Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bier

Ut Wikipedy
Bier.

Bier is in licht alkoholyske en koalsoerhâldende drank makke mei wetter, fermintearre mout en plantaardige bestândielen, lykas krûden en hop, (of ekstrakten dêrfan) dy't tsjinje foar de smaak en/of de hâldberens fan it bier. Bier is ien fan de âldste alkoholyske dranken fan de wrâld en de meast konsumearre dêrfan, en op wetter en tee nei de populêrste drank.

Der bestean ferskate wizen om bier te meitsjen. De meast brûkte metoade yn Europa en Noard-Amearika is it yn wetter fermintearje litten (alkoholyske gêsting) fan de mout fan koarn mei in gêst fan it geslacht Saccharomyces. Yn dit proses wurde koalsoergas en alkohol foarme. Foar it gêstjen wurde hopbellen, de froulike blommen fan hop, meisean as smaakmakker en konservearmiddel.

Bier wie oant yn de 18e iuw noch folksdrank, al kamen kofje, tee, jenever en brandewyn al op. Fryslân hie in soad ferneamde brouwerijen en biersoarten, Dokkumer- of Maartebier, Knypster- en Biltbier. Fierders waard it swiere Grinzer bier en Dimter bier noch nei 1800 mei skipsladingen ynfierd. Nei it Grinzer Bier (of Klúnbier) hiet in frachtskip fan Grins nei Ljouwert noch lang Klúnkof. Jûns waard ek waarm bier mei sjerp (of huning dronken, letter mei sûker) en in snjit brandewyn.

Al yn de 18e iuw ferfong de boerekofje it waarme bier. De lêste Fryske brouwers foar 1960 wienen Yde van der Meulen fan Ljouwert en Ivo Hansma fan Dokkum.

Anno 2023 binne der wer tsientallen aktive bierbrouwerijen yn Fryslân. Dat binne allegearre ambachtlike doarps-, steds- en mikrobrouwerijen. Guon fan dy brouwerijen binne feriene yn in kollektyf CRAFT.

Byienkomsten dêr't bier skonken waard wienen:

  • Leedbier, by begraffenissen
  • Pannebier, by de bou fan in hûs
  • Flotbier, as in skip fan steapel rûn
  • Hynstebier, by ôfrekkenjen mei de hynstehâlder
  • Te bier gean, feestfiere yn de herberch

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: