Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Flaardingen

Ut Wikipedy
Flaardingen
Vlaardingen
Haven mei de toer fan de Grutte tsjerke op de eftergrûn
Haven mei de toer fan de Grutte tsjerke op de eftergrûn
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
Sifers
Ynwennertal 76.481 (1 jannewaris 2024)[1]
Oerflak 26,69 km², 23,57 km² län, 3,12 km²
Befolkingsticht. 3.145 / km²
Stêdekloft Rijnmond
Oar
Stifting 1273
Ferkearsieren A4 A20
Spoar fan Amsterdam nei Rotterdam
Postkoade 3130 - 3139
Netnûmer 010
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 54' NB, 4° 20' EL
Lokaasje gemeente Flaardingen yn Súd-Hollân
Lokaasje gemeente Flaardingen yn Súd-Hollân
Offisjele webside
www.vlaardingen.nl
Kaart
Flaardingen (Súd-Hollân)
Flaardingen
Kaart
Haven mei de toer fan de Grutte tsjerke op de eftergrûn
Gemeentekaart fan Flaardingen

Flaardingen[2] (Nederlânsk en offisjeel: Vlaardingen) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Flaardingen krige yn 1273 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.

De gemeente leit tusken de gemeenten Skiedam (eastlik) en Maassluis (westlik) en oan de Nije Maas. De gemeente Flaardingen hat 76.481 ynwenners (1 jannewaris 2024) op in gebiet fan likernôch 27 km².

Der binne ferskate teoryen oer de komôf fan de namme. Ien teory dy't foar de hân leit is dat it foarste part fan de namme vlaar of vlaarde sompe betsjut en dingen "braaklizzend, omploege of oanmakke stik lân" betsjut. De lizzing fan Flaardingen op kwelderlân mei dêrefter in grut feangebiet stipet dy ferklearring.

Der moast al yn de lette stientiid bewenning west hawwe op it gebiet fan Flaardingen. Yn de argeology wurdt fan in Flaardingen-kultuer sprutsen. In delsetting fan 3500 oant 2500 f.Kr. is fûn, in tiid dy't de Flaardingen-tiid neamd wurdt. Fierders is der in pleats út dy tiid fûn.

Om 175 f.Kr. hinne waarden der al dammen troch boeren boud om harren lân tsjin it ynkringende wetter te ferdigenjen. Der is ek in syl yn de foarm fan in holle beamstamme fûn.

Yn de Romeinske tiid wie der in delsetting mei de namme Flenio of Flenium yn de omkriten. Flenium stiet op de Peutinger kaart oanjûn tusken Tablis (Ald-Alblas) en Forum Hadriani (Foarburch). Der binne lykwols gjin oerbliuwsel fan fûn dat it is mooglik dat de delsetting mei de oanslutende Romeinske diken troch it wetter fuortspield waarden.

Nei de Romeinske tiid hat Flaardingen foar guon iuwen ûnbewenne west. Om 700 n.Kr. moat der in tsjerkje stifte wêze en in mooglike nije delsetting. Faaks bestie dy delsetting út twa terpen: ien mei in hannels- en in oare mei in religieuze bestimming. As stifter fan de tsjerke waard de geastlike Heribaldus neamd dy't de tsjerke oan Willibrord skonken moatten hie. Willibrord hat de tsjerke op syn bar oan de Abdij fan Echternach skonken. De terp dêr't de tsjerke op stie foarme ien hiel mei de terp dêr't de hannelsdelsetting op stie en wie ien fan de grutste fan it doetiidske Magna Frisia.

Yn 985 krige de Westfryske greve Durk II it gebiet fan de Maasgoa fan de Roomsk-dútske keizer yn eigendom. Dat oanmakke gebiet hie er al earder yn lien krigen. It gebiet is fan strategysk belang om't it oan de mûning fan de Maas lei. Dêrmei koe kontrôle op 'e hannel oer de Maas hinne útoefene wurde. De greve liet yn Flaardingen in fersterke boarch bouwe en Flaardingen waard it wichtichste plak fan it greefskip. Greve Durk III liet dêr tol heffe. In soad hannelers bekleiden harren dêroer by de Dútske keizer. Dy stjoerde, mei help fan de biskop fan Utert, yn 1018 in leger om Durk III te straffen. Durk III mei stipe fan pleatslike Friezen fersloech de keizer yn de ferneamde Slach by Flaardingen. Tusken 1046 en 1049 wiene der fannijs fjochterijen by Flaardingen tusken de Dútske keizer en de biskop oan de iene kant en de greven oan de oare kant. Durk IV kaam dêrby om it libben. Yn 1070 ferjagen de biskop en de hartoch fan Loataringen de greven út Flaardingen en it greefskip wei, dochs yn 1076 oermastere Durk V en leit er hartoch Godfryd III fan Loataringen ombringe. Dy oanslach waard bekend as de Flaardingske húskemoard.

Flaardingen bloeide neitiids noch dêr't de bou fan in grutte romaanske tsjerke it bewiis fan is. Troch stoarmen en oerstreamings yn de tolfde en trettjinde iuw kaam oan dy bloei in ein. De hannel waard nei Doardt ta ferpleatst en de greven, dy't ûnderwilens de greven fan Hollân neamd waarden, setten harren ta yn it Hof yn Delft. Flaardingen krige lykwols al om 1273 hinne stedsrjochten troch greve Floaris V. It stedsrjocht waard yn de jierren dêrnei ferskate kearen fergrutte, dochs hat it der nea ta laat ta it bouwen fan stedsmuorren.

Flaardingen yn 1712

Oan it begjin fan de Tachtichjierrige Kriich is de "iepen stêd" Flaardingen maklik foar de Spanjerts yn te nimmen. Hja brûkten de stêd fan 1574 ôf as útfalsbasis en Willen fan Oranje oardere de stêd mei de grûn lyk te meitsjen. De stêd waard dêrnei troch skiedamske poarters plondere en opbaarnd. Flechte Flaardingers waarden by de poarten fan Skiedam wegere. Der wie letter gauris sprake fan lytse fjochterijen tusken groepen jongeren fan beide stêden, dêr't fan tocht wurdt dat dy weromgeane fan dy tiid.

Nei de kriich hie de stêd it dreech fannijs wer op te bloeien en koe it njonkenlizzende doarp Maasslûs Flaardingen foarby waakse. Yn de achttjinde iuw naam de hearringfiskerij fluch ta yn Flaardingen. Skiedam en Rotterdam wiene yn dy snuorje ek wichtige fiskersplakken, mar Skiedam joech him mear op de jeneveryndustry en Rotterdam op de hannel en sa koe Flaardingen him mear op de fiskerij talizze. De stêd woeks Maaslûs fannijs foarby. It neidiel wie dat de gânse stedske ekonomy dêrop draaide. Yn de Frânske tiid yn kriichstiid doe't it Kontinintaal Stelsel ynfierd waard, rûn de fiskerij in grutte slach op. Flaardingen feroare yn ien grutte earmoede.

Neitiids, fan 1813 ôf, koe Flaardingen him ûntjaan as wichtichste Nederlânske hearringfiskershaven, benammen nei it oanlizzen fan de Nije Wetterwei en it oanlizzen fan it spoar. Oant fier yn de tweintichste iuw wie Flaardingen de tredde fiskershaven fan Nederlân. Ta tsjinstelling fan IJmuiden en Skeveningen wiene der yn Flaardingen nei de Twadde Wrâldkriich gjin nije ynvestearrings yn de fiskerij. De yndustry naam yn it ramt fan de Haven fan Rotterdam in grutter plak yn de ekonomy fan Flaardingen. De fiskerij ferdwûn letter alhiel út de stêd wei.

Yn 1941 waard de gemeente Vlaardinger-Ambacht troch Flaardingen anneksearre en krige de stêd romte om út te wreidzjen.

Ferskate nijbouwiken waarden oanlein, dochs troch stankoerlêst en luchtfersmoarging fan de fabriken fan de Rotterdamske haven krige Flaardingen in minne namme en in groei ta in ynwennertal ta 135.000 waard lang net helle. It ynwennertal bleau justjes oer de helte dêrfan hingen. It sluten fan in middelbere skoalle omreden stankoerlêst kaam lanlik yn it ijs en wie foar de ryksoerheid reden en sanearje de regio.

It sintrum fan Flaardingen út de loft wei.

Flaardingen bestiet út acht wyken:

  • Sintrum
  • Westwijk
  • Vettenoordse Polder
  • Oost
  • Vlaardingen Ambacht/Babberspolder
  • Holy-Zuid
  • Holy-Noord
  • Broekpolder

Berne yn Flaardingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. CBS:Statline
  2. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 150.
Boarnen
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Vlaardingen fan Wikimedia Commons.
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
· · Berjocht bewurkje