Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Eva Jinek

Ut Wikipedy
Eva Jinek
Eva Jinek yn 2017
Eva Jinek yn 2017
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 13 july 1978
berteplak Tulsa (Oklahoma)
etnisiteit Tsjechysk
wurkpaad
berop/amt Sjoernaliste, presintatrise, nijslêzer
jierren aktyf 2004-no
bekendste
  wurk(en)
Praatshow Jinek
offisjele webside
https://www.evajinek.nl

Eva Jinek (Tulsa (Oklahoma), 13 july 1978) is in Nederlânsk sjoernalist, presintatrise en nijslêzer by it NOS Sjoernaal.

Eva is berne yn Tulsa, Oklahoma en groeide op yn Washington, D.C., Feriene Steaten. Har Tsjechyske âlden emigrearren nei Nederlân doe't hja alve wie. “Krekt foar't ik nei de middelbere skoalle soe, besletten se dat se dochs leaver woene dat myn broer - spylfilmprodusint Jan Jinek - en ik yn Jeropa fierder grut wurde soene. Ik wit noch dat ik al nei seis wike myn earste petearke yn it Nederlânsk hie.”

Jinek studearre Amerikaanske Skiednis oan de Universiteit Leien en gie dêrnei yn 2004 oan 'e gong by de bûtenlânredaksje fan it NOS Sjoernaal, dêr't hja har dwaande hâlde mei de Feriene Steaten. Dêrneist presintearre sy sûnt ein 2007 it NOS sjoernaal op 3 en sûnt hjerst 2008 ek de moarns- en middeisbulletins fan it NOS-Sjoernaal.

Yn maaie dat jier foarme se mei kollega-redaksjelid Monique van Hoogstraten de redaksje fan Het maakbare nieuws, in bondel mei ferhalen fan 18 bûtenlânsjoernalisten, ornearre as antwurd op it boek Het zijn net mensen fan sjoernalist-publisist Joris Luyendijk.

Gruttere bekendens krige hja as meipresintator fan de útstjoering 'Amerika Kiest' fan de NOS oer de Amerikaanske presidintsferkiezings yn de (út Nederlân besjoen) nacht fan 4 op 5 novimber 2008. Mei Philip Freriks die hja streekrjocht ferslach fanút restaurant The Occidental tichte by it Wite Hûs yn Washington, D.C.[1].

Oer de tarieding fan 'Amerika Kiest' fertelde Jinek yn de Mikro Gids: “De lêste wiken foar de útstjoering hat Amerika Kiest myn libben folslein behearske, op it lêst sels 24 oeren deis. Ik wie sá senuweftich. It fielde as wiene alle eagen op my rjochte. Ik tocht allinnich mar: O myn god, lit my it goed dwaan. Wier goed dwaan!”

Op 20 jannewaris 2009 wie se de sintrale presintator fan de live útstjoering op Nederlân 1 fan de ynauguraasje fan Barack Obama as 44ste presidint fan de Feriene Steaten.

Op 2 maart 2009 kaam se yn it nijs doe't repetysjebylden nei bûten kamen wêryn't hja har dekolletee yn oarder makke, en hja har mem neidie mei: Ik zie je borsten!! (de útrop waard fuortendaliks as ringtone foar mobile tillefoans op ynternet oanbean). In dei letter siet se yn it tv-programma De Wereld Draait Door. As reaksje op it foarfal sei se doe tsjin Matthijs van Nieuwkerken: "Nee, ik fyn it net echt ferfelend. De earste kear dat ik it seach, krige ik wol in reade holle. Dat geskreau! Wêrom? Mar dat is wa't ik bin. En ik leau net dat ik my dêrfoar hoech te skamjen."

Jinek yn 2012

It wie it doel dat Jinek tegearre mei Twan Huys it aktualiteiteprogramma Nieuwsuur presintearje soe.[2] Op 19 maaie 2010 waard bekend dat hja hjir net mei trochgie út reden fan har doetiidske ferkearing mei abbekaat Bram Moszkowicz.[3]

Op 4 juny 2010 makke hja har radiodebút as fêste ynfaller foar it radioprogramma Met het Oog op Morgen. [4] Op 29 april 2011 fersloech Jinek mei Tim Overdiek it houlik tusken prins William en Kate Middleton foar de NOS út Londen wei.

Yn 2011 gie Jinek oer fan de NOS nei WNL, dêr't hja de kâns krige om har neist presintaasje op ynterviews te rjochtsjen en sadwaande te helpen dy omrop fierder stal te jaan. Se waard ien fan de fêste gesichten fan de omrop.[5] By WNL presintearre se, tegearre mei Merel Westrik, alle dagen it ontbijtprogramma Vandaag de dag en op snein it praatprogramma Eva Jinek op Zondag.[6][7]

Yn maart 2013 waard Jinek neamd as nije presintator fan it achtoeresjoernaal, mar dêr hie se gjin nocht oan.[8] Yn april 2013 makke Jinek buorkundich dat se yn de simmer fan 2013 oergean soe nei de KRO om dêr in talkshow te meitsjen. Op 23 maaie 2013 besleat WNL Jinek fuortendaliks fan de buis te heljen. Janneke Willemse soe har talkshow op snein oernimme mei Paul Jansen en Charles Groenhuijsen.[9] Foar Bert van der Veer, har regisseur, wie dat oanlieding om WNL te ferlitten.[10]

By de KRO, wilens fúzje-omrop KRO-NCRV, gong Jinek programma's meitsjen. Se makke op sneintejûn de talkshow Jinek, dy't rjochte wie op de dêrnei folgjende wike. Dêrneist presintearre se, ôfwikseljend mei Sven Kockelmann, it programma Één op één, mei lange, skerpe yntervieuws mei persoanen út it nijs. Yn 2016 reizge se troch har bertelân foar de seisdielige reisdokumintêresearje De Verenigde Staten van Eva. Yn 2015 en 2016 presintearre Jinek in latenighttalkshow ûnder de simmer- en winterstop fan Pauw, mei útsûndering fan de simmer fan 2016. Yn 2017 is it tiidslot fan Pauw gelyk ferdield oer Pauw en Jinek, mei útsûndering fan in heale moanne wêryn't sy tegearre yn de oanrin fan de Twadde Keamerferkiezingen it programma Pauw & Jinek: De Verkiezingen presintearren. It programma Jinek helle begjin 2017 hege sjochsifers, wat foaral op kosten kaam fan it programma RTL Late Night fan Humberto Tan, dat om deselde tiid hinne útstjoerd waard.[11]

Yn maart 2017 wûn se in 'tf-byld' foar bêste presintator fan 2016, útrikt troch Jeroen Pauw. Teffens wûn se de Sulveren Televizier-Stjer foar 'Bêste Presintatrise'. Op 8 jannewaris 2018 waard Jinek útroppen ta Omroepvrouw van het Jaar.

Op 20 septimber 2019 makke Jinek buorkundich dat se nei 15 jier publike omrop yn jannewaris 2020 oer te gean nei RTL. Dêr sil se ôfwikseljend mei Beau van Erven Dorens de late-night-talk show op RTL 4 presintearje. Se tekene in kontrakt foar fjouwer jier.

Eva Jinek en har partner Dexter van de Voorn hawwe in soan, Pax Valentijn, dy't berne waard op 6 septimber 2018.[12]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Het maakbare nieuws. Antwoord op Joris Luyendijk. Buitenlandcorrespondenten over hun werk. Gearstald troch Monique van Hoogstraten en Eva Jinek. Amsterdam, Balans, 2008. ISBN 978-90-5018-918-7
  • Droom groot, Spectrum, 2021. ISBN 978-90-0036-880-8.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing+

  1. Nooit zo veel tv-ploegen naar Amerika (mei foto), Algemeen Dagblad, 3 novimber 2008
  2. NOS.nl (9 maart 2010). "Nieuwsuur met Twan Huys en Eva Jinek". Rieplachte 19 maaie 2010.
  3. Dekker, Wilco (19 maaie 2010). "Eva Jinek niet naar Nieuwsuur vanwege relatie". De Volkskrant. Sjoen op 19 maaie 2010.
  4. Spitsnieuws. Rieplachte op 11 juny 2010.
  5. Persbericht WNL, 22 augustus 2011
  6. Eva Jinek van NOS naar WNL, NOS, 22 augustus 2011
  7. Eva Jinek bij omroep wnl, sjoen 23-5-2013
  8. Jinek wil Achtuurjournaal niet Spits, 18 maart 2013
  9. Eva Jinek per direct van de buis De Telegraaf 23-5-2013
  10. Ook Jineks regisseur vertrekt, NOS, 24-5-2013
  11. ‘Enthousiaste Jinek oorzaak kijkcijferdip Humberto’. Metro 12 jannewaris 2017
  12. Presentatrice Eva Jinek bevallen van zoon, yn: de Ljouwerter Krante, 8 septimber 2018, s. 43.
  13. Eva Jinek uitgeroepen tot Omroepvrouw van het Jaar 2017, NU.nl, 8 jan. 2018