Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Turfskip fan Breda

De list met it Turfskip fan Breda is ien fan de bekendste foarfallen út de Tachtichjierrige Oarloch. It late ta de ynname fan Breda op 4 maart 1590 en wie net allinnich in militêre, mar benammen ek morele oerwinning foar de troepen fan prins Maurits.

In print fan Jan Luyken dêr't it lossen fan it skip oa de noardside fan it kastiel te sjen is.
De ynname fan Breda yn fjouwer sênes

Yn 1568 wienen de Nederlannen yn opstân komd tsjin it skrikbewâld fan de hartoch fan Alva. Dit late yn 1581 ta de formele ûnôfhinklikheidsferklearring (sjoch Plakkaat fan Verlatinghe) en yn 1587 ta de stichting fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.

As reaksje begûnen de Spanjerts mei in offinsyf. Under mear Breda waard hast daliks ynnomd (sjoch Belis fan Breda (1581)). Nei de moard op Willem fan Oranje yn 1584 like it in kwestje fan tiid eardat de opstân ûnderdrukt wêze soe. De 18-jierrige prins Maurits naam it kommando oer de troepen oer, mar it leger fan de prins wie militêr te swak om de stêd Breda te weroverjen. De Spanjerts hienen lykwls nei de ferneatiging fan de Spaanske Armada wol sa't tsjinslach oprûn dat der foar Maurits nije mooglikheden kamen.

Yn febrewaris 1590 waard prins Maurits benadere troch de skipper Adriaen fan Bergen út Leur. Hy hie in plan iom de stêd yn te nimmen: as skipper farde hy faak mei turf nei it Kastiel fan Breda, dêr’t Spaanske troepen legere wienen. Omdat hy sa faak kaam, waard syn skip net mear kontrolearre. Hy soe sa in leger it kastiel binnen smokkelje kinne. Dit nei it idee fan it Hynder fan Troaje.

Prins Maurits seach wol wat yn it idee en liet Johan fan Oldenbarnevelt de details foar de útfiering regelje. Fan Oldenbarnevelt beneamde Charles de Héraugière as befelhawwer.

Op 25 febrewaris 1590 stie De Héraugière mei 75 man klear om ynskippe te wurden. Adriaen van Bergen hie him lykwols fersliepen en kaam fierstente let opdaagjen. Besluten waard om it de oare deis it nochris te besykjen. Diskear seach Adriaen fan Bergen de operaasje net mear sitten en luts him werom. Twa neven wienen lykwols ree om de taak oer te nimmen en de manskippen gienen oan board.

Yn it earstoan ferrûn de operaasje mei it tal grutte tsjinslaggen. Troch it barre waar duorre it mear as twa dagen eardat Breda berikt waard. Al dy tiid sieten de soldaten yn de kjeld te wachtsjen. Pas op 3 maart jûns waarden de grêften fan Breda binnenfearn. It skip waard troch Adriaen fan Bergen nei de wetterpoarte fan it Kastiel loadst. Ienkear binnen Breda drige in ramp: by in botsing rekke it skip lek en allinnich troch hurd te pompen waard foarkomd dat it skip sonk.

Om middernacht kamen de soldaten foar it ljocht út it rom. De besetters fan it kastiel waarden kompleet oerrompele. Hoewol’t se seis kear safolle mannen hienen, flechten de besetters of waarden se finzennomd. Oare lêzings fan it ferhaal sizze dat it kastiel fan Breda op dat momint in minimale besetting hie, meidat de Spanjerts yn de stêd karnaval fierden. Op 4 maart luts prins Maurits Breda binnen, wêrnei't de besetters har definityf oerjoegen. De Spanjerts besochten fuortdaliks om de stêd te weroverjen, mar troch kordaat yngripen fan Van Oldenbarnevelt, dy't de stêd direkt foarrie ynslaan liet, waard dat foarkomd.

De ynname fan Breda fêstige fuort de reputaasje fan Maurits as kriichshear. De Steaten-Generaal besleaten mear jild foar it leger beskikber te stellen, wêrtroch’t yn de folgjende jierren mear súksessen folgje soene.

 
Troch G. van Bijlaar yn 1590 getten sulveren peinje op it súkses fan it turfskip, útfierd mei oansoldearre stikelbaarchrâne, sadat de peinje dus mei fertoan droegen wurde koe. De peinje hat as yngravearre inisjalen N en I.

Oan it Chasséveld yn it sintrum fan Breda klei eartiids in sealesintrum dat ihet Turfschip hjitte. No is der, nei de sloop fan dit sealesintrum, in kompleks fan apparteminten, kantoaren, en in bioskoop boud, dat ek de namme Turfskip hat. Yn de gemeente Etten-Leur, it berteplak fan Adriaan fan Bergen, is in aktiviteitesintrum mei de namme Turfschip. Yn Breda is in strjitte ferneamd nei Adriaan fan Bergen, flakby de lokaasje dêr't it turfskip de stêd binnenfear.