Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Gewear

Ut Wikipedy
SMLE nr 4 Mk1
FN FAL út 1955, letterlik 'Licht Automatysk Gewear'
Stg44-gewear

In gewear is in fjoerwapen mei in lange loop. Ofhinklik fan de soarte kin it brûkt wurde foar tige presys sjitten of it sjitten fan mear kûgels tagelyk as fluch efterinoar. De measte gewearen binne hânfjoerwapens, mar der binne ek lucht-, gas- of feardrukgewearen.

It earste wapen dat mei gewear ontsjut wurde mei wie de 15e-iuwske heakbus. Yn de 16e iuw waard de heakbus opfolge troch it musket en it fjoerroer, dy't alle trije al de klassike gewearfoarm krigen: in lange loop, in houten lade mei kolf en in fjoermeganisme.

Yn de kriichsmacht is it gewear sûnt de 18e iuw it "standerdfjoerwapen" fan de soldaat. It wapen wurdt ek foar de jacht, de sjitsport en persoanlike beskerming brûkt. Dat lêste is yn Nederlân ferbean.

In gewear mei koarte loop hjit karabyn.

Der binne gewearen foar ferskate tapassings:

Oarspronklik wie gewear it wurd foar eltse soart fan wapens: alles dêr't men him mei ferwearje koe.