Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kreoalske taal

Ut Wikipedy
In eigenmakke ferkearsboerd yn it Antiljaansk Kreoalsk-Frânsk fan Guadelûp: Lévé pié aw. Ni ti moun ka joué la!, dat betsjut: "Minderje faasje. Hjir boartsje bern!" (Letterlik: "Til de foet op [fan it gaspedaal]. Hjir boartsje lytse minsken!")

In kreoalske taal is in pidgintaal dy't as memmetaal sprutsen wurdt. In pidgin is in taal mei in sterk ferienfâldige grammatikale struktuer, in beheind leksikon en in frij lyts skala oan stylfoarmen, dy't ûntstiet as de leden fan twa ûnderling ûnfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sûnder dat se dêrby har taflecht nimme kinne ta in trêde taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, wêrby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. In kreoalske taal ûntstiet as in pidgintaal safolle sprutsen wurdt dat minsken der har bern yn grut begjinne te bringen, en sa'n pidgintaal dus memmetaalsprekkers kriget. Mei't der dan in ferlet ûntstiet ta it útdrukken fan in folle grutter ferskaat oan dingen en nuânses fan dingen, nimt de kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat yn sokke gefallen navenant ta. Dêrmei ferliest sa'n taal dan de wichtichste skaaimerken fan in pidgintaal.

Kreolisearring en dekreolisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It proses fan útwreiding dat mank giet mei de ûntjouwing fan in pidgin ta in kreoalske taal wurdt yn 'e taalkunde kreolisearring of kreolisaasje neamd. In fierdere ûntwikkeling hjit dekreolisearring of dekreolisaasje; dat bart as in gewoane taal (ornaris de offisjele taal yn in lân of regio, op basis wêrfan't de kreoalske taal oarspronklik ûntstien is) sa'n grutte ynfloed op 'e kreoalske taal begjint út te oefenjen dat der in hiel ferskaat oan taalfarianten ûntstiet dy't in stadige oergong fan 'e standerttaal nei de kreoalske taal foarmje. Sa'n stelsel fan oergongsfoarmen wurdt in post-kreoalsk kontinuum neamd, en dêrbinnen kinne trije soarten taalfoarmen identifisearre wurde: it akrolekt (dat it tichtst by de standerttaal stiet en sadwaande ek it measte prestiizje hat); it basilekt (dat it fierst fan 'e standerttaal ôf stiet, mei as gefolch dat derop delsjoen wurdt); en it mesolekt, dat de midden hâldt tusken it akrolekt en it basilekt.

Oarsprong fan 'e hjoeddeiske kreoalske talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen it koloniale ferline fan West-Jeropa, wêryn't in soad Westjeropeeske lannen gebieten yn oare wrâlddielen bemasteren en eksploitearren, binne in protte kreoalske talen foarme op basis fan Westjeropeeske talen as it Ingelsk, it Frânsk, it Spaansk, it Portegeesk en ek it Nederlânsk, mei in beskate (beheinde) ynbring lânseigen talen út it gebiet dêr't sokke kreoalske talen sprutsen wurde of dêr't de sprekkers oarspronklik wei kamen. De kreoalske talen dy't út it Nederlânsk fuortkommen binne, wurde oer it algemien mar amperoan mear sprutsen. Sa is it Negerhollânsk fan 'e Famme-eilannen ûnderwilens útstoarn, krekt as it Skepy Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana en it Jerseynederlânsk fan 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey (dat noch oant 1921 sprutsen waard troch ôfstammelingen fan santjinde-iuwske Nederlânske kolonisten). It Berbice Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana wurdt noch wol sprutsen. De wichtichste kreoalske talen, yn 'e Nederlânske kontekst, binne it Surinaamsk-Kreoalsk fan Suriname, dat op basis fan it Ingelsk foarme is, en it Papiamintsk (op basis fan it Portegeesk) fan Arûba, Kurasau en Bonêre.

Yndieling fan kreoalske talen op grûn fan 'e basistaal en geografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: