Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Minsklike migraasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Emigrearre)
Minsklike migraasje wrâldwiid yn 2014: ymmigraasjelannen binne oanjûn yn blau; emigraasjelannen yn oranje; grien is in migraasjelykwicht.

Minsklike migraasje is de geografyske ferpleatsing fan minsken fan ien plak nei in oar plak ta mei de bedoeling om har op 'e nije lokaasje tydlik of foargoed nei wenjen te setten. Ornaris ymplisearret it gebrûk fan 'e oantsjutting "migraasje" dat it om ferpleatsings oer langere ôfstannen en tusken ferskillende lannen giet, mar ynterne migraasje binnen ien lân is ek mooglik. Lju dy't migrearje wurde migranten of lânferhuzers neamd; sokken kinne yndividuën wêze, mar faak giet it om gesinnen of sels hiele famyljegroepen.

Nomadyske ferpleatsings wurde oer it algemien net oantsjut as migraasje, om't nomaden net de bedoeling hawwe en set har op 'e nije lokaasje nei wenjen. Boppedat binne sokke ferpleatsings faak bûn oan 'e jiertiden, sadat der allegeduerigen hinne en wer reizge wurdt. De measte fan oarsprong nomadyske folken hawwe harren libbenswize yn 'e moderne tiid trouwens opjûn. Likemin wurde oare tydlike ferpleatsings fan minsken, foar doelen as toerisme, beafeart, wurk of it reizgjen sels, as foarmen fan migraasje beskôge.

Migraasje kin sawol frijwillich wêze as ûnfrijwillich. Foarmen fan ûnfrijwillige migraasje binne bgl. etnyske suverings, slavehannel en minskehannel. It migrearjen út in lân wei wurdt emigraasje neamd en it migrearjen nei in lân ta hjit ymmigraasje. Dêrby giet it dus om deselde beweging, mar sjoen fanút ferskillende perspektiven. Lytse populaasjes dy't har ferpleatse nei in nij gebiet dat noch net troch (harren soarte) minsken bewenne wurdt, wurde gauris kolonisten of pioniers neamd. Lju dy't troch oarloch of ferfolging de wyk nimme moatten hawwe út harren heitelân, wurde flechtlingen neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Bibliography, op dizze side.