Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Feriene Eastyndyske Kompanjy

Ut Wikipedy
It VOC-logo
It feitlik oktroaigebiet fan de FEK

De Feriene Eastyndyske Kompanjy, FEK (Vereenigde Oostindische Compagnie, VOC) wie in bedriuw dat yn de 17e iuw en de 18e iuw (fan 1602 oant 1799) it Nederlânsk monopoalje op hannel mei East-Ynje hie. It wie opset foar it permanint finansierjen fan East-Ynjereizen, yn stee fan it finansierjen fan aparte reizen sa't dat oant dan ta dien waard. Hjirta waarden seis keamers oprjochte, yn fiif plakken en ien provinsje dy't hannel mei East-Ynje hienen. Dy keamers brochten kaptaal yn troch de útjefte fan oandielen. Mei dat kaptaal waarden de skippen finansiere, en letter ek alle fêstigings fan it bedriuw yn East-Ynje. Mei dy fêstigings waard de FEK ta in multynasjonaal bedriuw, net folle oars as hjoeddeiske multinasjonale bedriuwen.

De eartiids yn seefeart en hannel útblinkende Friezen hawwe net in grut oandiel hân yn de FEK (1621-1800). Se hienen oandielen, namen tsjinst op FEK-skippen en emigrearden soms nei Súdeast-Aazje. Doe't yn 1602 ynskreaun wurde koe op de oandielen, skreau Fryslân mar foar sa'n F 8000.000 yn en krige ien fan de keamers. De Friezen wienen hjiroer fergrime. Se kearden har tsjin de Hollânske en Siuwske kapitalisten en de Hollânske hegemony (1603-1665). In eigen Fryske FEK bestie sûnt 1642, mar allinnich op papier. Fryske keaplju, dêrby stipe troch harren Steaten en steedhâlder Willem Freark hawwe omdochs besocht tusken de nei frijheid stribjende kolonisten en de monopolistyske bewâldhawwers fan de FEK in kyl te driuwen. Hollân ferwite de Friezen gebrek oan aksje by de oprjochting. Boppedat krigen se de rie de te keap oanbeane oandielen oer te nimmen.

Wapens fan FEK-stêden (Kastiel yn Kaapstêd)
Werf fan de FEK op Eastenboarch yn Amsterdam

.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neiboude Duyfken