Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Subkultuer

Ut Wikipedy

In subkultuer is in kultuer dy't him op spesifike punten ûnderskiedet fan de hearskjende kultuer. Subkulturen komme benammen foar by de jongelju (pubers). De oarsaak hjirfan is te finen yn de syktocht nei de eigen identiteit dy't mei dy leeftyd noch folop oan 'e gong is. Feitlik is sprake fan in subkultuer as der genôch wearden en noarmen binne dy't ôfwike fan wat oer it generaal as normaal beskôge wurdt.

Subkulturen hawwe eigen stilen, dy't utere wurde kinne mei oare klean en muzyk, mar ek troch taalbrûkme en politike foarkar. In subkultuer kin ek ûntstean troch groepen dy't har meiïnoar ferbûn fiele, bygelyks troch etnisiteit.

De kommersje leit him tsjintwurdich hieltyd mear ta op subkulturen, omdat jongelju troch bybaantjes en in protte bûsjild mear útjaan kinne as eartiids.