Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Seelân

Ut Wikipedy
Seelân
     
folksliet: Zeeuw Volkslied
polityk
lân Nederlân
status provinsje
oprjochting 1814
offisjele taal Nederlânsk
haadstêd Middelburch
tal gemeenten 13
kommissaris fan
   de kening
Han Polman
  (D66)
geografy
geograf. koördinaten 51°30' NB 3°36' EL
oerflak 2.933,44 km² (2015)
  •  dêrfan lân 1.779,89 km²
  •  dêrfan wetter 1.153,55 km²
  rang provinsjes 10e fan 12
demografy
ynwennertal 391.6571
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes 12e fan 12
befolkingstichtens 220 / km²
grutste plak Middelburch
religy (2015) 46,6% ateïsten en agnosten
28,4% protestanten
16,1% roomsk-katoliken
1,5% moslims
7,4% oaren
oar
NUTS NL34
ISO 3166-2 NL-ZE
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.zeeland.nl
1) boarne: CBS-StatLine
Seelân (2019)

Seelân (Nederlânsk: Zeeland) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat 391.657 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en in oerflak fan 2.933 km².

Seelân leit yn it súdwesten fan Nederlân en leit yn it westen oan 'e Noardsee. Seelân grinzet yn it noarden oan Súd-Hollân, yn it easten oan Noard-Brabân en yn it suden oan de Belgyske provinsjes East-Flaanderen en (foar in lyts diel) West-Flaanderen.

De provinsje bestiet foar in grut part út skiereilannen. Dêrtusken lizze de seeearmen de Westerskelde, de Easterskelde en de Grevelingenmar. Seelân bestiet út de regio's Toalen, Sint-Filipslân, Skouwen-Duvelân, Noard-Bevelân, Súd-Bevelân, Walcheren en Siuwsk-Flaanderen.

Yn 'e agraryske sektor spilet de ikkerbou de grutste rol, folge troch de fruit- en blommetylt. Oan 'e Noardseekust lizze de dúngebieten, fierders bestiet Seelân foar it grutste part út klaaigrûn. Yn it suden fan Siuwsk-Flaanderen lizze de sângrûnen. Yn it suden fan de provinsje lizze de natoergebieten it Ferdronken Lân fan Saaftinge en It Swin.

Kaart fan Seelân troch Joan Blaeu út 1643

Seelân waard al foar de tiid fan de Romeinen bewenne. Ut dy tiid stamme ek de bylden fan û.o. de godinne Nehalennia, dy't troch fiskers út Easterskelde opfiske binne.

Sûnt de midsiuwen is de striid tsjin it wetter en rede tried troch de skiednis fan Seelân. Oanwinning en ferlies fan lân wiskelen elkoar ôf. Benei de heule provinsje (útsein de dunestreek) leit op of ûnder seenivo. It lânskip is in lapetekken fan polders en diken. De geografy fan Seelân is yn de rin fan de tiid bot feroare. De protte lytsere eilannen binne stadichoan oan elkoar fêstgroeid ta de gruttere (skier)eilannen fan no. Guon eardere gebieten stean no ûnder wetter (û.o. it Ferdronken Lân fan Saaftinge en it Ferdronken Lân fan Súd-Bevelân).

Yn de 16e en 17e iuw hat Seelân, lykas Hollân, in grutte bloeiperioade meimakke. Siuwske stêden sa as Middelburch, Flissingen, Sieriksee en Veere, spilen doe - as ynternasjonale havenstêd - in rol fan belang yn de Lege Lannen. Middelburch wie oant de ein fan de 16e iuw de grutste keapstêd fan de Noardlike Nederlannen en oant en mei it tredde fearnpart fan de 17e iuw, mei 27.000 oant 30.000 ynwenners, de - op fjouwer nei - grutste stêd (grutter as De Haach en Utert) fan it lân. Nei Amsterdam wie Middelburch, oant de ein fan de 17e iuw ta, de grutste havenstêd fan de Republyk. Yn Middelburch wie de Admiraliteit fan Seelân festige. As VOC-stêd hie Middelburch (Keamer fan Seelân) heal safolle macht as Amsterdam; Middelburch wie lykwols like wichtich as de fjouwer oare VOC-stêden: Delft, Inkhuzen, Hoarn en Rotterdam by elkoar.

Yn de 18e iuw roan de wolfeart yn Seelân tebek. Yn 1795 hie Middeburch sa'n bytsje itselde ynwennertal as Haarlim en Grins en wie mei 20.146 sielen (nei de boppe neamde stêden en Amsterdam, Rotterdam, De Haach, Utert en Leien) noch de achtste stêd fan Nederlân. Zierikzee wie yn 1795 mei 6086 ynwenners de twadde stêd fan Seelân. De oare Siuwske stêden fan belang wienen Flissingen, Goes en Feere mei, yn 1795, respektyflik: 5691, 3711 en 1860 ynwenners.

Mei de komst fan it spoar waarden Súd-Bevelân en Walcheren yn de 19e iuw troch damen mei it fêstelân fan Noard-Brabân ferbûn. Sûnt 1872 leit der in spoar tusken Flissingen, Middelburch, Goes, Bergen op Zoom en Roosendaal: de saneamde Siuwske Line. Siuwsk-Flaanderen hat wol in goederenspoar en in tunnel ûnder de Westerskelde troch, mar fierders is dat part fan Seelân ôfsnien fan de rest fan Nederlân.

Yn de Twadde Wrâldkriich hat Seelân ferskate kearen fan strategysk belang west. Dêrom hawwe in oantal stêden en gebieten in protte te lijeen hân ûnder fjochterij, bombardeminten en ynundaasjes. Benammen it oansjen fan it eilân Walcheren en de Middelburchske binnenstêd is dêrtroch bot feroare. Troch it fûle fjochtsjen yn West-Siuwsk-Flaanderen, oan de ein fan de oarloch, waarden in protte plakken, sa as Breskens, Schoondijke, Oostburg en Sluis benei folslein ferwoastge.

In benammen yn de jierren 50 polityk beladen ûnderwerp wie de kwestje fan de frije fearen oer de Westerskelde. Fral yn Siuwsk-Flaanderen joech dat de nedige argewaasje.

Yn de nacht fan 31 jannewaris op 1 febrewaris 1953 waard Seelân slim rekke troch in Wettersneed. Om soksoarte rampen yn de takomst foar te wêzen, waarden fan 1960 ôf de Deltawurken útfierd. It by-effekt dêrfan wie dat de ferbiningen mei it oarepart fan Nederlân in stik better waarden. Ek dêroer wie in soad te dwaan, meast oer de ôfsluting fan de Easterskelde, dy't net trochgien is. Yn 1987 waarden de Deltawurken foltôge. De ekonomyske en sosjale struktuer fan de Siuwske eilannen is troch komst fan de fêste ouwerferbiningen bot feroare. It eartiids isolearre gebiet is no yn it oere te berikken fanút de ferskate grutte stêden. It toerisme hat in hege flecht naam.

Untjouwing ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1850 – 160.000
  • 1900 – 217.000
  • 1960 – 284.000
  • 1980 – 348.000
  • 2000 – 372.000
  • 2020 – 383.000
  • 2023 – 391.000

Seelân bestiet sûnt 2003 út 13 gemeenten.

  1. Borsele
  2. Goes
  3. Hulst
  4. Kapelle
  5. Middelburch (haadstêd)
  6. Noard-Bevelân
  7. Reimerswiel
  8. Skouwen-Duvelân
  9. Slûs
  10. Terneuzen
  11. Toalen
  12. Feare
  13. Flissingen
Gemeenten in Seelân
Gemeenten in Seelân

Kommissaris fan de Keninginne/Kening:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Seelân
Flagge fan de provinsje Seelân
Flagge fan de provinsje Seelân
Borsele - Feare - Flissingen - Goes - Hulst - Kapelle - Middelburch (haadstêd) - Noard-Bevelân - Reimerswaal - Skouwen-Duvelân - Slûs - Terneuzen - Toalen
· · Berjocht bewurkje
Provinsjes fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
· · Berjocht bewurkje