Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Albert Schweitzer

Ut Wikipedy
Albert Schweitzer

Albert Schweitzer (Kaysersberg, 14 jannewaris 1875Lambaréné (Gabon), 4 septimber 1965) wie in Dútsk arts, luterske teolooch, filosoof, musikus en sindeling.

Albert Schweitzer waard yn 1875 berne yn Kaysersberg, yn de noardlike, doe Dútske Elzas, it tsjintwurdige Frânske Haut-Rhin-departemint. Yn 1951 krige hy de prestisjeuze Fredespriis fan de Dútske Boekhannel en yn 1953 de Nobelpriis foar de Frede. Hy is, útsein troch syn medysk wurk yn Afrika, foaral bekend wurden troch syn filosofy oer kultuer en etyk, en as musikus troch syn stúdzjes en ynterpretaasje op oargel en piano fan de muzyk fan Johann Sebastian Bach.

Albert Schweitzer, tekene fan Arthur William Heintzelman

Albert Schweitzer wie wat in gammel bern, wat men oan de sterke, sûne man fan letter net ôfsjen soe. Hy wie ek, en dat is noch frjemder, let mei lêzen en skriuwen, en hy learde min. Dêrom twong hy himsels, doe't hy opgroeide, om krekt dy ûnderwerpen te behearskjen, dy't dreech foar him wiene, lykas Hebriuwsk. Op muzikaal flak wie hy wol tige bejeftige. Doe't hy 7 jier wie, hie hy al in psalm komponearre. In grut diel fan syn libben hat Albert Schweitzer trochbrocht yn Afrika. Nei foltôging fan syn medyske stúdzje yn 1913, gie hy mei syn frou nei Lambaréné ta yn Gabon om dêr in sikehûs te bouwen, yn de buert fan in sûnt 1872 besteande sindingspost fan it Amerikaanske Presbiteriaanske Sindingsgenoatskip. Dêr hat hy tûzenen minsken behannele en opereard. Der wie foarhinne yn dy regio noch gjin arts foarhannen en jierrenlang wie Schweitzer de ienige yn it heule sikehûs.

Earste Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1914 bruts de Earste Wrâldoarloch út en omdat hy Dútser wie op Frânsk territoarium waard hy offisjeel kriichsfinzen ferklearre. Nei in oantal moannen hûsarrest mocht hy, omdat de minsken no gjin medyske soarch mear krigen, syn wurk yn it sikehûs wer dwaan. Yn 1917 waarden hy en syn frou dochs noch as kriichsfinzenen ynternearre yn Frankryk, foarearst yn in kleaster yn Garaison en letter, yn 1918, yn St. Remy yn de Provence, ek yn in âld kleaster mei sikehûs, dêr't destiids Vincent van Gogh in tiidlang opnomd west hat. Schweitzer naam al syn twongen rêstperioaden te baat om fierder te wurkjen oan ûnder oare syn boek "Lultuer en Etyk". Hy seach dizze wrâldoarloch as teken fan ferfal fan de destiidske beskaving, as in bewiis fan syn oertsjûging dat in ûnferskillige, ûnneitinkende minskheid regeard wurdt troch de striid om kennis en macht ten koste fan oaren, en dêrmei hieltiten mear skuld op him ladet. Hy besocht te begrippen as 'leafde', 'tawijing', 'meilijen', 'dielgenoatskip' en 'solidariteit' wer op de aginda krijen, om de minskheid te stimulearjen om te libjen op in heger plan.

Nei de ein fean de oarloch, yn 1918, krige hy in baan as medysk assistint yn it Boargersikehûs yn Straatsburch. Dêrneist begûn Schweitzer wer yn syn âlde baan as helppreker yn de St. Nikolaitsjerke. Yn 1923 foltôge hy it boek "Kultuer en Etyk". Al yn 1919 waard hy troch Nathan Söderblom útnûge om nei de Peaske yn 1920 op de Universiteit fan Uppsala sprekken te kommen oer kultuer en etyk. Hy hie der in soad súkses mei en in soad sprekbeurten yn heul Europa folgen. Syn sprekbeurten en ek oargelkonserten wienen oars net allinnich foar it fersprieden fan syn gedachtegoed, mar ek om de nedige jildlike middels by elkoar te bringen foar it wurk yn Lambaréné. Syn eigen sparpot hie hy foar dat doel al foar in grut part oansprutsen.

Yn 1924 kamen Schweitzer en syn frou werom yn Lambaréné. Dêr moast hy alderearst it wyls ferfallen sikehûs wer opknappe, wêrnei't hy wer mei syn wurk fierder koe. Nei in skoftke krige hy help fan oare artsen en koe hy nei Europa gean as hy útnûge waard foar sprekbeurten of oargelkonserten. Geandewei krige syn wurk rûnom grutte bekendheid en ek wurdearring. Utsein syn filosofyske tinken spruts benammen syn wurk yn Afrika wrâldwiid ta de ferbylding.

Fan 1939 oant syn dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It grêf fan Schweitzer yn Lambaréné
Stânbyld Albert Schweitzer yn Dimter

Fan 1939 - 1948 waard hy troch de oarlochssituaasje yn Europa twongen yn Lambaréné te bliuwen. Nei 1948, trije jier nei de ein fan de Twadde Wrâldoarloch, koe hy wer frij reizgje, sprekke en konserten jaan, net allinnich yn Europa, mar ek yn de Feriene Steaten. Ofwiksele mei syn wurk yn Lambaréné bleau hy dit, foar safier syn sûnens it taliet, dwaan oant syn dea yn 1965. Hy krige yn 1952 de Nobelpriis foar de Frede en waard yn 1954 opnomd yn de eksklusive Dútske Oarder "Pour le Mérite". De lêste twa desennia fan syn libben spruts hy syn noed út oer de wapenwedrin yn de wrâld en it gefaar fan in atoomoarloch. Hy stoar op 4 septimber 1965 yn Lambaréné, 90 jier âld. Yn Dimter by de Brink is yn 1975 in brûnzen stânbyld fan Schweitzer ûntbleate fan Pieter de Monchy.

Oersjoch fan syn stúdzjes en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1893 - Studearret filosofy en teology oan de Universiteiten fan Straatsburch, Berlyn en Parys
  • 1900 - Helppreker yn de St. Nicolaikirche yn Straatsburch
  • 1901 - Haad fan it Teologysk Seminaarje yn Straatsburch
  • 1905-1913 - Studearret medisinen en sjirurgy
  • 1913 - Sindingsarts yn Lambaréné yn Gabon, Afrika, begjint mei de bou fan in hospitaal
  • 1917 - Ynternearring yn Frankryk
  • 1918 - Medysk assistint en assistint-pastoar yn Straatsburch (St. Nicolai Kirche)
  • 1919 - Earste grutte foardracht oer "Kultuer en Etyk", oan de Universiteit fan Uppsala yn Sweden
  • 1924 - Weromkommen as sindingsarts yn Lambaréné; bou fan in nij hospitaal oan de Ogooue rivier
  • 1927-1939 - besiket Europa geregeldwei foar sprekbeurten en konserten
  • 1939-1948 - Lambaréné, stridende troepen respektearje de neutraliteit fan it sikehûs
  • 1949 - Besiket foar it earst de Feriene Steaten
  • 1953 - Bou fan it leprasikehûs yn Lambaréné
  • 1954-1965 - reizen troch Europa wurde ôfwiksele mei ferbliuwen yn Gabon

Schweitzer as tinker en as minsk kinne eins net opspliten wurde yn segminten. Dêrfoar wiene syn tinken, oertsjûging en hanneljen tefolle ien. Foar in goed oersjoch is it lykwols dochs handich syn teologyske, muzikologyske, filosofyske en medyske wurk apart te beskriuwen.

It boek Geschichte der Leben-Jesu-Forschung, dat hy as jong teolooch publisearre, fêstige syn reputaasje as Nij Testamentikus. It ferskynde foar it earste ûnder dizze titel yn 1906. Yn dizze stúdzje fan eardere libbensbeskriuwings fan Jezus Kristus ynterpretearre hy it sprekken en hanneljen fan Jezus yn it ljocht fan dy syn eskatologyske oertsjûging. Hy keas dêrmei foar in grut part de side fan Johannes Weiss en dy syn wurk Die Predigt Jesu vom Reiche Gottes (1892). Schweitzer kaam yn syn boek ta de slotsom dat Jezus net sasear om syn lear (hoewol't hy de morele wearde fan bygelyks de Berchrede heech oansloech) as wol om syn wilskrêft it neifolgjen wurdich is, om in wollen dat neffens Schweitzer benammen rjochte is op de morele fernijing fan de minskheid. Hy fergrutte syn reputaasje mei in oantal oare nijtestamentyske stúdzjes, lykas Die Mystik des Apostels Paulus (1930). Hjirút blykt temear syn belangstelling foar de bibelske Messiaanse ferwachting, kristlike esgatology, ferlossing fan it lijen en de ferfolling fan it ûnthjit fan it Keninkryk fan God. Al wurdt syn wurk ek kleure troch in wat panteïstyske ynslach en troch syn belangstelling foar filosofyen.

"Wieder auf den schönen Orgel. 29-5-'52 Albert Schweitzer"Ynskripsje (1952) yn de lessener fan it Van Hagerbeer Oargel yn de Pieterstsjerke te Leien

Albert Schweitzer wie yn syn tiid in fermeamd organist. Hy wie tige ynteressearre yn de muzyk fan Johann Sebastian Bach en bestudearre ûnder oare de religieuze eleminten yn dy syn muzyk. Dêrút fuortfloeiend ûntwikkele en publisearre hy in ienfâldige, nofterene styl fan útfieren, wêrfan hy fûn dat soks mear paste by Bach en syn tiid. Dit wurke hy út yn it boek Johann Sebastian Bach, dat hy yn 1905 skreau op fersyk fan de Paryske organist en komponist Charles–Marie Widor. Schweitzers boek sette in trend yn dy't oant hjoed de dei de styl fan útfieren fan Bachs muzyk beynfloedet. Hy stie ek bekend om syn aktive belangstelling foar de konstruksje fan it oargel.

It kearnpunt fan Schweitzers filosofy is de term "earbied foar it libben". Yn syn eagen wie de beskaving yn ferfal fanwege in algemien gebrek oan de wil om leaf te hawwen. Nei syn fêste oertsjûging moat elts it libben earbiedigje en dêrmei ek leafhawwe. Hjirmei gie hy streekrjocht yn tsjin de dan benammen by de jongerein populêre filosofy fan Friedrich Nietzsche. Hy hie mear op mei de tinktrant fan de Russyske skriuwer Leo Tolstoj, waans wurk hy bewûndere. Fan syn tiidgenoaten binne guons dy't Schweitzers tinken fergelykje mei dat fan Fransiskus fan Assisy, wat hy net tsjinspruts. Syn persoanlike kredo wie

"Ik bin libben dat libje wol, te midden fan libben dat libje wol".

Mei 'libben' bedoelde hy elk libjend minsk, bist en ding yn de heule kosmos. Hy bepleite in soarte spirituele ferhâlding ta it grutte gehiel, seach dat as in foarm fan oerjefte oan it libben en oan de leafde ta alles wat libbet. Op dizze oertsjûging boude hy syn meast bekende teory oer "kultuer en etyk", wêroer't hy syn hiele fierdere libben by alderlei gelegenheden spruts. Hy hope dat hy dêrmei in wêzentlik bydroech oan in nije renêssânse fan de minskheid, in minskheid, bepleite hy, dy't neitinkt en him dêrtroch bewust wurdt fan syn kontekst, it omringjende libben, en dat mei in nije leafde en mei nije wilskrêft dêrnei hannelje soe. Autonoom neitinken oer de wierheid, de essinsje fan it libben, soe neffens Schweitzer resultearje yn it krijen fan de needsaaklike ynderlike krêft ta it dwaan fan nommele, ferheven dieden ten geunste fan alles dat libbet. Schweitzer waard alhiel respektearre foar it yn praktyk bringen fan syn eigen teory.

  • 1899 - Die Religionsphilosophie Kants
  • 1901 - Das Abendmahlsproblem
  • 1901 - Das Messianitäts- und Leidensgeheimnis
  • 1906 - Geschichte der Leben-Jesu-Forschung
  • 1911 - Die Geschichte der paulinischen Forschung
  • 1913 - Die psychiatrische Beurteilung Jesu
  • 1921 - Zwischen Wasser und Urwald
  • 1923 - Verfall und Wiederaufbau der Kultur
  • 1923 - Kultur und Ethik (5 dielen)
  • 1924 - Aus meiner Kindheit und Jugendzeit (autobiografysk)
  • 1924 - Das Christentum und die Weltreligionen
  • 1930 - Die Mystik des Apostels Paulus
  • 1931 - Aus meinem Leben und Denken (autobiografisch)
  • 1935 - Die Weltanschauung der indischen Denker
  • 1935 - Mystik und Ethik
  • 1958 - Frieden oder Atomkrieg
  • 1966 - Straatsburger Preken
  • 1967 - The Kingdom of God and Primitive Christianity '
  • 1974 - Gesammelte Werke. gearstald troch R. Grabs 5 dielen, útjouwerij C.H. Beck, München
  • 1980 - Straatsburger preken Utj./red. Neuenschwander

Oer Albert Schweitzer en syn tinken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Albert Schweitzer - Eerbied voor het leven - haadstikken út syn etyk, gearstald en ynliede troch Hans Bouma. Utjouwerij Voorhoeve.
  • 1966 - Die Lehre von der Ehrfurcht vor dem Leben, útjouwerij C.H. Beck (1966).
  • 1990 - Albert Schweitzer, World Citizen, útjouwerij La Nuée Bleue
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Albert Schweitzer fan Wikimedia Commons.