Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dijon

Ut Wikipedy
Dijon
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Boergonje-Franche-
         Comté
Departemint Côte-d'Or
Arondissemint Dijon
Gemeente Dijon
Sifers
Ynwennertal 155.090 (2016)
Oerflak 40,41 km²
Befolkingsticht. 3.837,9 / km²
Stêdekloft 250.516 (2007)
Hichte 220-410 m
Oar
Stifting Romeinske Tiid
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 47°19′00″N 5°01′00″E
Offisjele webside
www.dijon.fr
Kaart
Dijon (Frankryk)
Dijon
Lokaasje yn Frankryk.

Dijon (Frânske útspr.: [di'ʒõ], likernôch: "dy-zjo"; Lûdsfragmint beharkje) is in stêd en gemeente yn it easten fan Frankryk, dy't de haadstêd is fan it omlizzende departemint Côte-d'Or en fan 'e regio Boergonje-Franche-Comté. It is ek de haadstêd fan 'e histoaryske regio en provinsje Boergonje. Yn 'e Midsiuwen wie Dijon as de haadstêd fan it machtige Hartochdom Boergonje ien fan 'e politike sintra fan West-Jeropa, dat yn oansjen, kennis en rykdom plakken as Parys en Londen nei de kroan stiek. Tsjintwurdich is Dijon ferneamd om syn arsjitektuer (benammen de dakpannen), de histoaryske binnenstêd, dy't yn 2015 opnommen is op 'e Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO, en de Dijonmoster. De stêd hie yn 2016 in befolking fan 155.000 minsken, wylst de stêdekloft fan Dijon, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby, yn 2007 goed 250.000 ynwenners telde.

Dijon leit yn it easten fan Frankryk, 310 km súdeastlik fan Parys, 190 km noardwestlik fan Sjenêve en 190 km noardlik fan Lyon. Dijon leit yn 'e midden fan in flakte dy't ûntwettere wurdt troch twa lytse gearrinnende rivierkes: de Suzon, dy't de stêd foar it meastepart ûndergrûnsk fan noard nei súd trochkrúst, en de Ouche, dy't oan 'e súdkant by Dijon lâns streamt. Fierder nei it suden ta leit de côte, of heuvelskeante begroeid mei wyngerds dy't de namme Côte-d'Or oan it departemint om Dijon hinne jûn hat.

De Porte Guillame ("Willemspoarte"), in triomfbôge op it Place Darcy, yn 'e binnenstêd fan Dijon.

De ierste argeologyske fynsten binnen de beboude kom fan Dijon wize op minsklike bewenning dy't perfoarst weromgiet oant yn it Neolitikum. As delsetting waard Dijon lykwols stifte yn 'e Romeinske Tiid, ûnder de namme Divio of Diviodunum, dat mooglik oarspronklik "hillige boarne" betsjutten hat. It wie in plak oan 'e Romeinske hearbaan fan Lyon nei Parys. Benignus fan Dijon, de apokrife beskermhillige fan 'e stêd, soe yn 'e trêde iuw yn Dijon it kristendom yntrodusearre hawwe, foar't er de marteldea stoar.

Oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid kamen Dijon en hiel Boergonje yn 'e hannen fan 'e Boergonden, in Germaansk folk, dêr't de regio syn namme oan tanket. De Boergonden stiften yn 411 in selsstannich keninkryk dat him yn 't earstoan útwreide oer wat no eastlik en súdeastlik Frankryk is. Yn 500 waard yn 'e neite fan Dijon de Slach by Dijon útfochten tusken de bruorren Gundobad en Godigisel, dy't allebeide oanspraak makken op 'e Boergondyske troan. Godigisel, dy't stipe waard troch in Frankysk leger, wûn de fjildslach. Dêrnei rekke it Keninkryk fan 'e Boergonden wat langer wat mear yn 'e ynfloedssfear fan it Frankyske Ryk. Yn 534 ferpletteren de Franken de Boergonden yn 'e Slach by Autun, wêrnei't it Boergondyske keninkryk troch it Frankyske Ryk anneksearre waard.

Fan 'e iere alfde oant de lette fyftjinde iuw wie Dijon de haadstêd fan it min ofte mear ûnôfhinklike Hartochdom Boergonje, dat yn dy tiid ien fan 'e machtichste steaten fan West-Jeropa wie. De hartoggen fan Boergonje hearsken net inkeld oer Boergonje sels, mar ek oer grutte gebieten dêrbûten, wêrûnder op 't lêst hast alle Nederlannen. Under Jan sûnder Frees, Filips de Goede en Karel de Dryste wie Dijon ien fan 'e wichtichste politike en kulturele sintra fan West-Jeropa, dêr't grutte kennis en ûnbidige rykdom sammele waard. It Hartochdom Boergonje spile ek in krúsjale rol yn 'e oergong fan Jeropa fan 'e Midsiuwen nei de Renêssânse. It paleis fan 'e hartoggen fan Boergonje is no it stedhûs fan Dijon, dêr't ek in keunstgalerij fêstige is.

Doe't tsjin 1500 de macht fan Boergonje yn it neigean rekke, waard it hartochdom spylbal yn 'e striid tusken de keningen fan Frankryk en de keizers fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 1513 waard Dijon belegere troch in Keizerlike en Switserske troepemacht. Hoewol't it belis tige gewelddiedich wie, wisten de ferdigeners, ûnder lieding fan 'e Frânske gûverneur Loadewyk II fan La Trémoille, de oanhâldende oanfallen fan 'e belegerders ôf te slaan. Uteinlik loek de fijân him werom. De befolking fan 'e stêd, dy't ûnder de belegering oanhâldend de Faam Marije oanroppen hie, seach dat as wûnder. Sadwaande ûntstie der neitiid yn Dijon in libbene foarm fan 'e Marijeferearing om Notre Dame de Bon-Espoir ("Us Leaffrou fan Goede Hope") hinne, in Marijebyld dat noch altyd yn 'e Notre-Dame fan Dijon stiet.

Yn 1789 gie de Frânske Revolúsje yn Dijon mank mei in protte geweld en ferwuostgings. It jiers dêrop waard de âlde Frânske provinsje Boergonje opheft en waard Dijon ta haadstêd makke fan it nij ynstelde departemint Côte-d'Or. Under de Napoleontyske Oarloggen waard Dijon yn 1814 beset troch troepen fan 'e Sechsde Koälysje. Yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 waard de stêd jitris beset, no troch de Prusen. Yn 'e Earste Wrâldoarloch lei Dijon fier genôch efter it Westfront dat it de oarloch ûnskansearre trochkaam. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch kaam de stêd yn begjin juny 1940 ûnder in Dútske besetting, dy't duorre oant 11 septimber 1944, doe't Dijon befrijd waard troch it Frânske Leger yn gearwurking mei it Frânske ferset.

De toer fan 'e Katedraal fan Dijon. It dak fan 'e Katedraal lit in moai foarbyld sjen fan 'e yn geometryske patroanen leine kleure dakpannen.

Dijon hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich stiet Dijon û.m. bekend om syn arsjitektuer, dy't ta ferskate streamings út in stikmannich ferskillende tiidrekken heart. Sa binne der romaanske, goatyske en renêssansistyske gebouwen. Mei't Dijon yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch, de Earste Wrâldoarloch en de Twadde Wrâldoarloch oan grutskalige ferwuostging ûntkommen is, datearje in protte wenhuzen út it stedssintrum út 'e achttjinde iuw of út noch eardere tiden. Sa is der noch in relatyf grut tal huzen út 'e lette Midsiuwen (tolfde oant en mei fyftjinde iuw), dy't heal út hout oplutsen binne. In opfallend ûnderdiel fan 'e arsjitektuer yn Dijon binne de saneamde toits bourguignons, de typysk Boergondyske dakken, dy't gearstald binne út dakpannen dy't glasearre binne yn terrakotta, grien, giel of swart, en lein binne yn geometryske patroanen.

Dijon hat in grut tal tsjerkegebouwen, wêrûnder de Notre-Dame fan Dijon, dy't wijd is oan 'e Faam Marije, en de Katedraal fan Dijon, wijd oan 'e apokrife hillige Benignus fan Dijon, mei in krypte dy't mear as tûzen jier âld is. In oar wichtich gebou is it Paleis fan de Hartoggen en de Steaten fan Boergonje, dat yn 'e Midsiuwen de residinsje wie fan 'e hearskers fan it machtige Hartochdom Boergonje. Dat paleis tsjinnet no as stedhûs en der is ek in keunstgalery fêstige, it Musée des Beaux-Arts de Dijon. Dêr binne û.m. de yn 'e âlde steat beholden hartochlike kokens noch te sjen, en dêropta in oansjenlike kolleksje Jeropeeske keunstwurken, datearjend fan 'e Romeinske Tiid oant hjoed de dei. It Grand Théâtre de Dijon, boud yn 1828, fungearret as de thúsbasis foar it operaselskip Opéra de Dijon, en waard yn 1975 útroppen tan in histoarysk monumint. De histoaryske binnenstêd waard yn 2015 opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.

It Paleis fan de Hartoggen en de Steaten fan Boergonje.
De Katedraal fan Dijon.

Behalven gebouwen omfiemet Dijon ek sa'n 700 ha oan parken en plantsoenen. Dêrûnder is ek de pleatslike botanyske tún, de Jardin botanique de l'Arquebuse. Fierders stiet yn Dijon de haadfêstiging fan 'e Universiteit fan Boergonje, dy't oprjochte is yn 1722. Elts jier wurdt yn Dijon in ynternasjonale gastronomyske beurs holden, dêr't trochinoar san 200.000 besikers op ôf komme. Fierders wurdt yn 'e stêd om 'e trije jier it ynternasjonaal blommekorso Florissimo organisearre.

Dijon stiet bekend om 'e Dijonmoster, dy't yn 1856 troch Jean Naigeon, in ynwenner fan 'e stêd, ûntwikkele waard troch ynstee fan jittik as yngrediïnt verjus te brûken, it soere 'griene' sop fan druven dy't noch net rjocht ryp binne. Foar de berieding fan 'e hjoeddeiske moster út Dijon wurdt gjin verjus, mar wite wyn brûkt. De tsjintwurdige Dijonmoster komt trouwens foar it meastepart net mear út 'e omkriten fan Dijon, mei't de namme troch de Jeropeeske Uny as 'feralgemiene' beskôge wurdt, yn tsjinstelling ta bygelyks sjampanje, dat ûnder de Jeropeeske wetjouwing beslist út de Sjampanje komme moat.

In oar produkt dêr't Dijon om bekend stiet is de pleatslike foarm fan crème de cassis, in soarte fan fruchtelikeur, dy't produsearre wurdt ûnder de merknamme Kir. Dy term komt fan 'e eardere boargemaster fan Dijon, kanunnik Félix Kir, dy't in miks útfûn fan crème de cassis en wite wyn (spesifyk Bourgogne aligoté).

De heal út hout oplutsen Midsiuwske huzen yn 'e binnenstêd fan Dijon.

De âldste befolkingssifers dy't fan Dijon bekend binne, datearje fan 1793, doe't de stêd 20.760 ynwenners hie. Yn 1800 wie dat sakke oant krapoan 19.000. Dêrnei woeks de befolking geandewei de njoggentjinde iuw stadich oan, oant goed 32.000 yn 1851 en mear as 71.000 yn 1901. Yn 1926 wiene der krapoan 84.000 ynwenners, en oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, yn 1946, wiene der hast 101.000. Neitiid groeide de befolking fan Dijon troch oant krapoan 152.000 yn 1975, wêrnei't der in weromgong folge nei 141.000 yn 1982. Dêrnei groeide it ynwennertal wer, fan 147.000 yn 1990, fia 150.000 yn 1999 en 152.000 yn 2009, nei 155.090 minsken yn 2016. De stêdekloft fan Dijon, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby, hie yn 2007 250.516 ynwenners hie.

Gustave Eiffel, de bouwer fan 'e Eiffeltoer, kaam út Dijon.

Dijon hat in seeklimaat, mei oangenaam waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4,8 °C. Rekôrtemperatueren wiene 39,3 °C yn augustus en –22 °C yn jannewaris. Dijon kriget jiers trochinoar 760,5 mm delslach. De stêd hat in gemiddelde fan 115,3 dagen mei rein en 154 dagen mei sinneskyn yn 't jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.