Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sjoernalist

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sjoernaliste)
De parse yn petear mei de Russyke presidint Vladimir Poetin en de Finske presidint Tarja Hallonen.

In sjoernalist (kranteman, kranteskriuwer) is immen dy’t him dwaande hâldt mei de sjoernalistyk, oars sein, hy is ferantwurdlik foar it gearstallen en fersprieden fan ynljochtingen oer ûnder mear nijsbarren, minsken, trends en maatskiplike kwestjes. In sjoernalist garret feiten foar it algemien belang oer dingen dy’t krekt bard binne en ûndersiket of analysearret dy en makket dêrfan meastal in ferslach dat hy publisearret yn in aktueel nijsmedium.

Laurens ten Cate wie in Frysk sjoernalist

Yn de iere 19e iuw hat in sjoernalist immen west dy’t foar in krante skreau. Mar yn de rin fan de 20e iuw waard it wurd ek keppele oan minsken dy’t foar tydskriften dwaande wiene of dy’t foar de radio of telefyzje arbeiden. Sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e iuw hawwe sjoernalisten ek wurk ferset op it ynternet.

Eltsenien dy’t oan sjoernalistyk docht kin him yn Nederlân sjoernalist neame, ûnôfhinklik fan foar hokker medium hy of sy wurket en of it betelle wurd of net. Dêr stiet tsjinoer dat in soad organisaasjes, wêrûnder de oerheid, beskate easken stelle oan sjoernalisten. Dat is bygelyks it besit fan in plysjeparsekaart of op syn minst in gewoane parsekaart foar it besykjen fan rampgebieten, akkreditaasje by de Twadde Keamer foar tagong ta it Keamergebou en soksoarte saken. Ek it Nederlânske fakbûn fan sjoernalisten, de Nederlânske Feriening fan Sjoernalisten (Nederlandse Vereniging van Journalisten, NVJ), hat beskate easken foar har stipers.

Sjoernalisten fan gruttere kranten en programmas wurkje benammen yn leantsjinst, mar in soad sjoernalisten arbeidzje freelance.

It wurk fan in ferslachjouwer wurdt troch in redakteur of einredakteur bewurke foardat it publisearre wurdt. Elts medium hat hjirfoar har eigen manear. Op in soad lytsere kranteredaksjes falle de funksjes fan ferslachjouwer en redakteur gear. De einferantwurdlike oer de hiele sjoernalistike ynhâld fan de publikaasje falt ûnder in haadredakteur; de einredakteur is meastentiids dy persoan dy’t de aktueel útbrochte edysje goedkart.

Beropsorganisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân kin elts artikel dat produsearre wurdt troch in sjoernalist neisjoen wurde troch in ûnôfhinklike kommisje dy’t dêr bûten stiet. Yn Nederlân bart dat troch de Rie foar de Sjoernalistyk. Eltsenien dy’t him troch in artikel beneidield field, kin nei dizze rie gean. Mar de rie hat gjin twingende middels om te straffen.

Foar de sjoernalisten sels is dêr de Nederlânske Feriening fan Sjoernalisten, it âldste fakbûn fan Nederlân. Studinten sjoernalistyk, sjoernalisten yn leantsjinst, selsstannigen en foarljochters kinne lid wurde fan it bûn.

Ek is der it Nederlânsk Selskip fan Haadredakteuren (Nederlands Genootschap van Hoofdredacteuren), it is in oerlisorgaan fan de haadredakteuren fan Nederlânske kranten, tydskriften, parseburo’s, radio- en tillefyzjeprogrammen en hiemsiden. Dizze organisaasje hat der ûnder oare foar soarge dat der in gedrachskoade foar Nederlânske sjoernalisten is.

Ynternasjonaal is der de organisaasje International Federation of Journalists.

Yn Nederlân binne der HBU-stúdzjes sjoernalistyk yn Rotterdam, Swol, Tilburch, Utert, Ede en Amsterdam. Yn Amsterdam is de oplieding Nijs en Media. Alhoewol’t by it meastepart de stúdzje fjouwer jier duorret, kinne studinten oan de stúdzjes yn Rotterdam, Utert en Swol de stúdzje yn trije jier dwaan, de saneamde 'flugge rûte'.

Nei it klear krijen fan dizze bachelor-oplieding krijt de persoan de ynternasjonaal werkenbere graad Bachelor of Journalism (BJ). Tsjintwurdich is it yn Nederlân ek mooglik om in universitêre ferfolchstúdzje te dwaan yn de sjoernalistyk oan de Erasmus Universiteit Rotterdam, de Universiteit fan Amsterdam, de Frije Universiteit Amsterdam, de Universiteit Leien, de Universiteit Utert of de Ryksuniversiteit Grins, alle liedende ta de universitêre graad Master of Arts (MA). Ek in tal hegeskoallen yn Nederlân biede ferfolchstúdzjes oan, mar dizzen liede ta de profesjonele Master of Journalism (MJ). Dizze masterstúdzjes wienen earder al yn oare lannen mooglik.

In sjoernalist wurdt faak sjoen as de útfierder fan in frij berop, dat wol sizze dat hy of sy faak arbeidet fan in djippere motivaasje út dy’t losstiet fan in direkte oanstelling of opdracht, te fergelykjen mei it wurk fan bygelyks in arts of in preester. Sjoernalisten winskje lykas dizze groepen te beskikken oer in wettich erkend beropsgeheim.

Soarten sjoernalisten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoernalisten kinne yndield wurde nei medium: skriuwende parse, foto, tillefyzje, radio, ynternet. Ek kin ûnderskied makke wurde nei de manear fan arbeidzjen of funksje, en nei ûnderwerp of spesjalisaasje.

Fotosjoernalisten

In yndieling nei funksje op in redaksje is:

Dêrneist in yndieling nei spesjalisaasje op beskate gebieten, bygelyks

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]