Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Alex Trebek

Ut Wikipedy
Alex Trebek
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Alex Trebek yn 2012.
Alex Trebek yn 2012.
persoanlike bysûnderheden
echte namme George Alexander Trebek
nasjonaliteit Kanadeesk
Amerikaansk
berne 22 july 1940
berteplak Sudbury (Ontario)
stoarn 8 novimber 2020
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Frânsk-Kanadeesk
Oekraynsk
reg. identiteit Frânsk-Ontariaansk
wurkpaad
wurksum as presintator, kwismaster
medium tillefyzje, radio
wurksum by CBC, NBC, CBS
bekend fan Jeopardy!
jierren aktyf 19612020
prizen 7 × Emmy Award

Alex Trebek (folút: George Alexander Trebek; Sudbury (Ontario), 22 july 1940Los Angeles, 8 novimber 2020) wie in Kanadeesk-Amerikaansk presintator en kwismaster. Hy wie fan oarsprong in Kanadees, mar makke karriêre yn 'e Feriene Steaten, dêr't er 36 jier lang de populêre langrinnende tillefyzjekwis Jeopardy! presintearre. Trebek wûn dêrmei sân Emmy Awards en groeide út ta in wier ynstitút fan 'e Amerikaanske tillefyzje.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trebek waard yn 1940 berne yn in twatalich Frânsk- en Ingelsktalich fermidden yn Sudbury, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Hy wie de soan fan George Edward Trebek (oarspronklik Terebejtsjûk), in kok dy't nei Kanada ta emigrearre wie út 'e Oekraïne wei, en dy syn frou Lucille Lagacé, in Frânsk-Ontariaanse. Syn earste baantsje hied er as pikkolo yn it hotel dêr't syn heit yn 'e koken stie. Trebek folge fuortset ûnderwiis oan 'e Sudbury High School (no Sudbury Secondary School), en learde dêrnei troch oan 'e Universiteit fan Ottawa, dêr't er yn 1961 ôfstudearre mei in bachelorgraad yn filosofy.

Noch foar't er alhiel ôfstudearre wie, krige Trebek yn 1961 al in baan by de CBC, de Kanadeeske steatsomrop. Yn 't earstoan wied er ynfaller foar eltse presintator en kommentator op 'e CBC-radio en -tillefyzje, en letter waard er op 'e radio nijslêzer en sportferslachjouwer. Yn dy lêste hoedanichheid fersloech er û.m. curling en hurddraverijen. Syn earste fêste wurk as presintator hied er yn 1963 yn in muzykprogramma dat Music Hop hiet. Syn earste tillefyzjekwis wie it berneprogramma Reach for the Top yn 1966. Yn 'e folgjende jierren presintearre er ferskate oare programma's, wêrûnder Strategy, in kwis foar folwoeksenen, en I'm Here Til 9, in moarnsradioprogramma.

Alex Trebek mei de Peabody Award dy't er yn 2012 foar Jeopardy! wûn.

Yn 1973 ferfear Trebek nei de Feriene Steaten, dêr't er oan it wurk koe as kwismaster foar it tillefyzjenetwurk NBC. Hy presintearre yn 'e 1970-er jierren ferskate Amerikaanske tillefyzjekwissen, wêrûnder Wizard of Odds, High Rollers en Battlestars op NBC en Double Dare op CBS. Yn 1984 sette er útein mei de kwis dêr't er yn 'e Feriene Steaten oeral húsriem mei wurde soe: Jeopardy! Dat programma soed er 36 jier lang presintearje. Hy wûn mei de kwis sân kear (yn 1989, 1990, 2003, 2006, 2008, 2019 en 2020) de Emmy Award foar bêste kwismaster en teffens krige er in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame by 6501 Hollywood Boulevard. Yn 2017 waard er ek beneamd ta ofsier yn 'e Oarder fan Kanada (OC).

Behalven as presintator wie Trebek ek aktyf as akteur yn films en tillefyzjesearjes, wêrby't er ornaris himsels as de presintator fan Jeopardy! spile. Sa wied er yn 1988 te sjen yn 'e film Rain Man, mei Tom Cruise en Dustin Hoffman, yn 1993 yn Groundhog Day, mei Bill Murray en Andie MacDowell, en yn 2000 yn Charlie's Angels, mei Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu. Ek hied er gastrollen yn ôfleverings fan searjes as Cheers, The Nanny, Seinfeld, The Simpsons (as stimakteur), Baywatch en yn twa ôfleverings fan How I Met Your Mother.

Trebek troude yn 1974 mei presintatrise Elaine Callei, mei wa't er gjin bern krige, hoewol't er har dochter Nicky adoptearre. It houlik einige yn 1981 yn in skieding, wêrnei't Trebek yn 1990 wertroude mei Jean Currivan, in makelder út New York, mei wa't er twa bern krige, Matthew en Emily. Trebek besiet in ranch by Paso Robles (Kalifornje), dêr't er racehynders fokte.

Trebek yn 2007 by in besyk oan 'e Amerikaanske Loftmachtbasis Kadena, op Okinawa, yn Japan.

Yn 1996 naam Trebek yn Jacksonville (Floarida) diel oan 'e estafette fan 'e Olympyske flam foar de Olympyske Simmerspullen yn Atlanta. Yn 1998 naam er de Amerikaanske nasjonaliteit oan, hoewol't er ek syn Kanadeesk steatsboargerskip behold. Yn 2001 skearde er de snor ôf dy't al mear as tritich jier in ûnderdiel fan syn imago foarme.

Yn jannewaris 2004 rekke Trebek lokkigernôch mar licht ferwûne doe't er op in ûnferhurde wei sûnder tsjinlizzers efter it stjoer fan syn pick-uptruck yn 'e sliep foel. Hy wie binnen fjouwer dagen werom yn 'e tillefyzjestudio foar it opnimmen fan ôfleverings fan Jeopardy! Yn desimber 2007 krige er in lichte hertoanfal, dy't him ek net fan syn wurk ôfhold. Yn july 2011 ferwûne Trebek syn achillespiis wylst er in ynbrekker efterfolge dy't er yn syn hotelkeamer yn San Francisco trappearre hie; neitiid moast er de foet seis wiken yn it gips hawwe. Yn desimber 2017 moast er koarte tiid yn it sikehûs opnommen wurde fanwegen ferwûnings dy't er oprûn hie by in fal.

Yn maart 2019 makke Trebek bekend dat der by him alfleisklierkanker fêststeld wie. Hy liet him dêrfoar behannelje mei gemoterapy en kankerymmunoterapy en gie troch mei it presintearjen fan Jeopardy! Mear as in jier waard syn sykte delbêde troch de behanneling, mar mids 2020 kaam de kanker werom. Yn july fan dat jier publisearre Trebek syn autobiografy The Answer Is…: Reflections on My Life. Hy kaam thús yn Los Angeles te ferstjerren op 8 novimber 2020 yn 'e âlderdom fan 80 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.