Madagaskar
| |||||
Offisjele taal | Frânsk, Malagassysk) | ||||
Haadstêd | Antananarivo | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners (2013) | 22.599.098 (38,5/km²) | ||||
Munt | Ariary (MGA) | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Lânkoade | MDG | ||||
Ynternet | .mg | ||||
Tillefoan | 261 |
Madagaskar is in lân foar de eastkust fan Afrika, yn de Yndyske Oseaan en wurdt skieden fan it kontinint troch de Strjitte fan Mozambyk. It is it op trije nei grutste eilân fan de wrâld, nei Grienlân, Nij-Guinee en Borneo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Madagaskar waard al hiel ier kolonisearre troch Súd-Aziatyske folken en yn 1500 ûntdutsen troch de Portegezen dy't harren lykas de Frânsken op de kust fêstigen. Yn 1896 waard it eilân in koloanje fan Frankryk.
Yn 1960 waard Madagaskar selsstannich.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utsein de westlike kustflakte, bestiet Madagaskar út in stadich omheech rinnend berchtme. It klimaat is tropysk. Oan de eastside fan it eilân falt in protte rein en leit in ticht reinwâld. It eilân hat in unike, diels endemyske floara en fauna dy't bedrige wurdt troch ûntbosking (ôfbaarnen), springfloeden en ierdskoddings.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Madagaskar bestiet út ferskate oan inoar besibbe befolkingsgroepen fan Maleizyske 55 %, Afrikaanske 44 % en Arabyske 1% komôf. De kulturele ienheid fan dy groepen komt foaral nei foaren troch deselde taal dy't sy sprekke.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele talen fan Madagaskar binne it Frânsk en it Malagassysk.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De helte fan de befolking is oanhinger fan in natoerreligy. Sawat 43% is kristlik dêr't likefolle fan Katoliken as Protestanten binne. De islam makket de oare 7% fan de befolking út.