Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Extended play

Ut Wikipedy

In extended play (Ingelsk foar "ferlingde ôfspiling"), ôfkoarte ta ep of EP, is in cd dy't mear muzyk omfettet en langer duorret as in single, mar te koart is om foar in album trochgean te kinnen. De gebrûklike lingte is 15 oant 25 minuten. Oarspronklik waard de term extended play brûkt foar in technyk om 'e spyldoer fan in grammofoanplaat te ferlingjen. De skreef fan sa'n plaat makket sydlingse bewegings, dy't grutter binne by in hegere lûdssterkte. De ûnderlinge ôfstân tusken de skreven moat fansels grut genôch wêze dat de skreven net trochinoar rinne. Normaal waard foar dy ôfstân ien standertbreedte oanholden oer de hiele lingte fan 'e plaat. By in extended play waard de ûnderlinge ôfstân lykwols breder en smeller makke al neigeraden dat nedich wie foar de hichte fan 'e lûdssterkte, sadat der mear muzyk op ien grammofoanplaat paste.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.