Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Aldhoarne

Ut Wikipedy
Aldhoarne
Klokkestoel fan Aldhoarne
Klokkestoel fan Aldhoarne
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 815 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,33 km²
lân: 9,29 km²
wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 87 ynw./km²
Oar
Postkoade 8413
Netnûmer 0513
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 58' NB, 6° 5' EL
Offisjele webside
http://www.oude-nieuwehorne.nl/
Kaart
Aldhoarne (Fryslân)
Aldhoarne
Kaart
Klokkestoel fan Aldhoarne
Himrik fan Aldhoarne yn de gemeente It Hearrenfean

Aldhoarne (Nederlânsk en offisjeel: Oudehorne) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, noardeastlik fan Nijhoarne, dêr't er in twillingdoarp mei foarmet, oan de N380. Der is lintbebouwing oan de Skoatterlânskewei, dy’t benoarden De Tsjonger fan east nei west rint.

De âldste spoaren fan bewenning binne fûn op de Kiekenberch (+8m.), in drûch plak yn de Tsjongerfallei. Hoarne komt fan ‘’herne’’ in útspringende punt yn it gebiet fan de bochtige Tsjonger of it komt fan in âld sydrivierke fan de Tsjonger. Der binne dêr ek Romeinske munten fûn.
Yn in dokumint fan 1315 is praat fan de kapel fan "Hoerna", fallend ûnder de katolike tsjerke fan Aldeboarn. Op in kaart fan 1718 wurdt skreaun oer ‘’Oude Horn’’.
Yn de 17e iuw en de 18e iuw is tusken de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en De Tsjonger ek turf ôfgroeven. De measte minsken yn dizze streek wiene doe oant de 20e iuw meast bouboeren, nei de opkomst fan de suvelyndustry ek feehâlderij. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1934 makke it doarp, krekt as it susterdoarp Nijhoarne diel út fan de gemeente Skoatterlân. Doe waarden de gemeenten Skoatterlân, Aenjewier en in diel fan Haskerlân gearfoege.

It lânskip bestiet út lân en houtwâlen. Tichtby lizze de natuergebieten Lytse en Grutte Kiekenberch en wat fierder de Ketlikerheide en Ketlikerskar. De fûgel- en natuerbeskermingswacht is ûnôfhinklik mar wurket wol safolle mooglik gear mei it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en It Fryske Gea. Under Aldhoarne leit de Tolhiksbosk.

Twatalich komboerd
Pleatske oan 'e Skoatterlânskewei

It pleatslik belang komt op fan it belang fan de doarpen Ald- en Nijhoarne. 13 buertferienings binne aktyf yn it twillingdoarp.

De lêste sneon yn septimber wurdt it Flaeijelfeest hâlden; it is in tradisjoneel rispinge en terskfeest.

De tredde wike fan augustus wurdt it Joppe Festival holden, in jierliks rockfestival yn de Tsjongerfallei.' Joppe' is âld-Nederlânsk en betsjut 'fertier' en 'yn oarder'. It Joppe Festival is yn 1996 begûn as in eksamenfeest.

Sint Thomaslieden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it begraafplak stiet in klokkestoel. Hjir wurdt tusken 21 desimber en Nijjier, tagelyk mei Mildaam it Sint Thomaslieden hâlden. De twa klokken yn it klokhús, dy’t yn 1942 troch de Dútsers foardere binne, wienen fan 1617 en 1763. Fan folkloare is it wurden ta in wedstryd foar de wat âldere jeugd. It lieden hat te krijen mei de hillige Thomas, syn nammedei is 21 desimber. It doel wie om de boaze geasten dy't foar it tsjuster oerdeis soargje, te ferjeien. Mei it lieden fan de klokken wurdt besocht it ljocht werom te krijen.

  • Fûgelwacht
  • Klokkekommisje Aldhoarne
  • It sjongkoar Jan de Roas Sjongers is neamd nei strjitartyst Jan de Roos.
  • De Vrije Fries - muzyk
  • Sjongnocht - frouljuskoar
  • Let's Try - popkoar
  • De Maerteblom - toanielferiening
  • Trekker Trek Aldhoarne
  • Lyts Bigjin – iisklup. Oprjochte yn 1897
  • Ien Twa Trije - iisferiening
  • De Kiekenhof – biljertferiening
  • UDIROS - sportferiening
  • De Horne - tennisferiening
  • Stifting Volksvermaak Oude en Nieuwehorne.
1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2013 2023
1133 1138 1102 978 950 850 854 865 878 864 855 854 850 830

Strjitten yn Aldhoarne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje