Oaljefantsfûgeleftigen
Oaljefantsfûgeleftigen | ||
In foarstelling fan in Aepyornis maximus. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | âldkakigen (Palaeognathae) | |
sûnder rang: | echte âldkakigen (Notopalaeognathae) | |
sûnder rang: | nije rinfûgels (Novaeratitae) | |
skift: | oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) | |
Newton, 1884 | ||
De oaljefantsfûgeleftigen (Latynske namme: Aepyornithiformes) foarmen in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groepen fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae) en de nije rinfûgels (Novaeratitae). Dit útstoarne skift telde ien inkele famylje, dy fan 'e oaljefantsfûgels (Aepyornithidae). De oaljefantsfûgeleftigen wiene lânseigen op it grutte eilân Madagaskar, dat foar de Eastafrikaanske kust yn 'e Yndyske Oseaan leit. It wiene flechtleaze rinfûgels fan in ûnbidige grutte (mear as 3 m heech), dy't it naust besibbe wiene oan 'e folle lytsere kiwy-eftigen (Apterygiformes) fan Nij-Seelân.
Skiftopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|