Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Knipe

Ut Wikipedy
De Knipe
Nij Brongergea Tsjerke
Nij Brongergea Tsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 1.405 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,71 km²
lân: 4,65 km²
wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 288 ynw./km²
Oar
Postkoade 8456
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 58' N 5° 58' E
Offisjele webside
Side De Knipe
Kaart
De Knipe (Fryslân)
De Knipe
Kaart
Nij Brongergea Tsjerke
Himrik fan De Knipe yn de gemeente It Hearrenfean

De Knipe is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, east fan de flekke. Ynwenners wurde Knypsters neamd. De Knipe is de iennige plaknamme yn de gemeente It Hearrenfean mei in offisjeel Frysktalige namme.

De Knipe hat 1.405 ynwenners (1 jannewaris 2023).

De Knipe is ûntstien út twa parten fan oare doarpen, út Nij Brongergea, it noardlike part fan Brongergea en Nij Ketlik, it noardlike part fan Ketlik.

Skoatterlânske Kompanjonsfeart

Troch it doarp rint de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Hjiryn lei in knipe, in fersmelling yn de feart, en dêrtroch kaam it doarp oan har nammen. It doarp wie oant 1970 opsplitst yn Boppeknipe en Benedenknipe en waard doe faak yn ien namme De Knipe neamd. It stik tsjin It Hearrenfean oan waard Beneden-Knipe neamd, it stik rjochting Bontebok Boppeknipe. By de gearfoeging fan de twa doarpen yn 1970 waard de nije namme De Knipe.

By De Knipe is in romaansk-keltysk brûnzen byldsje fûn dat yn de 2e iuw of 3e iuw yn Ingelân makke is. It soe in oantinken wêze kinne fan ien dy't yn dy tiid tsjinne yn it Romeinske leger. By Holwert is ek alris sa'n byldsje fûn.

Yn de gemeente It Hearrenfean leine twa joadske begraafplakken. De âldste fan dy twa leit yn De Knipe (1860). It oare begraafplak leit yn Oranjewâld en is wat jonger en datearret fan 1883. Yn 1893 waard foar it lêst immen op it Knypster begraafplak begroeven.

Yn 1911 wie Anne Zernike de earste froulike dûmny fan Fryslân en Nederlân. Hja begûn as predikante yn de Minnistetsjerke yn Boppeknipe. Jan Mankes hat ek in tiid yn De Knipe wenne. Hy wie troud mei Anna Zernike.

Klokkestoel

By de gearfoeging fan Boppeknipe en Benedenknipe yn 1970 waard der ien feriening foar Pleatslik Belang ynsteld. It doarpsblêd hjit De Compagnon. De Stifting Doarpshûs komt yn it multyfuksjoneel sintrum 'De Barte' gear. Fan dy stifting krige De Barte yn 2007 in grutte doarpsflagge.

Fermanje

De Knipe foarmet mei Tsjalbert ien PKN-gemeente. Oant de tsjerkefúzje fan de grutte protestantske tsjerkegenoatskippen hie De Knipe ek in grifformearde tsjerke, dy't yn 1999 sletten en neitiid ferboud waard ta wente. Der wurdt om bar yn de twa doarpen tsjerke. Njonken de Nij Brongergea Tsjerke is der ek in Fermanje yn 'e Knipe, dêr't noch geregeld tsjinsten binne. Beide tsjerken binne ryksmonuminten.

Alde iepenbiere skoalle Boppeknipe

De kristlike basisskoalle 'De Pream' waard yn 2018 sletten nei't it mislearre om in gearwurkingsskoalle mei de iepenbiere Kompanjonsskoalle op te rjochtsjen. Sûnt hat De Knipe allinne de iepenbiere Kompanjonsskoalle.[2] De Lytse Kompanjon is it pjutteboartersplak.

Plak 1940 1951 1955 1960 1965 1969
Boppeknipe 540 558 596 515 468 446
Benedenknipe 550 564 588 579 570 613
1969 1970 1973 2005 2006 2007 2008 2009 2022
De Knipe 963 931 1479 1496 1476 1466 1450 1412 1337

sifers 1940 oant en mei 1965 foar de Boppe- en Benedenknipe út "De Heeren en de Anderen", R. Boltendal (side 302)
sifer 1970 foar De Knipe út "De Heeren en de Anderen", R. Boltendal (side 302)

Dûmny Veenwei
Pleats Dûmny Veenwei 29

Eartiids waard op de twadde moandei fan oktober in feemerk holden. Doe't dat minder waard besleat de merkekommisje yn 1932 in optocht fan fersierde boaten te hâlden. De optocht groeide nei de oarloch út op in grut mearkeseftich barren. Doe't de feart yn 1967 dimpt waard is noch besocht om mei fersierde weinen de sfear werom te krijen mar dat slagge net rjocht. In allegoryske optocht is der fan oerbleaun. Alle jierren dogge sa'n 15 fersierde weinen mei.

Yn it doarp wurde ek wedstriden Strjittenseiskamp hâlden.

Oer de strjitten yn De Knipe.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Súdwestlik fan it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch: Kerncijfers wijken en buurten 2021 (CBS).
  2. Friesch Dagblad, 17 july 2018

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje