Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Etna (fulkaan)

Ut Wikipedy
Plak fan de Etna op Sisylje
De Etna mei de stêd Katania op de foargrûn
Ien fan de kraters
Toeristen op de Etna

De Etna (Italjaansk: Etna en ek Mongibello) is in fulkaan oan de eastkant fan it Italjaanske eilân Sisylje, yn de provinsje Katania dy't noch altyd fan foarm feroaret troch it tsjininoar oanskowen fan twa platen fan de ierdkoarste. Dêrtroch dûkt de Afrikaanske plaat ûnder de Jeraziatyske plaat. De Etna is mei sa'n 3323 m. de op ien nei heechste en de meast aktive fulkaan fan Jeropa. Op 21 juny 2013 hat de UNESCO de Etna yn de Wrâlderfgoedlist opnaam.

Algemiene skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De top fan de noardeastkrater (3329,6 meter) makket de Etna de heechste berch fan it eilân en – nei de Elbroes – de op ien nei heechste fulkaan yn Jeropa. De Etna beslacht 1570 km², de diameter is ûngefear 45 kilometer. It heechste punt dat berikt wurde kin is by de Osservatore op krapoan 3000 meter, dêr't de swevelgeur al te fernimmen is.

De Etna bestiet út:

  • Valle del Bove, in grutte kleau dy't ûntstie troch in ierdferskowing by in erupsje,
  • krater Trifoglietto,
  • krater Mongibello.

De Etna is ien fan de 16 Fulkanen fan it Desennium fan de IAVCEI, út reden fan syn skiednis fan grutte erupsjes en de tichtby lizzende wenkearnen.

  • Monte Santa Maria (1745 m)
  • Monte Pizzillo (2414 m)
  • Monte Prumento Netto (2299 m)
  • Monte Dagalotto (2623 m)
  • Punta Lucia (2934 m)
  • Monte Etna (3250 m)
  • Monte Prumento Supino (2845 m)

Mei de bus kin út plakken yn de omkritem lykas Katania en Taormina, dy't oan de foet fan de fulkaan lizze, de berchhutte Rifugio Sapienza op 1800 meter berikt wurde. Dêrwei giet in kabelbaan oant goed 2580 meter. By goed waar kin mei jeeps nei 3000 meter riden wurde. Fan de einpunt ôf, yn de buert fan de kraters út 2002, kinne mei in gids ferskate kuierrûtes dien wurde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]