Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Keninkryk Hollân

Ut Wikipedy
Keninkryk Hollân 1806-1810

It Keninkryk Hollân (Nederlânsk: Koninkrijk Holland, yn de doetiidske stavering: Koningrijk Holland) wie in Frânske fazalsteat dy't fan 5 juny 1806 oant 9 july 1810 bestie. It waard yn it westen en noarden begrinzge troch de Noardsee, yn it easten troch de Rynbûn en yn it suden troch it Frânske Keizerryk.

It keninkryk ûntstie doe't keizer Napoleon Bonaparte fan it Frânske Keizerrijk it Bataafsk Mienebest ferfong troch in monargy mei syn broer Loadewyk Napoleon Bonaparte op de troan. Yn 1810 waard it keninkryk opnaam yn Frankryk.

Kening Loadewyk Napoleon Bonaparte

Hoewol't Napoleon syn broer op it hert drukt hie fral Frânsman te bliuwen, profilearre Loadewyk Napoleon him as in tige 'Hollânske' kening, dy't mei tsjinsin neidielige Frânske maatregels sa as de tsjinstplicht en it Kontinintaal stelsel útfierde. Ek de plannen om skuldeaskers fan de steat in grut part fan de rinte fan de steatsskuld ôf te nimmen wie er it net mei iens (in part fan dy rinte waard brûkt foar it ûnderhâld fan earme- en weeshuzen). Loadewyk besocht yn de geunst by de Nederlânske befolking te kommen en dat noaske syn broer net.

Yn 1809 barde der op Walcheren in Ingelske ynvaazje. Hoewol't dy oanfal troch Frânske en Nederlânske troepen ôfslein waard, rekke Loadewyk's posysje as foarst dêr wol fierder troch oantaasd; Napoleon wie fan betinken dat it ferset net hurd genôch op gong kaam wie.

Napoleon wie ûntefreden oar it fuksjonearjen fan Loadewyk Napoleon as kening fan Hollân. De troch Loadewyk Napoleon ynstelde Oarder fan de Uny mocht bygelyks net droegen wurde yn de rûnte fan de keizer. Yn de winter fan 1809 kaam de ein fan it keninkryk al yn sicht. Fanwege keizerlik dekreet waard maart 1810 earst it suden ûnder Frânsk bestjoer brocht, in tal moannen letter folge it oerbliuwende part fan it eardere keninkryk Hollân. Loadewyk hie hope dat mei it oerjaan fan de troan de Nederlânske selsstannigens bewarre bliuwe koe. Hy waard op 1 july opfolge troch syn soantsje Napoleon Loadewyk, dy't formeel kening Loadewyk II waard. Napoleon negearre dit beslút lykwols en anneksearre Nederlân inkelde wiken letter, op 13 july.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de stifting fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 de departemintale yndieling fan it ryk op 'en nij fêststeld. De meast wichtige feroaring wie it ferpartsjen fan it departemint Hollân yn de departeminten Amstelland en Maaslân en de splitsing fan it nije departemint Drinte fan it departemint Oerisel. It departemint Bataafsk Brabân krige in nije namme, Brabân en it departemint Stêd en Lannen fan Grinslân waard Grinslân. Fierder waard besletten dat de Maas de noardgrins fan Brabân foarmje soe.

It keninkryk hie yn it earstoan tsien departeminten:

Yn de Fjirde Koalysjeoarloch waarden it Prusyske East-Fryslân en it Russyske Jeverlân troch Frânske en Nederlânske troepen ferovere. Yn 1807 waarden de beide gebieten gearbrocht yn it nije departemint East-Fryslân dat in part fan it Keninkryk Hollân waard. Doe wiene der alve departeminten.

Limburch en Siuwsk-Flaanderen wienen gjin part fan it keninkryk, mar waarden taheakke oan departeminten fan de eardere Sudlike Nederlannen en foelen sa streekrjocht ûnder Frânsk bestjoer. Yn desimber 1807 kaam Flissingen ek ûnder Frânsk bestjoer, yn desimber 1809 folge Walcheren. Op 16 maart 1810 waard it gebiet besuden de Waal en Merwede troch Frankryk ynlive en in stikmannich moannen letter it oerbliuwend diel fan it keninkryk.[1]

It stiftsjen fan it Keninkryk Hollân betsjutte de ein fan it Bataafsk Mienebest.

Loadewyk makke yn 1808 Amsterdam ta haadstêd yn it plak fan De Haach. Hy sette him nei wenjen yn it Paleis op de Dam, doe noch stêdhûs fan Amsterdam. Dit is ek nei 1813 sa bleaun, sadat Amsterdam noch hieltyd de haadstêd fan Nederlân is.

Loadewyk hat fierders besocht de Nederlânske keunsten en wittenskippen te befoarderjen. Sa stifte er it Keninklik Ynstitút fan Wittenskippen (de lettere Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen) en de Keninklike Bibleteek. Teffens joech er de oanset ta de oprjochting fan it Ryksmuseum, dat yn it begjin húsmanje mocht yn it Paleis op de Daam. Foar de Roomsk-Katoliken dy't in eigen tsjerke bouwe woenen hie er fûnzen yn it foarútsjoch.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kuipers, Jan J. B. en Robbert Jan Swiers (2005) Het verhaal van Zeeland. Hilfertsom: Uitgeverij Verloren