Aura (boppenatuerlik ferskynsel)
In aura is yn 'e esotery in soartemint krêftfjild fan opljochtsjende mearkleurige strieling om in persoan, bist of foarwerp hinne. It leauwe dat eltsenien in aura hat, komt foar yn new age-opfettings, dêr't it soms ek omskreaun wurdt as in subtyl lichem. Paragnosten en holistyske genêzers hâlde gauris út dat se it fermogen hawwe om 'e omfang, kleur en fibraasje fan aura's sjen te kinnen. Yn 'e alternative genêskunde fan new age-groepen wurdt it aura beskôge as in ferburgen diel fan 'e anatomy, dat de sûnens fan oangeande persoan yn sawol negative as positive sin beynfloedzje kin. Faak omfiemet it aura yn sokke leauwensstelsels ferskate sintra fan libbenskrêft dy't nei hindoeïstysk foarbyld chakra neamd wurde. Ideeën oangeande it bestean en de wurking fan aura's wurde op gjin inkele wize ûnderstipe troch wittenskiplik bewiis en wurde dêrom ornaris beskôge as in foarm fan pseudowittenskip. By tests ûnder behearske omstannichheden hat men gjin bewiis fine kinnen foar it bestean fan it fermogen om aura's te sjen.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Aldgryksk en it Latyn hie aura de betsjutting fan in myld wyntsje of in sike (azem). Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard it wurd yn fermiddens fan it spiritisme brûkt yn 'e nije betsjutting fan lichemsútstrieling.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It konsept fan aura's waard oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw popularisearre troch de Ingelsman Charles Webster Leadbeater, in earder anglikaansk preester en in lid fan it Teosofysk Genoatskip. Hy hie yn Britsk-Ynje teosofy studearre, en leaude dat er syn heldersjende fermogens brûke koe om wittenskiplik ûndersyk te dwaan. Sa bewearde er dat er ûntdutsen hie dat de measte manlju fan Mars kamen, mar dat de yntelliginsten eins ôfkomstich wiene fan 'e moanne, en dat stikstofatomen opboud binne út seis lichems dy't yn in aaifoarmige húl sitte. Yn syn boek Man Visible and Invisible, dat yn 1903 publisearre waard, beskreau Leadbeater it aura fan 'e minske yn 'e ferskate stadia fan 'e morele ûntjouwing fan 'e "wylde" oant de "hillige".
Yn 1910 yntrodusearre Leadbeater fierders de moderne ideeën oer aura's doe't er yn syn boek The Inner Life it tantryske idee fan 'e chakra's út it hindoeïsme yn it aura ynkorporearre. Hy naam dat idee lykwols net ienfâldichwei oer; ynstee rekonstruëarre en reynterpretearre er de hindoeïstyske lear omtrint chakra's troch ferminging mei eigen optinksels ta wat folslein nijs. Inkelen fan syn ynnovaasjes wiene om chakra's te omskriuwen as draaikolken fan enerzjy, en troch se te assosjearjen mei in klier, in orgaan en oare lichemsdielen. Yn 'e 1910-er jierren waarden Leadbeater syn ideeën oer aura's en chakra's oannommen en op 'e nij ynterpretearre troch oare teosofen, lykas Rudolf Steiner en Edgar Cayce, mar syn okkulte anatomy bleau in saak fan lyts belang yn 'e esotearyske subkultuer oant it yn 'e 1970-er jierren werûntdutsen waard en yn 'e jierren dêrnei útgroeide ta in wichtich ûnderdiel fan 'e new age-beweging.
Yn 1977 publisearre de Amerikaanske esotearyske publisist Christopher Hills it boek Nuclear Evolution: The Rainbow Body, dêr't er in oanpaste ferzje fan 'e okkulte anatomy fan Leadbeater yn beskreau. Wylst Leadbeater eltse chakra komplekse, detaillearre foarmen en in ferskaat oan kleuren tatocht hie, presintearre Hills harren as in rige sintra fan libbenskrêft dy't elts assosjearre wiene mei ien fan 'e kleuren fan 'e reinbôge. It meastepart fan 'e lettere new age-skriuwers basearre him op 'e ynterpretaasje troch Hills fan 'e ideeën fan Leadbeater. Dêrtroch ûntjoech de lear oer aura's en chakra's him geandewei de 1980-er en 1990-er jierren ta ien fan 'e wichtichste mêden fan esotearyske spekulaasje. In protte new age-techniken dy't derop rjochte binne om aurale blokkades yn 'e chakra's op te heffen, lykas kristalgenêzing en aura-soma, waarden yn dy snuorje ûntwikkele.
Troch it oanhâldend taheakjen fan nije ideeën hold it new age-konsept fan chakra's yn 'e aurale sin tsjin 'e ein fan 'e 1990-er jierren amper noch ferbân mei syn hindoeïstyske en teosofyske woartels. In breed skala oan new age-publikaasjes hat bannen foarsteld tusken de ûnderskate chakra's en ferskillende kleuren, persoanlikheidstrekken, sykten, kristlike sakreminten en gean samar troch. Ferskate soarten fan holistyske alternative genêskunde binnen de new age-beweging sizze gebrûk te meitsjen fan auralêzingstechniken, lykas bio-energetyske analyze, spirituële enerzjylêzing en enezjygenêskunde.
Wittenskiplik stânpunt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Psycholooch Andrew Neher skreau yn 1990 yn syn boek The Psychology of Transcendence dat "der gjin goed bewiis [bestiet] om 'e noasje te ûnderstypjen dat aura's, op lykfol hokker wize ek, út 'e psyche fuortkomme soene." Dat wol net sizze dat eltsenien dy't seit dat er aura's sjocht, beslist in leagener is. Wittenskiplik ûndersyk yn laboratoariumomstannichheden hat nammentlik oantoand dat wat guon lju oansjogge foar aura's, it bêste útlein wurde kin as in fisuële yllúzje, dy't bekendstiet as in neibyld. Dat is in soartemint echo wat eat dat sjoen wurdt (yn dit gefal in persoan), werjûn op it diel fan it each dat net stimulearre is troch it oarspronklike byld (dus: om 'e persoan hinne).
Neffens de gongbere opfettings yn 'e neurology kin it sjen fan neibylden ferskate oarsaken hawwe, wêrfan't de meast foarkommenden binne: epilepsy, migrêne en it gebrûk fan psychedelyske drugs, lykas LSD. Ek kin it bygelyks gean om optyske effekten feroarsake troch oandwanings oan it minsklik gesichtssysteem (eagen, ferbining tusken eagen en harsens en dat diel fan 'e harsens dat de input út 'e eagen ferwurket).
By ferskate wittenskiplike ûndersiken ûnder behearske omstannichheden is fêststeld dat der gjin bewiis fûn wurde koe foar it fermogen om aura's te sjen sa't dat yn new age-fermiddens opfet wurdt. It sjen fan aura's en fral it fêststellen fan wat dan ek op basis fan it sjen fan aura's en alle behannelings op grûn dêrfan wurde yn serieuze wittenskiplike fermiddens beskôge as in foarm fan pseudowittenskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |