Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Nederlannen

Ut Wikipedy

De Lege Lannen oftewol de Nederlannen is it leechlizzende gebiet yn West-Jeropa dêr't de steaten Nederlân en Belgje lizze. Soms wurdt ek Lúksemboarch ta de Lege Lannen rekkene. De beneaming wurdt fral brûkt troch de skiedskriuwerij om it gebiet mei oan te tsjutten doe't beide (of alle trije) steaten noch net bestiene.

De Lege Lannen yn de 14e iuw.

De namme 'de Lege Lannen' is tige tapaslik omdat it gebiet in leechlizzende flakte is, dy't ûntstien is as delta fan in tal grutte rivieren, de Ryn, de Maas, de Isel en de Skelde. Dochs is dizze namme, likegoed as de namme Nederlân, histoarysk besjoen op oare grûnen ta stân kommen. [1]

Skiednis fan de Lege Lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Romeinske tiid makken de lettere Lege Lannen te suden fan de Ryn part út fan it Romeinske Ryk en wie ferdield oer de Romeinske provinsjes Gallia Belgica en Germania Inferior. Noardlik fan de Ryn lei Germania, dat mar koarte tiid ûnder Romeinsk bewâld stien hat. Nei de fal fan it West-Romeinske Ryk waarden de Lege Lannen in part fan it Frankyske of Karolingyske ryk, en letter it Hillige Roomske Ryk.

Under de Midsiuwen waarden de hartoggen fan Brabân en Gelre, en de greven fan Hollân en Flaanderen hearskers oer de lytsere gebieten fan de Lege Lannen. Troch feroverjen en fral troch houlikspolityk fûn skealfergrutting plak. Sadwaande kaam Hollân ûnder ynfloed fan de greven fan Henegouwen te stean, en beide tegearre ûnder ynfloed fan it Beierske Hûs Wittelsbach.

Yn de 15e iuw kaam in grut tal dielgebieten yn mienskiplike hannen fan de hartoggen fan Boergonje en begjint de skiednis fan de Lege Lannen as ienheid.

Mei de dea yn 1482 fan Maria fan Boergonje, dy't troud wie mei Maksimiliaan fan Eastenryk, gongen de gebieten oer fan de ynfloedssfear fan it Frânske Hûs Valois nei dy fan it Hûs Habsburg. De gebieten bleauwen formeel skieden, mar foarmen tegearre in personele uny. It bestjoer waard troch lânfâden waarnomd.

Yn 1549 bepaalde keizer Karel V yn de Pragmatike Sanksje (1549) dat de Boergondyske Kreits tenei ûndielber wêze soe en by oererving oergean soe binnen de manlike en froulike line fan syn famylje. Dêrmei skiede hy de Nederlannen (de namme dy't hy foar dit gebiet yntrodusearre) ôf fan Frankryk en fan it Dútske Ryk.

Neidat Karel V as lânshear ôfstân die fan de troan en in jier letter as kening fan Spanje, kamen de Lannen yn hannen fan syn soan Filips II fan Spanje. Hy wie gjin militêr krekt as syn heit, mar in burokratysk bestjoerder en leauwensfanatikus.

De opsplitsing fan de Nederlannen yn in noardlik en súdlik part stammet út de tiid fan de Spaanske oerhearsking. Filips II woe de wyls kalvinistysk wurden Noardlike Nederlannen op 'e nij ta it Roomsk-katolisisme bekeare, wat ta in protte ferset liede. Dat ferset of de Nederlânske Opstân wurdt de Tachtichjierrige Oarloch neamd en rûn fan 1568 oant 1648, mei in Tolvejierrich bestân yn de jierren 1609 oant 1621. By dizze opstân fûn de iensidige ûnôfhinkliksferklearring plak fan de Noardlike Nederlannen, troch de proklamaasje fan it Plakkaat van Verlatinghe, dat yn De Haach ûndertekene waard op 26 july 1581. Oan dizze tastân kaam foarfêst in ein mei de Frede fan Münster fan 1648.

Yn it Noarden ûntstie yn it tiidrek 1581-1588 de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Dizze Republyk bestie ûnûnderbrutsen oant 1795 doe't Frânske revolúsjonêren in ein makken oan de selsstannigens fan de republyk en opfolge wurde soe troch de Bataafske Republyk. Yn 1801 folge it Bataafske Mienebest, dat yn 1806 omfoarme waard ta it Keninkryk Hollân. Dizze trije rezjyms wienen feitlike fazalsteaten fan Frankryk. Fan 1809/1810 oant 1813 hearde it Noarden offisjeel ta it Earste Frânske Keizerryk.

Hollânske troepen tsjen troch de Flaamske stêd Dendermonde, 1820

It Suden fan de Nederlannen bleau fierders yn Spaanske hannen. Neidat de Spaanske tûke fan de Habsburgers útstoarn wie, waard by de Frede fan Utert (1713) regele dat it gebiet oergong nei de Eastenrykske Habsburgers. Sy bleauwen oer it gebiet hearskjen oant 1795. Dêrnei hearde it by Frankryk en soe der oant 1815 by bliuwe.

Nei de nederlaach fan Napoleon Bonaparte yn 1815 waard op it Kongres fan Wenen beslist dat it noarden en suden byinoar foege wurde moasten. De oerwinners wienen fan doel in sterke buffersteat ten noarden fan Frankryk ûntstean te litten.

Yn 1830 foelen Noard en Súd wer út inoar en waarden twa aparte keninkriken. Sûnt dy tiid binne Belgje en Nederlân soevereine steaten. Yn 1839 moast it Gruthartochdom Lúksemboarch grutte gebietsdielen ôfstean oan Belgje. Yn 1890 waard de personele uny tusken Nederlân en Lúksemboarch ferbrutsen en wie it Gruthartochdom Lúkemboarch ek soeverein.

Besikingen ta feriening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it útinoar fallen yn 1830 hawwe der yn Noard en Súd ferskate persoanen en organisaasjes west dy't de ienheid fan de Nederlannen werstelle woenen. De gebietsdielen dy't by dizze ienheid hearre moasten fariearje tusken in folsleine feriening fan de trije steaten, of allinnich op taalkundige grûnen tusken Nederlân en Belgje.

Foarbylden fan stribjen nei feriening fan de Lege Lannen yn de 20e iuw binne it Algemeen-Nederlands Verbond en Zannekin en it VNV fan Staf de Clercq en it Verdinaso fan Joris Van Severen. Dizze organisaasje woenen de steatkundige of tanimmende kulturele ferdieldheid opheffe. Op it stuit (2009) besteane fan dizze organisaasjes noch mar allinnich it "Algemeen Nederlands Verbond" en "Zannekin", dy't benammen op kultureel mêd aktyf binne.

Yn sekere sin wurde dizze sjoen as tariedingen foar de tastânkommen fan de Benelúks. Letter rekke dizze lykwols troch de fierdere ûntwikkeling fan de Jeropeeske Uny oerskade.

Skriuwers dy't harren yn it bysûnder op de skiednis en de takomst fan de Lege Lannen talein hawwe wienen fral de histoarisy:

  • Carel Gerretson, (1884-1958), histoarikus, ek bekend as dichter ûnder de namme "Geerten Gossaert";
  • Pieter Geyl, 1887-1966, histoarikus en skriuwer fan in grut tal Grut-Nederlânske wurken, wêrûnder it monumintale seis dielen wurk 'Skiednis fan de Nederlânske Stam'. Dat wurk rekke net foltôge en bleau stykjen yn it revolúsjejier 1798. Syn skiedkundich ynsjoch en syn polemyk mei de Britske historikus Arnold Toynbee hat de Grut-Nederlânske tinzen wer op de skiedkundige lânkaart setten; hy waard fierders bekend om syn spesjale omtinken foar syn sympaty foar de Flaamske en Afrikaanske taalstriid;
  • Ernst Kossmann, 1922-2003, histoarikus, net allinnich yn de Lege Lannen ynteressearre mar, lykas Geyl tagelyk befoarderer fan Anglo-Nederlânske betrekkingen. Skriuwde de 'De Lege Lannen', dat Geyls Magnum Opus like fuort te setten en dat wol foltôge waard (oant 1980).
  • Dom Arnoldus Smits, geastlike te Steenbrugge, ferstoarn yn april 2005.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Filips de Goede, hartoch fan Boergonje (1396-1467), brocht it grutste part fan it grûngebiet fan de hjoeddeiske Benelúks gear mei parten fan it noarden fan Frankryk ûnder syn bewâld. Syn besittings waarden fanút syn eigen eachpunt oantsjutten, en omdat er meastentiids yn Flaanderen of Brabân tahâlde: les pays de par deça, 'de lannen fan herwerts oer'. Dat hold yn 'dizze lannen hjir, fuortendaliks om ús hinne' en dat yn tsjinstelling wie mei les pays de par delà, 'de lannen fan dêrwerts oer, de lannen dêr', nammentlik it eigentlike Boergonje, sjoch: [1].
    In lettere opfolger fan him keizer Karel V hantearre in lyksoartige twadieling, mar kearde as Habsburger it perspektyf om en tsjutte de Nederlânske gewesten fan him oan as les pays d'em bas (oftewol les Pays-Bas).
  • Dr A. Smits O.S.B., Scheuring in de Nederlanden Delen I, II, III en IV, UGA, Kortrijk-Heule, 1983-1999
  • Prof. Dr P. Geyl, Geschiedenis van de Nederlandse Stam Delen I-VI, Wereldbibliotheek, Amsterdam, 1961
  • E.H. Kossmann, De Lage Landen 1780-1980 Delen I en II, Uitgeverij De Prom, Baarn, 2002