Haghpat (kleaster)
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
It Kleaster fan Haghpat (Armeensk: Հաղպատավանք) is in Armeensk-apostoalysk kleaster yn Haghpat yn 'e provinsje Lori yn it noarden fan Armeenje. It yn 'e 10e iuw stifte kleaster bleau útsein in pear lytsere renovaasjes yn 'e 11e en 12e iuw foar it grutste part yn 'e oarspronklike steat.
It kleaster stiet tegearre mei it fjouwer kilometer fierderop lizzende kleaster fan Sanahin op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de oare kleasters yn it noard fan Armeenje leit it kleaster net sa as de kleasters fan it drûge suden op in isolearre lokaasje, mar by in besteand doarp. It waard yn 976 stifte troch keninginne Chosrovanûjsj, de frou fan de Armeenske kening Asjot III de Barmhertige. Under lieding fan de Armeenske arsjitekt Trdat fûn de bou plak en út dy tiid datearret it âldste monumint fan it kompleks, de Hillich-Krústsjerke (Soerp Nsjan), dy't yn 991 foltôge waard.
Troch eksterne omstannichheden rekke it kleaster yn 'e 11e en 12e iuw yn it neigean. It Byzantynske Ryk ferovere yn 1045 de Armeenske haadstêd Ani en de lêste Armeenske kening waard ôfset. Tsjin 'e ein fan dy iuw feroveren ek de Seltsjoeken grutte dielen fan Armeenje, sadat it kleaster yn in gebiet ûnder islamitysk bewâld kaam te fallen. Dêroerhinne kaam nochris de ierdskodding yn 1150, dy't it kleaster grutte skea brocht. Nettsjinsteande dat bleau de religieuze ynfloed fan it kleaster ek yn dy tiid noch grut. It kleaster makke op 'e nij in grutte bloei troch ûnder de Zakarjans, dy't it kleaster krigen foar harren militêre tsjinsten foar de Orbelian-foarsten yn Georgje. De Zakarjans makken tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw in ein oan 'e Seltsjoekske oerhearsking fan it gebiet. Yn dy tiid wennen wol hûnderten muontsen yn it Haghpatavank (vank = kleaster). In dormitoarium hie it kleaster net om't de muontsen yn de doarpen fan 'e delling wennen.
Doe't oan 'e ein fan 'e 13e iuw de Mongoalske Gouden Heap Armeenje binnenfoel waard Haghpatavank op 'e nij ferneatige. It monastike libben gyng lykwols fierder en yn 'e rin fan 'e tiid bouden se oan 'e fersterking fan 'e beskermjende muorren, dy't tusken de 14e en 17e iuw faak skeind rekken, mar in ynname fan it kompleks tefoarren wisten te kommen. Yn 1639 waard it east fan Armeenje in part fan Perzje. De rêst en frede yn it gebiet joech it kleaster doe wer de mooglikheid in sintrum te wurden foar ûnderwiis en de produksje fan manuskripten. Tusken 1651 en 1677 liet de Armeensk-Apoastolyske Tsjerke it kleaster wer renovearje.
De meast bekende 18e-iuwske ynwenner fan it kleaster wie Sajat Nova (1722-1795), in Armeenske dichter-trûbadoer, dy't yn it kleaster ûnthalze waard troch Agha Mohammad Khan Qajar om't er wegere him ta de islaam te bekearen.[1].
De ierdskodding fan 7 desimber 1988 soarge op 'e nij foar skea oan it kleaster. Aldere plannen om it kompleks te restaurearjen waarden pas útfierd nei't Armeenje yn 1991 wer in ûnôfhinklike republyk waard.
Kleastertsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsjerke fan it Hillich Krús (of Soerp Nsjan) is ien fan 'e acht gebouwen en it âldste bouwurk fan it kleaster. It giet om in ienskippige tsjerke, fan bûten rjochthoekich mar fan binnen krúsfoarmich. De sintrale koepel rêst op fjouwer oan 'e sydmuorren steande pylders. De tsjerke stiet model foar de Armeenske arsjitektuer fan 'e 10 iuw. De ynrjochting is foar in grut part tafoege troch de feodale hearskers fan Armeenje. De foarst Chûtlû Bûga joech opdracht om it fresko fan Kristus Pantrokrator yn 'e apsis te meitsjen. Yn it súdlike transept is in ôfbyld fan 'e foarst te sjen. Op in basreliëf oan 'e eastlike gevel binne de soannen te sjen fan 'e stiftster fan 'e tsjerke, de prinsen Smbat en Gurgen, dy't mei it gesicht nei inoar ta steane en in model fan 'e tsjerke fêsthâlde. By de noardlike tagong fan 'e tsjerke stiet in stien mei in foarstelling fan 'e krusiging, de Amenaprkich khachkar, dy't út 1273 stamt.
De Gregoariustsjerke of Soerb Grigor (3) datearret fan 1023 en stiet súdlik fan 'e westlike narteks fan 'e haadtsjerke. Noardlik fan dy narteks stiet de lytse Mem Gods-tsjerke of Soerp Astvatsatsin (4).
Oare kleastergebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kompleks bestiet fierder út in westlik fan 'e tsjerke oansletten narteks of gavit (2), in skriptoarium (6), twa gongen mei grêven (5), it Hûs fan Hamazasp (1257), in klokketoer (8), meardere kapellen, tombes en krússtiennen (chatsjkars) en wurdt omklamme troch in hege 10e-11e iuwske wâl, dy't yn 'e rin fan 'e tiid ferskate kearen mei gebrûk fan it oarspronklike materiaal rekonstruearre waarden.
Noard fan 'e haadtsjerke liet abt Hamazasp yn 1257 in grut fjouwerkant bouwurk delsette (in gavit, dy't bekend stiet ûnder de namme it "Hûs fan Hamazasp") mei in oerwulve dak dat troch fjouwer sintrale pylders droegen wurdt en in iepening hat yn it dak foar it ôffieren fan reek en it ynlitten fan ljocht. Oan 'e eastlike kant slút de lytse oerwulve Kapel fan Hamazasp oan. Oan de westkant fan 'e haadtsjerke grinzget de begjin 13e-iuwske yn opdracht fan prinses Mariam boude gavit.
It skriptoarium is in kompakt fjouwerhoekich bouwurk, dat yn 'e jierren 1258-1268 fuort eastlik efter de tsjerke boud waard. De romte tusken de haadtsjerke, de gavit en it skriptoarium waard oerwulve doe't it yn 'e 13e iuw omfoarme waard ta in gong foar grêven. De gong rint oan 'e eastlike kant fan 'e tsjerke troch.
De frijsteande achthoekige klokketoer datearret út 1245 en stiet op it heechste plak fan it kleaster.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ynterieur Hillich-Krústtsjerke.
-
Tsjerke fan 'e Mem Gods (lofts) en de gavit (rjochts).
-
Sint-Gregoariustsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|