
Metis of gjinien Pallas Atene
Mnemosyne de muzen (oarspronklik trije)
  1. Aoide
  2. Melete
  3. Mneme

de muzen (letter njoggen)

  1. Erato
  2. Euterpé
  3. Kalliopé
  4. Klio
  5. Melpomené
  6. Polyhymnia
  7. Talia
  8. Terpsichoré
  9. Urania
Nemesis Helena fan Troaje (mooglik)
Perséfoné
  1. Melinoé
  2. Sagreus
Selene
  1. Ersa
  2. de Nemeeske Liuw
  3. Pandia
Talia Palisy
Temis
  1. Astreä
  2. de nimfen fan Eridanos
  3. Nemesis
  4. de Horai
    1. 1e generaasje
      1. Aukso
      2. Karpo
      3. Tallo
    2. 2e generaasje
      1. Diké
      2. Eirene
      3. Eunomia
    3. 3e generaasje
      1. Ferûsa
      2. Eupory
      3. Ortosy
      4. Adikia
Eos Karaé
mem ûnbekend Aleteia
mem ûnbekend Ate
mem ûnbekend Kairus
mem ûnbekend Litai
In skeind byld fan Seus út 'e Romeinske Tiid.

Godlike neiteam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
mem bern
Aigina
  1. Aiakus
  2. Damokrateia
Alkmene Hearakles
Antiopé
  1. Amfion
  2. Setus
Anaksiteä Olenus
Asteropé Akragas
Chaldene
  1. Milye
  2. Solymnus
Danaé Perseus
Dia Piritûs
Elara Tityos
Elektra
  1. Dardanus
  2. Harmonia
  3. Iasion
Europa
  1. Alagonia
  2. Dodon
  3. Karnus
  4. Minos
  5. Radamantus
  6. Sarpedon
Eurymedûsa Myrmidon
Euryodeia Arsesius
Himalia
  1. Kytos
  2. Kronios
  3. Spartaios
Ideä Kres
Iodamé Tebe
Io
  1. Epafus
  2. Keroissa
Isonoé Orchomenus
Kallisto Arkas
Kalyké Aitlius (mooglik)
Kallirhoé ûnbekend
Karme Britomartis
Kassiopeia Atymnius
Lamia
  1. Achilleus
  2. Herofilé
Laodamia Sarpedon
Leda
  1. Helena fan Troaje
  2. Kastor
  3. Polluks
Maira Lokrus
Niobe
  1. Argus
  2. Pelasgus
Otreis Meliteus
Pandoara
  1. Graikus
  2. Latinus
Ftia Achaius (mooglik)
Plûto Tantalus
Podarge
  1. Balius
  2. Ksantus
Protogeneia
  1. Aitlius (mooglik)
  2. Opus
Pyrra Hellenus
Semele Dionysus
Taygete Lacedaimon
Tyia
  1. Magnes
  2. Makednos
Torrebia Karius
in Afrikaanske nimf Iarbas
in Samotrasyske nimf Saon (mooglik)
in Sitnidyske nimf Megarus
mem ûnbekend
  1. Garaistus
  2. Kalabrus
  3. Tainarus
mem ûnbekend Korintus
mem ûnbekend Krinakus

Rollen en oantsjuttings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De god Marnas, dy't yn 'e Romeinske Tiid de wichtichste god yn Gaza wie, hjir ôfbylde yn 'e styl fan Seus.

Krektlyk as de measte Olympyske goaden hie Seus in ferskaat oan bynammen of titels. In protte dêrfan wiene ôflaat fan toponimen fan plakken dêr't er op 'e iene of oare manear mei ferbûn wie, lykas Zeus Tallaios (de "Sinne-Seus"), sa't er op Kreta fereare waard, en Zeus Labrandos, sa't er oanbean waard yn 'e Lytsaziatyske lânstreek Kaarje (dêr't er trouwens ferraande mei de Hoerrityske himel- en stoarmgod Tesjûb). Wichtiger wiene lykwols de titels dy't ferskillende aspekten fan autoriteit oantsjutten:

  • Zeus Agoraius wie in aspekt fan Seus dat tafersjoch hold oer de hannel en wannel op 'e agoara, it sintrale plein fan Grykske stêdsteaten. Yn dizze foarm strafte er ûnearlike keaplju.
  • Zeus Aigiduchos of Zeus Aigiochos wie Seus as drager fan it mytyske skyld Aigis, wêrmei't er goddeleazen en syn fijannen benaud makke.
  • Zeus Astrapios, de wjerljochtbringer.
  • Zeus Brontios, de tongerder.
  • Zeus Geōrgios, letterlik "Seus de Boer", de god fan lânbougewaaksen en de rispinge yn Atene.
  • Zeus Horkios wie Seus yn syn aspekt fan 'e bewarder fan eden en swarde wurden.
  • Zeus Naos of Zeus Bouleus, foarmen fan Seus sa't er fereare waard te Dodona, dêr't syn âldste orakel fêstige wie.
  • Zeus Olympios beklamme it keningskip fan Seus oer de Olympyske goaden, en teffens syn bân mei de Panhelleenske Spullen dy't holden waarden te Olympia.
  • Zeus Panhellenios, letterlik "Seus fan alle Griken", it aspekt fan Seus wêroan't op Aigina in timpel wijd wie.
  • Zeus Xenios, Zeus Philoxenon of Zeus Hospites, lei de neidruk op Seus as patroan fan 'e gastfrijheid (xenon) en gasten, in foarm fan 'e god dy't wraak naam foar misdieden dy't begien wiene tsjin reizgers of frjemdlingen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.