Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Karabyn

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 nov 2017 om 18.35 troch Drewes (oerlis | bydragen) ([[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
FN FAL-gewear - (lofts) it gewear, (rjochts) de karbyn/parasjutistefariant mei koarte loop

In karabyn is een gewear mei in ferkoarte loop en somtiids ek in ferkoarte kolf.

It wapen is ûntstien by de kavalery dêr't it lange musket ûnhandich meinimmen wie foar in ruter. Fanwege de matige kwaliteit fan de doetiidske pistolen waarden der ynkoarte musketten makke.

Yn de Earste Wrâldkriich die bliken dat lange en relatyf swiere gewearen by fjochtsjen yn krappe romtes net praktysk wiene. De parasjutistedifyzjes dy't yn it ynterbellum oprjochte waarden fregen ek in licht en sekuer wapen. De koarte karabyn wie geskikter mei te nimmen yn in transportfleanmasine as in lang gewear.

Nei de Twadde Wrâldkriich, oant yn de jierren '80, hie de Nederlânske ryks- en gemeenteplysje karabinen ta foldwaan foar gebrûk yn bysûndere omstannichheden. Njonken gewoane munysje koene der ek triengasgranaten mei fersketten wurde.

Ferneamde foarbylden fan karabinen binne de M4A1 Carbine, Mauser k98, M1 Carbine, Steyr-Mannlicher M1895, Lee-Enfield jungle carbine en de Colt Commando.