Theodor Mommsen
Theodor Mommsen (folút: Christian Matthias Theodor Mommsen; 30 novimber 1817 - 1 novimber 1903) wie in Noardfrysk dosint en professor yn de klassike fakulteit. Hy wurdt algemien beskôge as de wichtichste klassike histoarikus fan de 19e iuw. Syn wurk oer de Roomske skiednis is hjoed noch wichtich foar ûndersyk op dat mêd. Hy hat de Nobelpriis foar de Literatuer krigen yn 1902 en wie ek in politikus, as lid fan it Prusyske- en it Dútske parlemint.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mommsen is berne yn Garding yn Eiderstêd en is tein yn Bad Oldesloe. Hy wie earst professor by de Universiteit fan Leipzig waard yn 1858 lid fan de akademy en nei 1868 professor yn de Roomske skiednis oan de Universiteit fan Berlyn.
Hy hat mannich earbetoan krigen foar syn wittenskiplik wurk: de “ween Max”, it heechste militêre earbetoan yn 1868, eareboarger fan Rome, en de Nobelpriis.
Wittenskiplik wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De skiednis fan Rome: 1854 en 1856.
- Roomske grûnwet: (1871-1888)
- Roomsk Strafrjocht (1899)
Nobelpriis-feit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mommsen wie de âldste persoan dy't in literatuerpriis krigen hat (hy wie doe 85 jier) en ek de persoan dy't it leechste bertejier (1817).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Theodor Mommsen as „Klassiker der Geschichtswissenschaft“
- Biografyske beskriuwing
- Mommsens Roomske skiednis, Dútsk en Ingelsk, by Projekt Gutenberg
- Roomske skiednis in prive webstek
- tynge út dy tiid
- Phönix aus der Asche
- libbensrin, stambeam, sitaten, galery ... in priveewebstee fan de famylje Mommsen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Theodor Mommsen fan Wikimedia Commons. |
- Noardfrysk abbekaat
- Noardfrysk wittenskipper
- Noardfrysk ûnderwizer
- Noardfrysk skriuwer
- Noardfrysk sjoernalist
- Noardfrysk politikus
- Dútsk abbekaat
- Dútsk skiedkundige
- Dútsk klassikus
- Dútsk archeolooch
- Dútsk heechlearaar
- Dútsk publisist
- Dútsk sjoernalist
- Dútsk politikus
- Dútsk parlemintslid
- Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer
- Persoan berne yn 1817
- Persoan stoarn yn 1903