Meldij
Appearance
Under meldij (Aldgryksk μελῳδία (melodia), sang, fan μὲλος (melos), liet, ᾄδω (ado), sjonge) wurdt yn de muzyk in karakteristike opienfolging fan toanen ferstien, dat wol sizze fan toanhichten en noatwearden, dy't yn kombinaasje mei it ritme in bepaald muzikaal stal foarmet. In meldij is in soarte muzikale gedachte, mei in eigen karakter en mei in dúdlik begjin en ein. Wurdt der, los fan it ritme, inkeld sjoen nei de ynterfallen fan in meldij, dan is sprake fan it 'melos'.
- Yn klassike muzyk wurdt in meldij trochstrings in tema neamd. In komposysje bestiet trochstrings út meardere tema's mei útwurkings. In meldij foarmet dêryn in min ofte mear ôffrûne, ta in beslút kommende rige nei elkoar klinkende en gearhingjende toanen. Meldijen wurde ek yn meldijgroepen brûkt, of kontrapuntysk foar elkoar oer setten.
- Yn popmuzyk wurde meastentiids twa meldijen brûkt foar in 'nûmer'; de kûpletten en it refrein krije trochstrings in ferskillende meldij of fariaasjes op ien meldij.
- Yn de jazz wurdt in meldij faak ynearsten brûkt as startpunt foar ymprovisaasje.
- Yn net-westerske muzyk wurdt net folle gebrûk makke fan harmony lykas soks yn westerske muzyk wênst is.
In meldij kin opboud wêze út ferskate motiven.